Page 5 - havensbank2013_06-07

Basic HTML Version

Jochem Douwenga wie in echte
Wergeaster
Oars as pommeranten, foaroanmannen en lju fan
kwizekwânsje, waans ferstjerren yn de parse
wiidweidich omtinken kriget, binne der ek minsken
dy’t harren hiele libben yn itselde doarp tahâlden ha,
dy’t eltsenien kin en dy dan samar, fan de iene dei op
de oare, der net mear binne.
De beïerdiging lûkt net folle folk, de klok liedt noch al:
‘Wa soe der op ’t hôfkomme? Fêst gjin Wergeaster,
oars hiene wyder wol fan heard’. Mar it wie wol
immen út eigen doarp. De oare deis koene wy yn ‘e
krante gewaar wurde dat Jochem Douwenga, 75 jier,
ferstoarn wie en dat, op eigen fersyk, de begraffenis
yn lytse rûnte plakfûn hie. In (te) sober ôfskie fan in
man dy’t, op de lêste jierren nei, it strjitbyld fan
Wergea foar in grut part stâl jûn hat.
Op ‘e fyts nei brêge of Havensbank foar in praatsje,
ûnderweis nei ien fan syn hillige húskes om in bak
kofje of nei it fuotbalfjild foar in wedstriid fan Wergea
1? Jochem wie erflik op ’n paad.
Wa’t de Havensbanken út de sechtiger en santiger
jierren der op nei slacht, komt der al gau efter dat
Jochem guon ‘indoorsporten’ ek mear as treast wie.
Skutjassen yn it Doarpshûs, by Hedzer of yn it
Parochiehûs? Syn namme as priiswinner waard
geregeldwei neamd yn de útslagen fan ús
doarpskrante.
Mar Wergeaster Merke wie foar him wol it
hichtepuntfan it jier. De spulbazen koene noch safolle
rûge apen, horloges,earmbannen, bearen of klokken
ynslein hawwe, at se Jochem oankommen seagen
wiene se der wis fan dat se yn de koartstmooglike tiid
troch harren negoasje hinne rekken. Want Jochem wie
tûk, sawol yn de sjittinte as mei de griper, om fan it
draaiend rêd en de bommenwerpers mar net iens te
praten..
Syn âld-wurkjouwerVan Slooten, it eartiidske
pipermuntsjefabryk, hie ek noch in adfertinsje yn de
Ljouwerter Krante pleatst. En dat wie terjochte. Want
yn de tachtiger/njoggentiger jierren liende Jochem
syn namme oan in spesjale produksje fan harren
autodrop: Oldtimers. Om’t dêr gâns reklame omhinne
makke waard, stie Jochem ynienen ek yn de
publisiteit. En dêr gong hy mar wat linich mei om.
Jochem Douwenga is 75 jier wurden, hat 75 jier
Wergeaster west en is yn lytse rûnte te hôf brocht.
Mar wie dy rûnte net al te lyts?
Wiebe Sinnema
Dochs noch hommels ferstoarn ús Neef
Jochem Douwenga
* Wergea 06-08-1937
† Ljouwert 24-06-2013
Pietje Sträter – Brandsma
Sjoerd Wartena
Skriuwadres:
Haskerfinne 14
8465 RJ Aldehaske
1,2,3,4,5,6……….306
Ook wij waren zaterdag 25 mei op de open dag
van Zakelijk Wergea!
Ons gemist? Kom eens langs op de repetitieavond op
donderdag in het Dorpshuis
of neem een kijkje op onze website
www.dekriich.nl
De uitslag van het noten-raad-spel was:
306
De winnaars zijn:
Floris Sinnema, de Skuorre 9, Wergea
Geke de Boer, Wijbengastrjitte 1, Wergea
De CD bon wordt binnenkort bij je bezorgd, van
harte gefeliciteerd!
3