Page 31 - havensbank2013_02

Basic HTML Version

Winterwille
It kin net op de lêste jierren, Kening Winter hat it goed mei ús foar.
Op woansdei 16 jannewaris koe de hikke fan de iisbaan wer iepen.
Wol 10 dagen lang, wat in weelde!
Alle dagen wie der aardich drokte en ús iishokje is dan ek goed brûkt.
Wat is it hearlik om tuskentroch eefkes útrêste te kinnen mei in kop
poeiermolke en in koek. Mei help fan in oantal frijwilligers koenen we it
hokje hast alle dagen en jûnen wol iepen hâlde.
En yn goede gearwurking mei Jan en Wietse fan de “Rijdende Winkel”
hienen we de saken goed foar elkoar.
De media-gekte begong ta te slaan, komt de tocht as komt hy net.
Dêr ha wy ús net mei dwaende holden, wy koenen mei it ûnderwizend personiel
fan de Twamêster, tiisdei 22 jan. it skoalriden organisearje.
It wie knap waar, net te folle wyn, mar de sinne hienen we wol graach eefkes sjen wollen. Fan de 142 jonges en
famkes dy’t meidien hawwe binne dit de priiswinnaars.
Famkes groep 3/4
Jonges groep 3/4
Famkes groep 5/6
1.
Sascha de Bruin
1. Markus Zuijdendoerp
1. Anniek Terpstra
2.
Lotte Donderwinkel
2 Jilke Schilte
2. Dora Donderwinkel
3.
Lianne Postmus
3. Mees Bossema
3. Rixt Roersma
4.
Famke Sinnema
4. Michael Kwiecinska
4. Iris Kuipers
Jonges groep 5/6
Famkes groep 7/8
Jonges groep 7/8
1. Alwin Stecher
1. Silke Rietveld
1. Lammert Kalsbeek
2. Mechiel Rietveld
2. AnneWietske de Jong
2. Pieter Gerbens
3. Roy v.d. Zweep
3. Harmina de Jong
3. Nils Pol
4. Jarno Terpstra
4. Aline Wassenaar
4. Jeen Schilte
Dyselde jûns ha we foar de jeugd fan 12 oant 16 jier en foar de senioren in ôffalwedstriid holden en in marathon.
Der moat dan eefkes troch ien fan ús “ronsele” wurde om genôch dielnimmers op papier te krijen en ek dat
slagge dit jier wer. It leeftydsferskil wie behoorlik grut by de senioren, de jongste sa’n 17 jier en de âldste
dielnimmer dik oer de 70! Sa sjogge jo mar wer,
meidwaan is like leuk as winnen
.
It is jammer dat der mar in hantsjefol taskôgers oanwêzich wie mar mei elkoar ha wy in mooie jûn hân.
De jildpryskes koene om healwei tsienen hinne, troch foarsitter Gerrit Nijboer yn it iishokje oan de folgjende
dielnimmers útdield wurde.
Ôffal wedstriid Jeugd
Jonges
Famkes
1. Pieter Zwart
1. Harmina de Jong
2. Warner Mink
2. Silke Rietveld
3. Jens Boermans
Ôffal wedstriid Groep A
1. Sietse Kooistra
Groep B
1. Catharinus Schuurman
2. Klaas Kooistra
2. Christiaan Hobert
3. Hendrik Kooistra
3. Henk Ypma
4. Pieter Talsma
4. Johan Meinderts
Marathon Heren
1. Sietse Kooistra
2. Klaas Kooistra
3. Pieter Talsma
Krije we dizze winter noch in kear de kâns om de redens ûnder te binen?
As dat sa is, dan soe ik sizze; oant op ’e iisbaan!
15