Page 9 - havensbank2013_06-07

Basic HTML Version

SPORTCOLUMN
De Sysmex XE-2100: de bloedmasine
Wy binne wer prachtich op fakânsje west by ús
dochter, har man en twilling op Kurasao.
De twilling docht it mar bêst, mar wat wolle jo ek mei
moai waarm waar, in protte wyn, it strân foar de doar
en it wetter 25 graden.
Op it eilân ha ik mei trije seksy jongelju en in
profesjonele filmer in bysûndere videoclip makke by
myn liet en roman: ‘Melodie van een Eiland’.
Jimme kinne him sjen en harkje op you tube of op
google: gewoon yntoetse: melodie van een eiland en
dan fine jim him wol. Hy stiet ek op myn facebook.
We ha ek in cruise makke nei Panama, Columbia en
Venezuela. Der sieten in tûzend minsken bynammen
út Midden- en Súd Amerika op it skip.
Waarmbloedich folk, mar boppe-al freonlik en
gesellich. Spontane feestfierders, geweldige
sambadûnsers. En ik koe merke dat sokke dûnsen in
protte kondysje freechje!
De wichtichste sport yn dy lannen is fansels fuotbal,
se binne der gek mei, wat in emoasje!
De supporters steane as hynders heech yn it bloed!
Mar dat der no in protte ûnrêst is yn bygelyks Brazilië,
demonstraasjes op de televyzje ferwûndert me net, it
ferskil tusken in lyts groepke riken en de poer earme
massa is grut. Dêr kin straks gjin mins -by wize fan
sprekken- nei de wedstriden fan it WK want de prizen
binne no al foar in protte lju net te beteljen.
De twadde sport op Kurasao is honkbal, no ja doe`t
Nederlân it sa goed die mei de EK en WK kaam dat
foaral troch de Kurasaose spilers yn ús team.
Sels yn de krante fan Kurasao waard der skreaun oer
Sc Heerenveen. Veenstra is fuort, koe ek net oars,
mar dat betsjut net dat no alles koek en ei is.
Der moat ek fjirder skjin skip makke wurde!
In nije start, op nei moai fuotbal en de subtop fan de
earedivyzje.
Prachtige wedstriden tsjin Cambuur! Supporters yn
beide kampen ha der sin oan. De earste
weddenskippen binne der al set. Op nei in moaie
sportsimmer.
Wimbledon...ha we noch wol goeie tennissers of wie
Richard de lêste?
De Tour de France. Hoe sjogge we nei alle alteraasje
no nei de bergetappes?
It sil me nij dwaan hoefolle der op Epo en sa pakt
wurde. Ik bin tige skrokken fan de berjochten dat er
noch in protte troep brûkt wurdt.
No, en dan it ferhaal fan de NRC sjoernalisten dat de
Rabo in jier as wat lyn in bloedmasine hie: De Sysmex
Xe-2100.
Michael Boogerd krige bloed fan syn broer Rini en wûn
doe samar de swiere Alpen etappe nei La Plagne. De
masine joech oan hoefolle nije bloedlichaamjes en
hemoglobine der by yn koe foardat er pakt wurde soe
op doping.
Ha, ha, miskien ha jimme ek wol immen yn de
famylje wêr`t jim bloed fan krije kinne sadat jimme
noch better fuotbalje, kuorbalje, tennisje of
klaverjasse.
Dy masine jout wol oan hoefolle der yn kin sadat
jimme troch de doarpsgenoaten net oansprutsen
wurde op doping.
Der geane geruchten dat Veenstra pas opstapt is
nei`t er oan de masine lein hat en bloed krigen hat
fan Riemer. Net tefolle, de man moat ek fjirder mei
syn libben, mar dat hâldt sa ’n apparaat wol yn ‘e
gaten.
Achte lêzers, ik winskje jimme allegearre in noflik
waarme simmer mei in protte wille en sûnens!
Jappie Kooistra
Natoernijs
Sijke en Hendkje hiene beide in broed, in pear ekers
fan elkoar ôf. En om’t se om de beurt mei harren
manlju de aaien útbriede moasten, hiene se somtiden
wol efkes tiid te praten. En dan kaam it ferhaal al gau
op eartiids.
Sijke sei: Hendrikje myn foarâlden holden fan âlds op
it Wyldlân ta, dat wie in prachtige krite foar ús soarte
folk. Ik ha myn beppe der faak oer praten heard. Se
sieten der mei grutte famyljes by elkoar. Dat wie lân
dêr waard buorke en weide troch de Wartena jonges
fan ‘e Burd. Dêr siet iten by de rûs yn ‘e grûn mar dat
is net mear it gefal. It is no te earm en te rûch. It
Fryske Gea hat it net goed yn behear foar ús.
Eartiids sei ús beppe dat der in protte aaisikers dizze
kant op kamen foaral fan de Wergeaster kant. “Mar
Sijke“ sei Hendrikje, fûnen dyn âlders dat net aaklich”
Nee seine se, mei in pear wike binne se wer fuort en
dan hiene se dy hiele grutte krite foar harren sels”.
Beppe hie in suster, dêrfan koene se de aaien nea fine
die ferrifele dy mannen altyd. Mar Hendrikje moast
begripe, flak by ús mem siet Pietsje snip op fjouwer
aaien en in stikje lân fjirder Ybeltsje hoants. Us mem
fûn de hoantsen wat aparte fûgels se seine nea wat.
It tilde op fan de skriezen en tjirken. Beppe koe der
altyd smaaklik oer fertelle as der in rôffûgel oer kaam
dan hong de hiele loft fol fûgels. Hy krige gjin kâns
om oan de grûn te kommen. Beppe sei der wie ien
rover der hiene se in hekel oan dat wie in murd as dy
in pear jongen hie pakte hy gauris in aai of in pyk.
Der is in protte feroare Sijke sei Hendrikje en no sitte
wy hjir yn it Ald-Skroet mar hjir rêde wy it ek wol
wer. No je, wy moatte de mannen mar efkes ôflosse,
goeie.
5