Page 17 - havensbank2013_02

Basic HTML Version

Sybille is allike mûlryp as oerbeppe
Beits….
Yn ‘e maaityd fan 1977 hie ik yn de Grutte Mar in
singelier treffen mei in Ljip. It wie net samar in Ljip,
se koe prate as Brugman. Beits wie de namme en se
hie sawat oer alles en noch wat in eigen miening. Ien
kear thús makke ik hjiroer in ferhaaltsje foar de
Havensbank dat yn it maartnûmer fan datselde jier
pleatst waard. Yn it earstoan tocht ik noch wolris oan
Beits, dat skoandere, skrandere fleanbist, mar nei
ferrin fan tiid rekke se út myn tinzen wei, sa’t dat yn
it libben no ienkear giet. Oant ik op in jûn, in pear
wike ferlyn, myn ‘inbox’ leechmakke…
Tusken allerhande mailtsjes mei stoerske boadskippen
en ôfwaaid praat, wie der ien by dy’t der hielendal
útrûn: ‘Komst moarn-te-jûn sa tsjin 19.00 oere by
Trije Hikken, ûnder Warstiens? Ik ha in boadskip foar
dy. Leafs/ Sybille’.
Allemachtich, de muorren kamen suver op my ôf. Soe
ik dan op hege leeftyd noch in ‘date’ ha mei in
frommis dat harsels Sybille neamde? Dy nacht sliepte
ik krekt as de hazzen, mei de eagen iepen, rêst koe ik
net fine. Iere betiid der ôf, hurd noch nei de
skearbaas, sa tsjin skimerjûn de ferklaaiersklean oan,
in kaam troch ‘t hier, de slach yn ‘e rêch en op nei
Trije Hikken. Wat soe my dêr te wachtsjen stean?
It is tsjuster om my hinne, heal febrewaris, wat wolle
jo ek. De fûgels hear ik wol, bynammen guozzen, mar
ik sjoch se net. Foar ljippen, skriezen en strânljippen
is it ek noch fiersten te betiid, dy húsmanje noch moai
oan de westkust fan Afrika. Ynienen wyndert my wat
om ‘e kop. In flearmûs? Dan hear ik in stim: ‘Kom,
mei nei de hikke. Ik ha dy gâns te fertellen’.
Knoffeljendewei sykje ik it paad, it is in hiel karwei yn
it tsjuster. At ik hymjend mei de rêch tsjin de hikke
oan stean, sjoch ik einliks wa’t der niis tsjim my praat
hat..Hast deun tsjin my oan sit in prachtige, donkere
Ljip dy’t fuortendaliks it wurd nimt en dit foarearst ek
net wer út hannen jout.
’ Mei ik my foarstelle, ik bin Sybille, in Ljip út it
neiteam fan oerbeppe Beits. Myn mem, in dochter fan
Beits, ha ik ea fersprutsen om noch ienkearnei dizze,
ús och sa fertroude kontreien, werom te kommen.
Beits, sa sil ik har tenei neame, is oars raar oan har
ein kaam.. Nei ’t har produktive rite der op siet, hat
se earst noch in skoft yn in kommune yn Bakkefean
taholden, alhiel yn de sfear fan de tiidgeast yn dy
jierren. Doe ’t se fernaam dat se minder waard,
fernijde se ús dat se graach nei de westkust fan
Marokko woe, om dêr te stjerren.. Se hie dêr altyd
oerwintere, sei se, en de minsken wiene dêr altyd
goed foar har west. Mem en ik soene har beselskipje
op dy lange, drege reis.
Sa boppe Poitiers begûn Beits al gâns te pûsten en te
blazen, se hie it ein yn ‘e bek. Wy strutsen del ta in
koart pypskoft en, ik fertel it no oan dy, doe ha ik it
âld minske in lyts bytsje Epo tatsjinne.
Ommers, wy wiene noch mar op ‘e helte en de
Pyreneeën wachten ús noch. Doe sloech it needlot ta.
Beits wie in ein foarút, oanfjurre troch it stimulearjend
middel fansels. Doe hearden wy in knal, Beits koe it
net mear rjocht hâlde en skeat yn in dûkflecht nei
ûnderen. Wy seagen noch krekt hoe’t de skutter út de
boskjes wei kaam, Beits beseach en har doe rimpen
yn syn jagerstas treaun. Nei alle gedachten hat se har
ein fûn yn de fetpanne fan in Frânske Bask, it âlde
sloof’. Nei dizze lêste wurden hâldt Sybille it net mear
droech en faget mei har moaie, glinsterjinde flerk it
antlit ôf. Ut moederaasje wachtsje ik efkes en freegje
har dan:’ Hat Beits it noch wolris mei jo hân oer dy
goeie, âlde tiid, sa’n goed 20, 30 jier ferlyn’?
Sybille is no wer baas oer harsels en ferfolget:’ Op it
lêst hie se oars gjin praat mear as oer Wergea en
omkriten. Neffens my moat it hjir foar ús ljippen hast
wol de Hof van Eden west ha, mar dan sûnder slang
fansels. Se koe der net oer út dat de aaisikers hjir sa
fetsoenlik wiene, harren oan de foarskriften holden,
geduldich by in hikke wachten oan’t it aai op ‘e grûn
lei en de broeden op de slotdei lizze lieten. Wie der al
ris ien dy’t him hjir net oanhold, in wâldman bygelyks,
dan wie dy foar de rest fan syn libben tekene. Dy
hoegde hjir net wer te ferskinen. En yn dy jierren hie
jimme organisaasje ek in poerbêst bestjoer, mei
Sybren van der Vlugt as foarsitter, in Wergeaster pur
sang dy’t no yn Grou wennet. Hy bestie it om by de
fêste Kamercommissie voor Landbouw yn te sprekken
en dêr de stânpunten fan de BFVW mei fjoer en flam
nei foaren te bringen. Koartwei, in ‘icoon’ fan de
Fryske aaisikers.
Doe ek kaam de aaisikerskaart yn de moade. Foar in
grypstehealstoer wie dizze te krijen by ûnder oaren
ponghâlder De Groot yn de Händelstrjiite te Ljouwert.
Op sneon stie dêr in grutte rigele minsken ta de doar
út, suver oan’t op it trottoir. Wie men lang om let yn
‘e gong, dan seach men op it ein in net al te grutte
man sitten, oan in taffeltsje mei dêrop in âlderwetske
Remington. De aaisikerskaarten fleagen de doar út.
Ek De Groot wie mei rjocht en reden in boechbyld foar
de aaisikerij. Dat alles hat Beits my op it ein fan har
libben ferteld’.
En wer slacht de mankelikens ta by Sybille, at se oan
oerbeppe tinkt. Sa kin ik freegje: ’Hoe tinke jo oer de
hjoeddeiske gong fan saken yn de Fryske greiden, en
wêr giet dit op ‘e lange doerhinne?’ Se ferskikt in
eintsje en seit, net alhiel wis fan harsels: ‘Ik wyt it
net, ik wyt it net. De earste 3 jier kinne jimme wer
foarút en der meie ek justjes mear aaien meinommen
wurde. Mar dy walch fan in fint fan de
Faunabescherming, syn namme wol ik net iens
útsprekke, bliuwt op syn iepenst. Hy lit no al yn him
omgean om ek dizze ûntheffing oan te fjochtsjen by
de rjochter. Mar syn sin sil hy net krije, yn de
ivichheid net. De kompetysje tusken aaisiker en ljip
moat bliuwe, dan wint de iene, dan de oare. Mar ek
foar de horeca soe it in hurd gelach wêze at it sykjen
alhiel ferbeaun waard. Dizze sympatike bedriuwstak
hat it dreech yn dizze skrale tiden.
9