Page 3 - havensbank2013_02

Basic HTML Version

Aleida hie in rol, wêr ‘t se hearlik “yn hingje” koe en dat die se dan ek mei faasje en ek Hessel spile wer net swak
by. Moai om te sjen hoe ‘t dizze beide minsken ús op treflike wize sjen lieten hoe as it der nei alle gedachten yn
mannich húshâlding om en ta giet. Wol wat opblaasd fansels!
Janke Alie spile al docht se net oars! Sa natuerlik. It einepikefel kaam je súver oer de rêch op it stuit dat ek sy in
board oan diggels doarde de smiten, trochdat se stikje by bytsje oerstjûge waard troch har broer, dy treflik
delsetten waard troch Bas.
Hearlik ûnferskillich, lizzend op de sofa, mar ûndertusken...........
Wat soms al wat spitich wie, dat Bas net altyd likegoed te ferstean wie, mar as der sa as eartiids op de ar-ti-ku-
la-asje omhammere wurde soe, dan soe der fan it ûnferskillige karakter ek net in soad mear oer bliuwe. Dus wat
dat oanbelanget wie it net steurend.
En dizze “youngsters” ha sjen litten dat Halbertsma de earste jierren net om toanieltalint ferlegen hoecht te
sitten.
Mar ek kinne we hjir in berop dwaan op tal fan regisseurs dy ‘t in knap nivo oan kinne. Sa ek Bert Sinnema, dy
as amateurspiler syn spoaren al fertsjinne hat en as regisseur no ek syn paadsje skjin faget.
Fansels waard Bert holpen troch Baukje van Wieren as: assistinte en ynstekster en derneist ek noch efkes de rol
fan tante Thé fertolke.
In treflike prestaasje fan dit team, dat ús meinaam troch in ferskaat oan emoasjes. Chapeau!
Ek de bouwploech hie der wer in strak dekor del spikere. It liket net in soad wurk, mar dat falt meast ôf.
Bynammen de itenstafel en stuollen koene it besjen mear as lije en ek it witerskalk wat fan ‘t plafond kaam en
dêrnei ek de lampe, wie wer tige fernimstich. It raam mei rollûk wie spitigernôch net opblaasd en wie yn
ferhâlding de lytse kant it neist en somtiden seach je spilers wachtsjen efter it raam. Mar no siet ik ek oan de
sydkant.
En as it funksjoneel wie dat it dekor yn de seal stie? My tinkt dat it de selde sfear ek wol krigen hie as it op it
poadium west hie.
Dêrneist hie it ek in moai soad wurk besparre en de preekstoel hie net yn ‘t paad hongen.
De technyk wie wer yn de fertroude hannen fan Meine Bijlsma en Folkert Sinnema, bystien troch Geert van
Wieren en jawol: Coba Sinnema. Eartiids stie se op ‘e planken en no efter de knoppen en soarge tegearre mei
Geert dat de “live” bylden kreas ta ús kamen op de muorren.
Om ‘t der gjin pauze wie gie it nei it stik fuortendaliks oer yn de ferneamde neisit. Mar ek de neisit wie wat oars
as oars nei de foarstelling. Troch de setting koene der mar 80 man publyk yn, dat sadwaande wie it gjin
“Struggle for live” oan ‘e planke en koe der noflik neipeteare wurde. Dûnsje koe mar op in beheind plak yn ‘e
seal, eins hielendal net, mar ‘k wol net leauwe dat ik dat mist ha, mar dat hat der dan ek mear mei te krijen dat
myn fisyk net op dûnsjen ynsteld is.
Dus wat my oanbelanget, in tige slagge jûn en in grut komplimint foar alles en eltsenien dy ‘t hjir by belutsen
wie. Foar ús as publyk is ‘t in noflik jûntsje, foar de meiwurkers in yntinsyf healjier en fral op ‘t ein sitte der
mannich man-(en frou) oeren yn sa ‘n produksje! (lokkigernôch ek in protte wille oeren), dus alle respekt en oan
’t takom jier!
Mathijs Mud
Ps: set alfêst yn ‘e aginda: 19 en 20 april, ienakters fan it Jongerein toaniel fan Halbertsma!
2