Page 7 - havensbank2013_05

Basic HTML Version

Sportcolumn
Petear yn ‘e klaeikeamer
Kiper:
Sa wer efkes in wedstriid fuotbalje. Ik hie
leaver op it strân lein.
Ik moat der noch al hurd foar wurkje foar dy
pear sinten, jimme barre folle mear.
Spits:
Dat komt om`t er net folle ferskil is tusken op
it strân lizzen en yn dy goal fan dy omhingje.
Dy tsien tûzend yn de wike is hiel wat foar dy
pear baltsjes dy`st tsjinhâlde moast. In spits
fertsjinnet mear, dy is wichtiger foar it team
hat it ek slim te ferdoarjen bytiden.
Middenfjilder yn in rút mei de punt nei foaren:
Wat fertsjinnest do dan?
Spits:
In ton yn ‘e moanne. Smoarch fansels. Wat
hast do trouwens in reade harsens
middenfjilder, hast wer oan `e troep sitten
fansels, it is mar goed dat se yn Spanje dyn
bloedsel fernietige ha want do wiest fansels ek
klant fan dy doping dokter. Operation Puerto
is mislearre om`t de rjochter beslist hat dat
alle sekken mei ferrikt bloedsel - in protte
hemoglobine - troch it goatsgat spielt wurde
moast. Sjoch do makkest fan ús allegearre de
measte kilometers en dan hast wat ekstra
reade ‘bloedlichaampjes’ nedich.
Middenfjilder mei de punt nei efteren:
Ik ha in pear wiken lyn op it feest fan
Cambuur west. Skitterjend dat dy ploech
kampioen wurden is. In prestaasje fan Henk
de Jong, dy is syn heit Pierke út de mûle
weirûn. Hy hie teminste in plan B. It is takom
jier wat in fiere reis nei Ljouwert mar ik ha der
sinne oan, ha der noch in skarreltsje sitten.
Lêste man:
Ha, ha Patricia Paay tink, of Heleen fan Royen.
Fansels, we ha wol kâns bij sokke froulju want
fuotballers mei harren poen binne hot. Sokke
betoefte froulju sille wol frjemde meneuvels
by it frijen ha tinke jimme ek net? Hawar links
back, wat hast do in pleisters op ‘e kop.
Links back:
Ik bin fannacht mei de auto oer de harsens
flein. Ik hie in bacootje te folle op en doe
miste ik in bocht. Net fjirder fertelle hear, oars
is it moandei by Johan Derksen op tafel. Ik sis
dat ik út bêd wei fallen bin om`t ik sa
dreamde oer de wedstriid fan straks.
Rjochter spits:
Stil bliksem, dêr komt de trainer.
Trainer:
Hearen goeie middei. Ha jimme der wat sinne
oan, bin jim der klear foar?
Allegearre:
Ja trainer.
Trainer:
Moai sa. Lit ús noch in pear ôfspraken by lâns
gean . Kompakt spylje mei in protte ynset.
Jimme witte ik sprek leaver net fan ynset mar
fan
mindset
. Stiet jimme mind der ipen foar
in topper te spyljen, in topwedstriid weryn wij
rjocht dogge oan ús
identiteit
fan in ploech
dy`t fjochtet oant se der by del falle, konform
ús
statement:
bloed yn `e sokken, bloed
yn ‘e eagen.
Noch efkes oer it nije seizoen. Jimme krije in
nije trainer, ik kin mear jild yn it bûtenlân
fertsjinje. Ik ha wol begrepen dat de measten
fan jimme ek efter de oaljedollars oan fleane.
Spilers, ha jimme de wedstriid al
emaginaire
, ik bedoel ik ha jim as húswurk
opjûn om de wedstriid alhiel yn`t foar yn
jimme tinzen te spyljen: hoe fuotballet myn
tsjinstander, hoe moat ik der op antisipearre,
hoe is syn taktyk en technyk, komt er
meastentiids nei binnen as nei bûten, hoe
rinne syn en myn maten,“looplijnen en
ballijnen”, wa wol de bal yn ‘e fuotten ha en
wa yn `e djipte, ensafuorthinne.
Allegearre:
Ja trainer.
Trainer:
Moai sa dan gean ik no nei it fjild. Set `m op
mannen. Toi, toi, toi!
Linker spits:
Tsjin hokker ploech moatte wij eins?
Rjochter spits:
Dêr fregest sawat. Giest do trouwens nei
Chelsea takom jier?
Ik bin yn petear mei in Spaanske ploech, mar
mei fan myn saakwaarnimmer noch neat
sizze. Wat bist do stil rjochts back.
Rjochts back:
Myn wiif hie justerjûn in min sin sei gjin bekfol
en gong betiid op bêd. Doe ha ik dat boek
lêzen fan Andy fan der Meyden. Tsjonge wat
hat dy keardel in froulju hân.
Allegearre:
Bliksem, de skiedsrjochter fluitet, we moatte
mar efkes in baltsje skoppe. Der sitte tritich
tûzend minsken op ús te wachtsjen. Eh, wat
seinen jimme sakrekt...tsjin hokker ploech
moatte we eins?
Columnist: De wichtichste taak fan in coach is de
spilers allegearre op deselde bledside te krijen, jildt
ek foar bestjoerders fan in klup, ferieniging, of
organisaasje!
Jappie Kooistra
4