Page 17 - havensbank2013_05

Basic HTML Version

We binne alwer folop los mei keatsen. It is noch net
waarm, mar ik leau net dat de bern der in protte lêst
fan ha. Se keatse omraak!
De earste federaasje partij wie op sneon 27 april yn
Reduzum. Sa’n earste federaasje sit je ek noch wat
mei it fuotbaljen, mar dochs bin der in pear
Wergeasters al hinne west. Femke Mud wûn de 2
e
priis by de pupillen famkes
Ek yn Goutum, sneon 4 maaie wûn Femke de 2
e
priis.
Freed 10 maaie federaasje yn Raerd:
1e pup. jonges; Lammert Kalsbeek.
2
e
pup. jonges; Bram Paulusma.
1
e
ferl.r. pup.jonges; Rik vd Veen.
2
e
ferl.r. pup. jonges; Mark Mud.
2
e
pup. famkes; Anniek Terpstra.
1
e
pup. famkes; Rixt vellinga (Wirdum).
2
e
skoalfamkes; Sophie de Wit.
1
e
ferl. r. skoalfamkes; Jinka Krist.
Sneon 18 maaie federaasje yn Jirnsum:
2
e
pup. jonges; Jesse Ypma
3
e
pup. jonges; Rik v.d. Veen
1
e
ferl.r. pup.jonges; Folkert Groen
2
e
skoalfamkes; Anke Pijl
Freed 17 maaie hiene we ús earste ledenpartij foar de
bern,
de Axtra partij
,
sponsore troch Axtra
voorzetapparatuur.
It wie droech, temperaturen ûnder de 15 graden, in
lange jûn foar de skoaljeugd, in moai protsje publiek,
genôch minsken die’t ús holpen.
Dus, in prima keatsjûn foar de bern om te keatsen.
Je ferjitte it wolris, omdat it sa gewoan is, mar Gerard
Sinnema stiet ús ek altyd by mei de jeugdpartijen. Hy
ferset in protte wurk en dielt mei wille de prizen út.
Hjir de útslach:
Kabouters:
3 partoer
1
e
Lotte Donderwinkel en Chris vd Sluis
(2
e
Frank vd Meulen en Twan Ypma en 3
e
Jort
Sinnema en Fenna Flapper)
Welpen B:
8 partoer
1
e
Hester Sinnema en Kyra de With
2
e
Rixt Roersma en Jilke Schilte
Ferliesersronde:
1
e
Floris Sinnema en Niels de Wit
2
e
Markus Zuydendorp en Eke van Summeren
Welpen A:
4 partoer
1
e
Hessel Gerbens en Mariska Zuydendorp
2
e
Wieger Krist en Dora Donderwinkel
Pupillen B:
5 partoer
1
e
Johannes vd Berg, Jorden Bonnema en Femke Mud
2
e
Anne Marijke Stoker (Wirdum) en Femke Roersma
Pupillen A:
4 partoer
1
e
Johan Hotsma en Rik vd Veen
2
e
Jesse Ypma en Jeen Schilte
Skoaljeugd:
3 partoer
1
e
Libbe Mud, Anke Pijl en Fenna Hotsma
Fansels mei tank oan alle help die we krije, want
oars slagget it net!
Der wiene dit jier net safolle reaksjes mei de
frywilligers briefkes. Ik bin der fan oertsjoege dat in
protte it fergetten binne yn te leverjen, mar dat dizze
minsken wol helpe wolle. It giet om ús bern dy’t dêr
stean te keatsen en dan fiel je je grif wol ferplicht om
efkes in kear te helpen! Dus as der ien fan ús bellet,
siz ja.
Dan no noch efkes de agenda foar de juny en july
2013:
Sneon 1 juny: Federaasje Huizum – 12.00 oere
Snein 2 juny: De profab partij foar de bern –
9.00 oere (sponsor Profab montage- en
timmerbedrijf)
Sneon 8 juny: federaasje Grou – 12.00 oere
Snein 9 juny:
de Teye en Rika de Boer partij foar
senioaren – 11.00 oere (sponsor
ambachtsbakker Teye en Rika de Boer)
Sneon 15 juny: federaasje yn Wergea – 12.00
oere
Sneon 22 juny: federaasje Akkrum – 12.00 oere
Snein 23 juny: welpen partij KNKB yn Wergea –
10.00 oere
Moandei 24 juny: keatsclinic foar âlders troch
keatsskoalle Mid Fryslân – 18.30 oere
Snein 30 juny: Astrid Beker partij foar de bern –
9.00 oere (!) (sponsor Astrid sportprijzen)
Moandei 1 july: lêste trening foar de bern foar de
simmerfakansje
Tiisdei 2 july: lêste competitie trening foar de simmer
fakansje
Woansdei 3 july: lêste selectie trening fan it seizoen
Snein 7 july: Boarnsterhim partij senioren yn Raerd –
14.00 oere
Dan is it fakansje, mar fansels stiet de
1
e
klas partij
KNKB foar de manlju
, de merke partij ek op it
programma
, snein 4 augustus, 10.00 oere
.
Wy wolle jim noch efkes wize op de partij fan 30 juny.
Dizze begjint om 9.00 oere
en net om 13.00 oere.
Dit is troch fersin ferkeard yn it reade programma
boekje kommen. Set it yn jim agenda!
Ek wol ik de âlders freegje de prizen fan harren bern,
wûn op federaasje- as KNKB wedstriden, troch te jaan
oan Sietie.
Oant safier, we sjogge jim wer op de fjilden,
Keatsbestjoer kv ’t Oosten, Wergea
9