Page 25 - havensbank2013_02

Basic HTML Version

De Sportcolumn
Fan Akke Radsma oant Gertjan Verbeek.
Wat in frjemde titel sille jim wol sizze. No dat komt
omdat ik op dit stuit de column skreau op it strân fan
Kurasao. Anneke en ik binne bij ús dochter,
skoansoan en harren twaling, dy`t hjir wenje. Marjon
sylt de wrâldkampioenskippen yn de 5.5 klasse , in
10 meter lange iepen sylboat, hjir foar de kust, dat
wy passe op de bern. Lykwols is der tiid om sa no en
dan in ‘happy hour’ mei te meitsjen. Dat is tige
gesellich. In wylde samba op syn tiid, fleurige
minsken dy`t -sa earm as se binne- it wurd krises nea
yn de mûle nimme, 30 graden...it koe minder.
Yn de Amigoe, siz mar de Ljouwerter krante fan
Kurasao, stie in ferhaal oer roddeltsjes en feiten, en
dat die me tinken oan de prachtige stikjes fan Akke
Radsma froeger foar de Rono: Oer de Hage.
Moaie ferhaaltsjes, skreaun troch Paulus Akkerman, in
bytsje wier in bytsje betocht oer minsken út it doarp.
Ja hoe komt in mins op sokke tinzen... en doe moast
ik ynienen oan Gertjan tinke dy`t mei syn baas Toon
Gerbrands fan AZ nei Australië west hat om`t hy in
man is fan feiten, mar ek oer de hage sjen. Hy wol
alles mjitte, eltse training wer. Niks gjin roddels of
wazige oannamen, nee yn de topsport giet it om
hurde feiten oer: konditie, voeding, arbeid-rust
verhouding en sokssawat.
Hy neamde dy reis: Fact Finding Mission.
Gjin ferhalen oer froeger, nee ynnovearje, mar wol
oer de hage sjen wat der yn oare lannen en oare
sporten bart.
Hy gong nei Australian Footballclubs. Dizze
footballclubs, dizze trainers, en ik soe hast sizze dizze
wittenskippers binne de tiid fier foarút. Se mjitte op
trainingen en wedstriden alles- bynammen de
belêsting- wat je mar mjitte kinne, mei de nijste gps
systemen. De spilers ha in chip in harren shirt.
Yn ús lân binne no 6 Inno Sportlabs mei tige
ynnovative testfasiliteiten.
Wat hyl nijsgjirrich wie sei Verbeek wie it ‘leadership’
yn de kleikeamer. In pear spilers binne dêr de baas.
In trainer of bestjoerder hoecht immen dy`t der in
potsje fan makket net ta de oarder te roppen. Dat
dogge dy twa of trije lieders fan it team wol,en dat
wurdt troch elts net allinne akseptearre mar ek hyl
gewoan fûn.
Gertjan is nochal in man dy`t ‘krachttraining’ tige
wichtich fynt. Hy sil dêrfoar kommend jier nei it
mekka op dit gebied: Arizona ,Amerika.
Ja, minsken de wrâld wurdt lytser.
Ek.. Dan Tan Seet Eng sjocht oer de hage. Hy skynt
de baas te wêzen fan matchfixing yn de fuotbalwrâld.
Spilers en skiedsrjochters omkeapje en dan grof jild
sette op guon fuotbalwedstriden yn in hiele protte
lannen.
Froeger ha we noch wolris wat meimakke by it
hurddraven fan hynders. It skynt no yn in protte
sporten te barren. In miljarden yndustry wurdt der
sein.
No we it dôchs oer jild ha, ik ha noch in stikje fan de
finale fan de Super Bowl yn Amerika sjoen, tusken de
Baltimore Ravens en de San Francisco 49-ers.
As jo mei jo bedriuw dêr in 30 sekonden reclamespot
yn ha woenen, moasten jo 3 miljoen dollar betelje!
“Esun Ku hari delaster Aa hari mehor”, sizze se op
Kurasao, en dat besjút sokssawat as: Wie lacht niet
die de mens beziet.
Jappie Kooistra
Natoernijs
It is op dit stuit wat kwakkeljend waar, der koe yn
jannewaris wat riden wurde. Moandei 4 february wie ik
foar myn wurk it noarden yn en dan gean ik wol ris nei
it Noarderleech, dat is in prachtige wide wrâld mei in
protte fûgels. Der binne op dit stuit ek de measte
Blauwe Hoanskrobbers, ek doe wine der trije yn de loft.
De Noardskefalk wie ek oanwêzich, in prachtige
rôffûgel. Dêrnei moast ik op de Hijumermieden wêze,
dit is in grut iepen fjild rjochting de Dokkumer Ie. Dêr
sieten inkele tûzenen wulpen en dêr tuskenyn in protte
ljippen. Doe noch efkes nei de Wide Mar, dit is in
oanlein marke, dêr sit it soms grôtfol fûgels mar dizze
kear allinnich mar in hiele protte smjunten. Dit wie no
echt san moarn dat it wat op maitiid begjint te lykjen,
in moaie heldere loft mei sinne.
Troch Sjoerdtje har wurk by it Fryske Gea komt se
mei in protte natuer minsken yn ‘e kunde. Sa ek 8
manlju en froulju wêr se ien kear yn de moanne mei it
fjild yn giet. Dizze minsken binne hiel divers yn harren
kennis fan de natuer. It giet fan puoddestuollen,
beien, beammen, blommen, oant âlde famylje
skiednis út Beetstersweach ta. Ek by dit groepke sitte
2 mannen dy’t de einekoer flechters feriening mei
oprjochte hawwe. Dit allegearre ûnder de besilende
lieding fan, Gjalt de Groot. De feriening hyt “
de
Strampel
” en it is de bedoeling om minsken oan it
einekoerflechtsjen te krijen en dit slagget tige.
In einekoer is skynber wat aparts, se hearre by
Fryslân. At se dan rûnom hingje is de maaitiid oan
steande.
Eartiids doe ik mei bûtenlanners troch Fryslân ried om
mei harren fokfee te keapjen, hiene dy minsken der
niget oan en fregen fêst wat dat betsjutte en nei útlis
woenen se der ek efkes yn fiele, mar dat koe net by
eltse boer. Mar ik wist wol wêr’t it wol mocht en dan
krigen se ek noch wolris in aaike mei.
12