Page 7 - havensbank2013_09

Basic HTML Version

Nieuws van Pleatslik Belang
Pleatslik Belang is voornemens
om in oktober middles
automatisch incasso de
contributievan 2013 af te schrijven.
Collecte KWF Kankerbestrijding 2013
De collecte voor KWF Kankerbestrijding heeft
€ 1079,70 opgebracht. Met het geld dat de
collectanten hebben opgehaald, blijft KWF
Kankerbestrijding zich inzetten voor minder kanker,
meer genezing en een betere kwaliteit van leven.
Tachtig procent van de opbrengsten wordt besteed
aan onafhankelijk onderzoek. KWF Kankerbestrijding
krijgt daarvoor geen subsidie van de overheid.
Samen met patiënten, onderzoekers, artsen,
donateurs en vrijwilligers voeren wij de strijd tegen
kanker. Ondanks de resultaten hebben wij nog een
lange weg te gaan, want helaas overlijden er nog
jaarlijks 38.000 mensen aan kanker.
Wetenschappelijk onderzoek blijft daarbij nog steeds
heel hard nodig. Maar zonder geld geen onderzoek!
Wie de collectant heeft gemist, kan alsnog een gift
overmaken op giro 26000 t..n.v. KWF
Kankerbestrijding in Amsterdam.
De KWF-afdeling Wergea dankt iedereen voor zijn of
haar bijdrage.
Maria de Geest
Gé Strampel
SPORTCOLUMN
De totale mens!
Der binne misken dy geane nei in toanielstik ta, in
klucht bygelyks, om ris lekker te laitsjen. Der binne
ek minsken dy geane nei de theaterrevue fan André
van Duin of Teake van der Meer. As se mar laitsje
kinne, en dat is yn dizze barre tiden fan recessie net
ferkeard. Sommigen meitsje in praatsje mei in
doarpsgenoat om`t dy sokke moaie ferhalen of
moppen hat.
Ik moat jim sizze dat ik it measte laitsje om ús
bondscoach: de rju eale Louis van Gaal.
De lêste kear hie der it oer ‘
de totale mens’
, dat wie
tige wichtich yn de topsport: net útgean fan allinne
mar technyske en taktyske aspekten mar ‘de totale
mens’.
Hy brocht dat wat frjemd yn de praktyk: Wesley
Sneijder waard de grûn ynboard en hy sei dat it
trainer wêzen fan it Nederlânske team in
offer
wie.
No ja hij bart in miljoentsje en dêr komme de
bonussen noch oerhinne, mar lykwols hy brocht in
offer as heechste man fan de fuotbalpiramide oan it
Nederlânske folk troch de 11 bêsten fan dit lân te
trainen en coachen. Jo komme net wer by.
Ik skriuw dizze column op 15 septimber. De dei nei it
fantastyske wetterwille wykein yn Warten. Dat wie fan
bestjoer en frijwilligers ek topsport!
15 septimber. Dus ik wit net hoe`t dêr by Heerenveen
– Cambuur ôfrûn is. De beide klups dogge it
geweldich, by de Sc Heerenveen waait mei dhr.
Sporre bestjoerlik in frisse wyn, en ik tink dat
Cambuur mei Lodeweges de goeie trainer keazen hat.
Beide manne geane yn ferskate funksjes út fan de
totale klup, c.q. team: we moatte it mei-inoar dwaan.
Lokkich is de hannel einliken dien en kinne der gjin
spilers mear ferkocht of kocht wurde. In skandaal! Op
1 augustus moat dat stopje, mar ja de oaljemannen
sille wol oars beslisse.
Gareth Bale gong yn de lêste wike foar 100 miljoen
nei Real Madrid.
Ik ha it ien kear meimakke dat in kuorballer in pear
skuon oanbean krige en ik leau dat der in spits yn
Wergea is dy`t ek ien kear in hiele outfit oanbean is.
Goeie silers krije wolris in nij túch, en ik ha ea in
riderspak krigen foar de hynderkoersen.
100 miljoen Europeesk jild foar in fuotballer yn tsjinst
fan in Spaanske bank, no ja de ‘totale mens’ sille we
mar sizze.
Yn de Ingelske tabloids wurdt byhâlden wat de man
per minút fertsjinnet sûnt dy lêste moandei fan
augustus. En se jouwe dan foarbylden wat de man
dan allegearre keapje kin.
Nei ien oere in nije fyts, nei in dei in nije auto, nei in
moanne kin hy alle grûn fan Grut Palma keapje en ek
noch soarchje dat it fytspaad fan de Grousterdyk oan
Warten ta giet.
De heit fan Labyad it jeugdtalint fan PSV ferkocht syn
soan fan 18 foarich jier yn it ramt fan de totale mens
oan in klup yn Portugal en barde foar de tuskenhannel
2 miljoen. Sytse de Groot hat it der oer om fan de kij
oer te stappen op fuotballers.
Der is noch jild genôch yn `e wrâld want ik lies krekt
yn myn ‘Paardesport’ dat der in keppel jaarlingen
ferkocht binne (1 jier âld dus) foar sawat 200.000
Euro.
Ik woe noch graach ris in hurddraver keapje mar dat
kin allinne as myn roman: ‘MELODIE van een EILAND’
de winkel útfljocht: fanôf moandei 7 oktober.
Louis van Gaal soe wol sizze: Dreamen hearre ek by
de totale mens.
Jappie Kooistra
4