Page 27 - havensbank2013_02

Basic HTML Version

Ik haw it idee dat der minder guozzen yn it leechlân
binne dizze winter , oare jierren sieten der soms
tûzenen. Mar op 8 February haw ik efkes in rûntsje
makke en doe sieten der yn de pleats fan Jacobi in
hiele keppel ek by de Wit sieten in protte. Ik tocht, ik
ryd noch efkes efter de iisbaan lâns nei de
Himpensermar, wat dêr oan fûgelguod te sjen is. Om
te begjinnen, yn de Wergeastersfeart in pear hûndert
smjunten, fjirder in 50 roeken 65 ûnwaarsfûgels. Ik
koe in mantsje readewikel op fjouwer meter ôfstân
tige goed besjen, hy hie in ring om. Fierder op 9
hazzen en 4 swarte krieën by Reinder de Jong in 90
ljippen efter yn de pleats. Miskien wachtsje se al op
Reinder syn” plas dras” lân. Op de iisbaan sieten noch
in 70 markol’s.
In” hot item” is de skieregoes, men seit dat der te
folle binne. Men is fan heech ta leech yn de polityk
dwaande dit yn goede banen te lieden. It wurdt in
poepetoer om dit sa te dwaan dat de mienskip der
efter stiet.
De provinsje hat in fergunning ôfjûn om it ljipaai
sykjen foar trije jier feilich te stellen, dat foar ús as
aaisikers prachtich is. Mar der wurdt al wer aksje fierd
efter de skermen om, dit wer fan tafel te krijen. My
tinkt men kin yn dizze krisistiid it jild ek earne oars
foar brûke. Mar ek dit moatte we mar wer ôfwachtsje.
Joh. Sinnema seach op 31 jannewaris 80 ljippen by
Reinder de Jong by de pleats. Dêrnei kamen der rap
mear meldingen u.o. fan Piet Zwart. Ik winskje de
aaisikers alfêst in noflike tiid ta, want at de earst
folgjende Havensbank útkomt binne der fêst al aaien
fûn.
Sietse en Sjoerdtje
Tel: 058-2551761
Yn april wiene alle artikels klear, wie de opmaak op
oarder brocht en koene it printsjen en de organisaasje
fan de ferkeap yn gang setten wurde. Op 12 oktober
wie de hûs-oan-hûs ferkeap en rekken wy al in moai
tal boeken kwyt. Safolle, dat we al út de kosten
wiene. Se binne noch net allegearre ferkocht, mar it
sjit moai op.
Yn febrewaris hiene wy in jûn yn Us Doarpshûs oer de
Frico nei 1970. De sprekker wie âld direkteur Jan Bles
en Jan Kamminga joech nei it skoft útlis by in 50-tal
Frico-foto’s. De seal wie goed beset mei foaral ek âld
Fricowurknimmers.
Op 29 febrewaris ferstoar ús earelid Jelle H. Kooistra.
Hy hat fan ôf de oprjochting yn 1982 27 jier lang in
tige warber lid fan ús wurkgroep west. Hy is 90 jier
wurden.
Us argyf is foar it grutste part rubrisearre en
oersichtlik yn kaart brocht. Dit is noch altyd it wurk
fan Johannes Kooistra. Us frijwilliger soarget der
benammen yn de winterskoften foar, om hiel krekt en
hjir en dêr mei de nedige oanfollings ek de
ynkommende nije ynformaasje yn te bringen om it
argyf by de tiid te hâlden. Hy nimt de wurkgroep sa in
hoeke wurk út hannen.
It persoans- en groepsfoto-argyf is yn behear by
Wiepkje de Bruin. Sy hat de foto’s digitaal fan de
nammen fersjoen. In hûd fol wurk, dêr ’t se fûleindich
mei oan ‘e slach is.
Alle wurkgroepleden ha in USB-stick, dêr’t de digitale
wurkgroepdata elk jier op aktualisearre wurde. Sa
wurde de gegevens ferspraat bewarre en tsjin
mooglike kalamiteiten beskerme.
It doarpsfoto-argyf, no ûnderdak yn de argyfkelder yn
it gemeentehûs yn Grou, freget op ‘e nij ús omtinken,
no’t oer in tal jierren de gemeente Boarnsterhim
ophâldt te bestean en ferparte wurdt oer in tal
oangrinzjende gemeenten. It part dêr’t Wergea yn
leit, komt by Ljouwert. Wy ha út en troch kontakt mei
de gemeente-argyfaris om op ‘e hichte bliuwen fan de
ûntjouwingen, dy’t foar ús eigendom dêr fan belang
binne.
Dit jier hat de Wurkgroep wer ferskate minsken helpe
kind mei it finen fan ynformaasje of koe harren yn elts
gefal wize hoe’t se dy ynformaasje fine kinne. Ek
hawwe wy minsken dy‘t ús om foto’s frege ha, as dat
koe, holpen.
Finansjeel waard 2012 ôfsletten mei in batich saldo
fan € 7184,34
De giften oan de Wurkgroep bestiene út: tshirts, in
fabryksskelk, foto’s, tekeningen, skilderijen, artikels,
kranteknipsels, in boelguodboekje, spullen
Wergeaster Reed.
It stiftingsbestjoer bestie op 31 desimber út: Jan
Meinderts (foarsitter), Rinze Visser (skriuwer), Sjoerd
L. Spykstra (ponghâlder), Jan Swierstra, Nerus
Goïnga, Germ de Boer en Wiepkje de Bruin -
Steenbeek
Jannewaris 2013, Rinze Visser
Jieroersjoch 2012
De byienkomsten fan de
Wurkgroep yn 2012 ha
benammen yn it teken stien fan it
klearmeitsjen fan it nij út te
bringen boek.
13