Page 1 - havensbank2013_10

Basic HTML Version

Maart 2013
Z@PP op Rigt
Op Rigt Wiersma har Facebook stie in pear wike lyn dat sy in span-
nend aventoer temjitte gong.
Heech tiid dat wy hjir it fijne fan te witten komme. Dêrom geane wy nei
Eagum; in bakje tee letter haw ik al in aardich idee fan har sprong yn it
djippe krigen. Puberruil Z@PP is in programma dêrst in wykein lang ruile
wurdst mei in oare puber. Do krijst om sa te sizzen it libben fan in oar dyst
noch nea sjoen hast. Fan tefoaren witst ek net wêrst hinne giest en mei
wa ast ruilest fan libben. Sterker noch, de kamerafrou en programmamak-
ker komme om dy op te heljen en yn de auto krijst it lêste kertier in blyn-
doek om!
Dat alles wurdt fansels moai monteard en op ‘e nasjonale tillevyzje úts-
tjoerd. Ik freegje oan Rigt wat no presys in puber is. Even letter nei wat
lûdop neitocht te hawwen komme we ta de konklúzje dat in puber fan ge-
drach feroaret. As ik oan har freegje oft sy ek feroare is yn gedrach: ‘Nee,
net echt leau ik.’ Ek mei de senuwen like it wol ta te fallen as ik har sa
hear. Op it lêst wie se wol wat nerveus mar wa soe dat net wêze.
Rigt is telâne kaam yn Zoetermeer! Echt hiel oars as it middelpunt fan
Fryslân. Se hat ruile mei in famke dat gek is op sjongen en dûnsjen en
guon soene har al kenne omdat se wol faker op ‘e tv west hat.
De Fryske taal wie fansels al in grut ferskil, mar dat is noch mar it
begjin. Efter de skermen by in grutte lanlike musical en sels in ferske
skriuwe en sjonge foar ûnder oare Ralf Mackenbach en Sieneke!
It is better om net al tefolle te ferklappen, jo kinne better de ôflevering
sjen. Behalve dat Rigt it echt hiel leuk fûn hat, en it dochs soms ek wol
wat spannend fûn, koe se wol merke dat it foaral belangryk wie dat it goed
op de kamera stean moast. Soms moast wat opnij opnaam wurde wylst it
op de tv liket as giet it allegear fansels. Dan wie it suver aktearen.
Undertusken stie it libben fan it thúsfront ek aardich op ‘e kop. Hjir krige
Rigt dus neat fan mei omdat sy yn Zoetermeer siet. It famke dat normaal
yn Zoetermeer wennet wie no in wykein by Wiebe, Franciske en Marrit. Ek
hjir sieten de kamera’s jin boppe op ‘e noas. De fragen dy ‘t harren steld
binne wiene fan it kaliber ‘dat freegje je dochs net?!’ Sa waard harren fre-
ge as se wat striebalen op de dyk dellizze woene en as der wat kij op de
dyk stean mochten… Sy wiene dan ek bliid dat dy poespas oer wie.
Sneon 16 novimber om 19.25 oere is dit grandioaze tv-debút fan ‘e
famylje Wiersma (ned. 3 –KRO).
Bedankt foar de tee Rigt

Jacoba
Lekker sjonge op 3 novim-
ber
Debat?
Filmkafé Bagdad yn Us Dorpshûs
Swingers blowe op'e boppeseal
Gymnastiek is cool
Berber giet fuort
Ein oan twirljen
Swiertekrêft