Page 3 - havensbank2013_06-07

Basic HTML Version

Iepen dei “Zakelijk Wergea” 25 mei
2013
It begûn moarns wol in bytsje tryst. Troch it beset
wêzen fan guon strjitten, koe De Kriich mar in lyts
rûntsje troch de buorren meitsje en fuort dêrnei, om
goed tsien oere hieten foarsitter Simen Pyt Hotsma
fan “Zakelijk Wergea” en Teake Kloosterman,
foarsitter fan Pleatslik Belang Wergea, mar in
hantsjefol minsken wolkom op it Reade Plein. Mar it
waar siet ek perfoarst net mei, in kâlde hurde
noardweste wyn spile ús de hiele dei parten en dat
wolle jo einliks net hawwe op 25 maaie!! Fierder
wiene der dizze deis ek noch festiviteiten yn Goutum
en Ljouwert, miskien dêrom dat der minder minsken
(moarns) op ‘e proppen kamen.
Mar de dei wie der net minder om. In grut ferskaat
oan bedriuwen en ferienings diene harren doarren
iepen om sjen te litten wêr ’t hja mei dwaande binne.
En dat liicht der net om. Fan alle kanten lieten
Wergea en omkriten sjen, dat wy noch hieltyd
beskikke oer in grutte kearn fan bedriuwen en
ferienings en dat sa tichteby de stêd Ljouwert, én wêr
’t wy grutsk op wêze meie. Alle saken hiene harren
doarren iepen dien en sa seagen jo fan tichteby de
geweldige trekkers, de nijmoadrige tafels en stuollen,
de kreaze ynbou fan in kruser, tekeningen fan nij te
bouwen as te ferbouwen wenten en gean sa mar
fierder. Mar men koe ek motorride, in rûnrit meitsje
mei hynder en wein, as yn in molkpream oersetten
wurde fan it eartiidse Fricoterrein nei de Nieuwe Hoek.
Dêr waarden einekoeren fljochte en om it libben
ielrikke.
Koartsein in geweldich barren en fansels foar
werhelling fetber. Wûnder boppe wûnder bleau it hast
de hiele dei droech, mar geandewei de middeis waard
it hieltyd kâlder, mar lykwols hieltyd drokker. Om
goed fjouwer oere gongen de doarren fan ‘e Bidler
iepen. En doe begûn it stadichoan hieltyd mear te
reinen. En mei sa ’n kjeld is in fertoef yn De Bidler
woldiedich, dêr koene jo je efkes lekker opwaarmje,
Mar wat noch moaier wie, hjir stie ús in feiling ta eare
fan Tour4life te wachtsjen. Wat der feild waard is
minder wichtich, mar wol de wize wêrop.
Feilingmaster Hylke Tholen presentearre it ien en it
oare, krekt as wie it syn deistich wurk. Dizze
jongkeardel sille wy yn dizze kwaliteit grif nochris sjen
kinne.
Al mei al in prachtge dei en “Zakelijk” Wergea hat him
fan it boppeste buordsje sjen litten. Ien lyts
minpuntsje is de kommunikaasje, as de PR. Dit hie yn
myn eagen better kind, net allinne in plattegrûn fan it
hiele barren yn it blêd MiddelPunt, mar ek yn ús eigen
Havensbank hie moatten. En yn de lêste dagen noch
in struifolder by de doarren del oer it ien en it oar hie
in goede saak west.
Jelle Dijkstra
OPROP
LEUKSTE – GEKSTE – MOASTE MERKEFOTO 2013
Stjoer dyn merkefoto op nei ús en wa wit komt dyn foto
yn ‘e folgjende Havensbank.
De foto’s dy ‘t we útsykje litte we ôfdrukke, bringe we
lâns en de foto komt dus yn ‘e Havensbank.
Oant yn ‘e tinte!
De redaksje
2