Page 11 - havensbank2013_09

Basic HTML Version

STICHTING WURKGROEP WERREGEA ALD-WERGEA NIJ
Tentoanstelling
Op sneon 5 en snein 6 oktober hâldt de Wurkgroep in
tentoanstelling yn de Bidler.
De útstalling is wat oars as oars dizze kear:
1.
Foar it grutste part binne der groepsfoto’s fan nei 1945, dêr’t wy graach de nammen by fine wolle. Graach
mei jimme help. By elke foto leit in list wêr’t dy nammen op ynfold wurde kinne.
2.
Op it toaniel hawwe wy noch wat aardichheden útstald, dy‘t yn de rin fan de jierren by ús brocht binne.
3.
Op it balkon is in trochrinnende foarstelling te besjen fan sa’n 75 foto’s (± 45 minuten)
4.
Der is in sitsje by de bar om efkes by te kommen fan alle ynspanningen, en foar in kopke tee of kofje of wat
oars (foar eigen rekken).
De tagong is frij, mar wy ha in bus by de doar foar in frijwillige bijdrage foar it bestriden fan de ûnkosten en foar it
stypjen fan ús wurk foar Wergea
Wy binne iepen op:
-
sneon 5 oktober fan 13.30 - 20.00 oere
-
snein 6 oktober fan 11.00 - 17.00 oere
Oant sjen op 5 en 6 oktober.
Ut namme fan de wurkgroep,
Rinze Visser,
skriuwer
Brandwonden zijn de meest ernstige verwondingen die bestaan. Wij zetten ons actief in
om brandwonden te voorkomen en het leed als gevolg van brandwonden tot een
absoluut minimum te beperken. Daarom zet de Nederlandse Brandwonden zich in op 3
gebieden met sterke ambities:
Bevorderen van:
1. preventie van brand en brandwonden. In Nederland woon, werk en leef je veilig
met een minimumrisico op brand(wonden) letsel.
2. de kwaliteit van zorg aan mensen met brandwonden. Gericht op een snel en zo
volledig mogelijk herstel.
3. de kwaliteit van leven van mensen met brandwonden, in de vorm van nazorg.
Dit jaar komen de collectanten van 6 tot 12 oktober weer bij U aan de deur. Zij zijn de drijfveer om er weer een
fantastisch collectejaar van te maken. Geeft U ook?
Maaike Zwart - van der Wal
Collecteorganisator
SZDRNZLL
Dit wykein fan 27,28 en 29 septimber hawwe wy ús iepeningswykein!
Mei freed Tjeerd Abma, sneon coverband NOISE en
sneins Wergeaster talinten: down, downie and the duckface.
Yn dit bjusterbaarlike wykein kin eltsenien ek de ‘nije’ soos bewûnderje! De hiele simmer binne wy mei tal fan
frijwilligers dwaande west mei it opknappen fan de needste jeugdsoas fan ‘t noardelik healrûn. Via dizze wei wolle wy
al ús frijwilligers noch ris ekstra bedanke foar harren ynset, it wie geweldich!
What’s next? 11, 12 en 13 oktober ha we us jierlikse après ski wykein. De jurkjes wurde wer hiert, de pullen komme
fan souder en de soos komt wer fol mei biertafels. It belooft wer in prachtich wykein te wurden!
p.s. Net ferjitte! Hâld allegearre de site en de havensbank goed yn ‘e gaten foar de kaartferkeap fan Vangrail! Sy sille
30 novimber it dak fan De Bidler der wer ôfspylje!
See you @szdrnzll! Lekkâh!
It szdrnzll bestjoer
6