Page 1 - havensbank2013_04

Basic HTML Version

April2013
It hâldt net op
Skreau ik in pear jier lyn dat it Jongereintoaniel fan Halbertsma in geweldige
kweekfiver wie foar it grutte Halbertsma, de Iepenloftspullen en sa ’t letter bly-
kte, ek sels noch foar in film. Dit jier docht bliken dat it gewoan net ophâldt.
Mar leafst 34 spilers stiene der freedtejûn 19 april 2013, ferdield oer 4 ienak-
ters, yn’e Bidler op ‘e planken. En mei dat der safolle oan meidogge hat sels de
freedtejûns, kwa publyk, de lêste jierren in gâns gruttere opkomst. Mar wat
wolle jo ek, in groep fan 34 spilers jout ek mear pakes en beppes, mear heiten
en memmen en mear bruorkes en suskes en dan hawwe jo al gau in aardich
sealtsje fol. Mar dat fertsjinnet it Jongereintoaniel ek!
Fansels, it iene stik leit je better as it oare, is absurder dan ferstanniger en
dêrmei foar guon minder tagonklik as it oare, mar as jo dêrmei betinke dat it
allegearre selsskreaune stikken binne en mei ûnder de rezjy fan in groep
entûsjaste eigen regisseurs, dan kinne jo allinne mar grutsk op sa ’n grutte
groep wêze.
En dat it dit jier ek wer optilt fan de talinten is in lust om nei te sjen. Ik wol en
jo meie der gjin nammen apart neame, want it is wis dat guon jongsten, dy ’t
dan ek foar it earst meidogge, der somtiden noch wat skruten en knoffelich by
steane en wat muoilik te ferstean binne, mar dat lûkt it jier dêrop, as nei twa
jier, wol wer by. As jo no guon fan doe sjogge, dy ’t dat in jier as twa lyn ek
hiene en der no by steane; fan wa docht my wat en no goed artikulearje en
dêrtroch goed fersteanber binne, hoege jo dêrmei gjin noed te hawwen. It hat
in gouden greep west om sa ’n dik tweintich jier lyn in jongerein ûnderdiel fan
Halbertsma op te rjochtsjen.
It bûn fan Fryske toanielselskippen, en dan út de mûle fan de Karkommisje, sei
yn it lêste petear mei it bestjoer fan Halbertsma dat it yn Fryslân faai stiet mei
de oanwaaks fan jonge toanielspilers, mar doe ’t sy te hearren krige dat der yn
Wergea 34 jonge spilers oan it Jongereintoaniel meidiene, die dat har de mûle
iepen fallen, sloegen efteroer en foelen dêrmei fan harren stuollen, mar dat is
ek net sa muoilik fansels, want dêr binne it (âld) akteurs foar. Oare plakken
kinne mar jaloersk wêze op sa ’n grutte en hechte ploech fan jonge spilers, re-
gisseurs, tekstskriuwers, bouploechminsken, de hieltyd grutter wurdende
fynsten fan it lûd en ljocht, de froulju fan de smink en it hier en op de och sa
moaie kelder. Mei de stipe fan in pear “oudere jongeren” kinne wy allinne mar
sizze:
Chapeau Jongereintoaniel Halbertsma!!
De fisken yn myn eigen (kweek)fiver kinne hjir net oan tippe.
Jelle Dijkstra
Degusteren kun je leren
Dit jier wer twa wykeinen
teatsen Papier foar de
pjutten Soos, koart mar
krachtig!
Fietse en kuierje foar it goe-
de doel 25 maaie iepen dei
Sywart hat in nije site