Page 5 - havensbank2013_02

Basic HTML Version

Jeften
Wy moatte al jild by ús hawwe, oars pisje de hûnen
tsjin ús oan.
€100,--; A.M.-G.
€ 27,50; H.F.
€ 25,--; T.P.
€ 17,50; M.A.G.S.
€ 13,--; J.D.-K.
€ 12,50; J.H.-W.
€ 7,50; J.B.
€ 5,--; S.F.
Abonnementsgeld 2013
Er zijn nog steeds abonnees die het
abonnementsgeld t.b.v. € 22,50 over het jaar 2013
niet hebben betaald.
Zou u dit één dezer dagen willen overmaken op één
van onze rekeningen. De rekeningnummers staan
elders in de blad vermeld in ons colofon.
Voor degenen die reeds het geld hebben
overgemaakt geldt deze boodschap uiteraard niet.
Dank!
De penningmeester
Bêste Wergeasters,
Mear as 50 jier ha ik mei nocht en wille yn Wergea
wenne.
Earst boppe yn’e ‘duplex’ op de Nieuwoldstrjitte, dêrnei
in stikje fierder (neist Johannes en Freerkje en letter
Wietse en Jannie), mei de bern nei in ‘grut’ hûs.
Troch it ôfbrekken fan dy huzen moast ik 10 jier lyn
ferplicht ferhúzje nei de Stoppelaarstrjitte.
En no út Wergea wei, nei Akkrum.
It is oars, mar it is sa as it is en it is goed.
By dizze siz ik alle donateur- en lidmaatskippen op.
Groetnis,
Griet Sinnema-Boersma
Leppedyk 37, app. 305
8491 GJ Akkrum
Till.: (0566) 654763
It is fansels ferrekte moai as jo as “krekt pensionearre”
allinnichsteande man wrâldkampioen skutjassen wurde.
Mar spitich genôch hat dizze winst ek in skaadkant. Jo binne
fuortendaliks in Bekende Fries. En as Bekende Fries dûke de
media fuort op alle persoanlike gegevens. As dan jo leeftiid
wiidút kommunisearre wurdt bin jo nuver fan’t hynder. It
oerkaam de nije wrâldkampioen. In tebeksetter by it WK.
Hy ferklearret rûnom krekt út it wurk te wêzen, mei graach
op redens de Wergeaster Feart oer en in pilske drinke mei
jongfolk.
Mooglike kandidates foar in goede freonskip heakje no
miskien ôf by it witten fan de wiere leeftyd!
Mar út namme fan de redaksje fan herte lokwinske mei it WK
en Frans ek! Jo kin wat ús oangiet noch jierren foarút.
Shockwave ?
Guon beslissings fan minsken fan kwizekwânsje,
liede noch wol ris ta in skokgolf. Somtiden is dat ek
it doel fan in beslissing, mar net altyd.
Fan hearren en sizzen hie ‘k begrepen dat Betty fan
‘t Doarpshûs nochal ferbjustere wie, wat foar
reaksjes der út de wrâld kamen, nei ‘t se
wrâldkundich makke hie dat se oan ‘t ein fan dit
jier stopje soe as behearster fan it Doarpshûs.
Sa as Betty sei:
“nou, da ‘s oek wat. Nadat ik seit
had dat ik ging stoppen, houd Beatrix der met op
en een paar dagen later oek de Paus!
Sú dat nou aan mij lêge?!”
Snypsnaren
3