Page 13 - havensbank2013_09

Basic HTML Version

Berjocht
Midden augustus is tijdens meerdaagse wedstrijden in
Venlo Sander Terpstra uit Warstiens Nederlands
juniorenkampioen zweefvliegen geworden.
Door de juiste keuzes te maken wat termiek betreft,
behaalde hij het kampioenschap.
Sander, in grootse prestatie!
Gefeliciteerd!
Sander staat geheel links op de foto
”Neisimmerwille”
It swimtrepke is it ôfrûne
jier al aardich fersliten,
want sawat de hiele
simmer koe der, wat it
waar en wettertemeratuur
oanbelanget, swommen
wurde.
Ek yn septimber hiene we
noch in waarme rite en koe
der noch hearlik dobbere
wurde, wylst de skaden
alwer langer wurde.
De fotos bin ynstjoerd
troch Jan Mulder.
Ut ‘e panne fan
Marianne Sinnema
Us mem Marianne, makke ‘gesondheitsbrij’ of
pareltsjesbrij op ‘hoogtijdagen’.
Sa’n ‘hoogtijdei’ wie it útfanhûzjen fan har
suster Hil en sweager Geert út Dokkum. Ien
kear yn it jier koe omke Geert syn brugge yn
Dokkum efkes oan in oar oerlitte om op ’e Solex
nei Wergea te riden om dêr in pear dagen te
útfanhûzjen. Moarns sei mem tsjin my: “toe
juh, helje do tante Hil efkes fan de bus dan ha
ik de kofje klear. Mei alle leafde helle ik har fan
de bus. In lyts parmantich wyfke da’t in moai
huodsje op hie. ‘Gearmd’ rûnen we nei de
Kleistrjitte 10, wêr’t mem mei de kofje klear
siet. As omme Geert in oere letter arrivearre,
hie tante Hil alle blommen fan mem al ûntdien
fan deade bledsjes en blomkes. “Do moast der
tsjin prate, Marjanne, dat fine se fijn”. As mem
no noch libbe hie, dan hie se sein: “Ja, duhhh”.
In fêst ûnderdiel op it menu wie
‘gesondheitsbrij’. In mingsel fan baaisop, groat,
rezinen en krinten. Hearlik! In oar fêst
ûnderdiel, wêr’t ús mem ek ferneamd om wie,
wie de bitterkoekjespudding. Ik fûn it
ferskriklik….
Ik tink dat se it hiel gesellich hienen mei syn
fjouweren want fêste prik wie dat omme Geert
de lêste dei sei: “Hjoed is it galgemaal”.
En nei in pear dagen stapte hy wer op de solex
en brocht ik tante Hil wer nei de bus.
Rimmy Tijsma-Sinnema
100 gr groat (parelgort)
1½ liter wetter
2 dl. baaisop
75 gr. krinten en/of rezinen
75 gr. sûker
Stroai it groat yn it siedende wetter en lit dit
sachtsjes 2 oeren siede.
Doch dan de baaisap, de krinten/resinen en de
sûker der by en sied dit alles noch in ½ oere
oant de sop dik mar floeiber is.
7