Page 11 - havensbank2013_06-07

Basic HTML Version

Op 16 maaie binne wy mei in man as 5 nei Murk
Nijdam west. Dizze man buorket ûnder Wommels op
in frij âlderwetske manier. De kij steane noch op in
âlderwetske stal en der wurdt noch mei de kroade
mjukse.
Op dizze wize krije jo in protte rûge stront, dat is foar
it beien libben poer geskikt. Mei in boatsje gongen wy
nei in oanlein gebiet wêr’t in protte wetter op stie, it
tilde op fan de fûgels. De kluten en wytstirnsen
sieten tsien meter fan ús ôf. Op 40 hektare hat
Nijdam 100 span skriezen mar ek ljip en tjirk dogge it
goed. Nei in pear prachtige oeren binne wy yn de auto
stapt en nei hús riden. Under it genot fan in gleske
hawwe wy de middei noch even oereide en kamen ta
de konklúzje dat dit de peareltsjes binne dy ‘t hoede
en noede wurde moatte.
Der komme stadichoan mear fan dizze gebieden en
dat is in goed ding. Ek yn ús eigen fûgelwacht krite
hawwe wy in pear sompige plakjes en it docht echt
fertuten. De greidefûgels hawwe oer it algemien in
goed briedseizoen, wy hiene by ús in protte skriezen
flean fluch ek de strânljip gie goed.
By bourman Jaap siet in feallemiggesnapper
(grauwevliegenvanger) yn it hok te brieden en dêr hat
hy wat aardige fotos fan makke.
Dit fûgeltsje kin net
sjonge mar hat in hiele
moaie manier om iten
te fangen, hy sit op in
pealtsje of stekje en
sjocht er dan in migje
dy pakt er en giet
werom nei syn
opserfaasje post.
Dit wie’t foar dizze kear.
S. en S. de Groot
tel: 058-2551761
It skoallekeatsen fan de gemeente Boarnsterhim
waard dit jier ferkeatst yn Wergea. In lange dei, mei
moarns de partoeren fan de skoallen tsjin innoar, siz
mar ôfdieling keatsen en middeis troch innoar lotsjen.
De organisaasje wie yn hannen fan Gerrit Groen,
Anno Wytsma en Gerard Sinnema. Mei help fan
frywilligers is alles goed slagge!
En oer it waar sille we it mar net ha (alhoewol it wol
droech wie).
De útslach fan it ôfdieling keatsen moarns:
Famkes:
4 partoer
1
e
OBS It Tredde Sté (Jirnsum): Dian Dijkstra en Iris
Douma
2
e
KNS de Reinbôge (Tersoal): Jildou Ekema, Marieke
vd Put en Mirthe Dijkstra
Jonges:
4 partoer
1
e
De Twamêster (Wergea): Pieter Gerbens,
Bram Paulusma en Hedser Mud
2
e
De Twa Fisken (Grou): Wietse vd Berg, Werner
Veenstra en René Bootsma
(De jonges fan de Twamêster gean troch nei it Frysk
kampioenskip!)
De útslach fan it troch innoar lotsjes middeis:
Famkes
: 6 partoer
1
e
Sanne Smit en Nynke Boersma
2
e
Luna Terra en
Geeske vd Meulen
Jonges:
13 partoer
1
e
Rutmer Zwart en Jeen Schilte
2
e
Adne Jan Sinnema
en Jildert Zijlstra
3
e
Nick Potijk
en Werner de Vries
3
e
Tjardi Hoeksma en Mark van Dijk
Ferliezersronde:
1
e
Johannes Gerben Brinksma en
Mechiel Rietveld
2
e
Rinse Jan de Groot en
Roy vd Zweep
Ôfdieling federaasje freed 31 maaie yn Reduzum:
2
e
Mariska Zuydendorp, Siska vd Sluis en Hester
Sinnema – welpen famkes
3
e
Hedser Mud, Folkert Groen en Bram Paulusma –
pup jonges
2
e
ferl.r Nick Potijk, Jan de Boer (en Adne jan
Sinnema, foel blesseerd út) – pup jonges
Federaasje Húzum sneon 1 juny:
2
e
Jeen Schilte - pup jonges
6