Page 17 - havensbank2013_09

Basic HTML Version

Wergeaster film op Omrop Fryslân
Foarich jier maaie gong de film Merke Blues yn
premjêre op in tige feestlike jûn yn de Bidler.
Sa as jim witte is it in spylfilm dy’t troch
wergeasters makke is. De film draaide al op
tal plakken yn Fryslân, neist doarphuzen ek op
festivals lykas Notfall, de Sneker Filmwinter en
it iepeningsfestival fan it nije filmhûs Slieker.
Earfol wie ek de útnoeging foar it European
Minority Film Festival te Husum, Noard
Dútslân. Hawar, we hiene de film best noch
wat faker 'útsutelje' wollen mar de ûnderfining
fan it meitsjen wie al goud wurdich en we
binne der net by ynsketten.
Mar no! Us film wurdt yn twa dielen op Omrop Fryslân fertoand en wol op:
Sneon 5 oktober fan 18.20 oant 18.50
Sneon 12 oktober fan 18.20 oant 18.50
En sa as gebrûklik bij de Omrop wurdt it dan alle oeren herhelle, de hiele nacht troch.
Ha jim de film noch net sjoen (hiel ûnwierskynlik...) of wolle jim him nochris sjen? (In stik wierskynliker…)
Sit dan op tiid klear foar de tillevysje of stel de recorder yn. Aardige of minder aardige reaksjes kinne jim
altyd stjoere nei merkeblues@gmail.com of twitter: MerkeBlues. De website is
In noflike oere tawinske!
Boppeseal Movies Wergea,
Frans, Jan, Rimmy
Twirlteam De Kriich stopt
Helaas heeft de vereniging De Kriich het besluit moeten
nemen om te stoppen met het twirlteam. Het laatste jaar
is het ledental drastisch afgenomen en verschillende
manieren om leden te werven hebben helaas niets opgeleverd.
Sinds de zomervakantie zijn er nog maar drie meisjes die deze
sport uitoefenen en dat is te weinig om de kosten eruit te halen.
Wij vinden dit wel heel jammer omdat het twirlteam altijd een
belangrijk onderdeel van De Kriich was. Het team was actief
bij het jaarlijks donateursconcert en zomerconcert maar
presteerde ook niet onverdienstelijk op wedstrijden in het land
van de NTSB (Nederlandse Twirl Sport Bond) . De twirlsters hebben daar verschillende prijzen
gewonnen.
Wij willen hierbij met name de trainster Beitske Zwerver bedanken voor haar inzet voor het twirlteam .
Met haar inzet en enthousiasme heeft ze de twirlsters veel geleerd en de sport voor Wergea ontwikkeld.
We vinden het jammer dat het nu zo eindigt en hopen dat het twirlen niet als sport in ons dorp
verdwijnt en het binnen een aantal jaren hopelijk weer ontdekt wordt.
Namens de Vereniging De Kriich,
Jacoba Minkes en Petra Slaterus
9