Page 1 - havensbank2013_06-07

Basic HTML Version

Juny/July 2013
Sywart
Op de Suderseewei nei Ljouwert krij ik it waaralarm fan it KNMI mei. Unwaar en
reinwetteroerlêst. Moai is dat, ik sil jûn nei it Iepenloftspul.
Thús de ljochten mar oan. Der is in soad praat op de app oft it Iepenloftspul
jûn, 20 juny, wol trochgean sil. Op de site fan it Iepenloftspul lês ik dat it wol
trochgiet. Prachtich dat der aktuele ynformaasje op stiet.
De reinklean moatte we net ferjitte sis ik tsjin Johan. Oankaam by it Media-
park lizze dy fansels noch thús. Ik haw der sin oan: op Facebook en Twitter
meitsje se my al wiken nijsgjirrich.
Rudi hjit ús wolkom op it Mediapark, ik moat laitsje om de fans dy’t by de cara-
van sitte (der wurdt my frege oft ik in pankoek wol). Dêr stean je dan neist sa’n
Donald Duck út Disneyland, mar dan is it Sywart. -Klik -wy ek op de foto mei
Sywart. Yn ‘e loads wurdt ús oandacht al lutsen, minsken laitsje noch wat
foarsichtich om’t se har ôffreegje oft dit derby heart. In minút letter is it wol
dúdlik dat it derby heart.
De earste bus mei fuort. Sponsors kinne it neffens my net better foarelkoar
hawwe as yn Wergea. De tourguides krigen alle kopkes nei links en rjochts.
Se sille wol goed oefene hawwe want troch it stean op de tsjilas stienen se
mei de holle tsjin it dak oan en it rút siet wat leger…
Ik fielde my as ien dy’t troch it mediapark fan WarnerBros Movieworld rûnlaat
waard. Op ynstruksjes fan de befeiliging haw ik mar gjin eachkontakt socht mei
de akteurs.
It stik is basearre op de film de Truman story, Sywart wurdt al fan syn geboarte
ôf filme en eltsenien dêr’t er mei omgiet is in akteur. Alles is “nep”. Syn fleur en
nijsgjirrigens nekke de soap. Hy wol derop út en krijt troch dat der eat net
kloppet. Unwaar, brân en fjoer hâlde him net langer tsjin. De pastoar die my
oan Don Camilio tinken (in boek oer in âlde doarpspastoar út Itaalje mei itselde
postuer en foarkommen). De ferhoalen reklame fan syn frou is hingjen bleaun:
Slicer Dicer.
It doarp wie dus it dekôr, der barde oeral wat. De oe’s en aa’s oer de lokaasje
wiene net oerdreaun. It pittoreske Warstiens wie hjir mear as geskikt foar.
Ik hearde yn ‘e bus werom ferskillende lûden. Neffens my ha je it dan goed dien
want je kinne noait wat meitsje wat eltsenien geweldich fynt. Sang en dûns
hawwe wolris mear oanwêzich west waard der sein. Ik fyn dat wat der oan sang
en dûns wie, dat dit der goed bypaste. It wie moai om te hearren en te sjen.
Ek wie it in goed ding dat Grietje fan it poadium ôfhelle waard. Dikke plom foar
dizze byrol! Sywart fûn himsels in hampelman. Sywart en eltsenien dy’t hjir oan
meiwurke hat, binne abslút gjin hampelmannen!
Ik haw in prachtige jûn hân en dat myn tas mei reinklean thús blean is wie
gjin ramp. It wie prachtich moai waar.
Jacoba de Wolff – fan fan Sywart
It is wer merke! 50+?
Doe het veilig!
Linkse kroade
Bloed fan Riemer
Jeugd boerenstraatgolf
Stjoer jo merkefoto!