Page 11 - havensbank2013_10

Basic HTML Version

Knobbeltocht WWS 2013
Op snein 29 septimber fanôf in kreas meande wâl oan
de passantensteiger oan de noardside fan Wergea,
foeren 14 skippen út. Earst moasten we noch efkes
oan it darten. Der stie in kâlde hurde wyn en op de
trije iepen skippen dy’t meidiene foel dat net ta. We
seagen motorpakken en wanten. Dy koene wol oan op
de reis nei Himpens. Nei in pear brêgen dy ‘t dreech
wiene foar ús troch de hurde wyn en in efterút fan ús
skip dy’t it sa no en dan efkes ôfwitte liet, foeren wy
nei Warten ta.
Der wiene wer in ferskaat oan moaie fragen by. Ek
fragen dy’t net in grutte oanslach diene op de mobiele
internetbundel. It wie sa no en dan in
harsenskrabberij mei olympyske sylkampioenen
wêrfan de letters trochinoar hussele wiene.
Foar de bern wie der ûnderweis in tekening om moai
yn te kleurjen. Ien dielnimmer fan ús skip makke sels
fûleindich de krúswurdpuzzel. Derby moast de leeftiid
ek opjaan wurde. Dat fûn hja wol nuver. Letter die
bliken dat it foar de bern bedoeld wie.
We moasten oanfarre om de brêge fan Warten te
heljen dy’t tusken 12 en 1 oere ticht giet. Doe kaam
krekt in tillefoantsje fan ús froulike dielnimmer dy’t
oan it kreamheinen wie yn’e Jouwer: ik kom der oan,
ik bin yn it Fean. Nei 5 minuten belle sy wer: ik bin by
de Tútsebrêge mei de auto. Earst nei Wergea en doe
brocht troch har heit, wie sy 5 minuten letter by de
jachthaven yn Warten. De foarlampe wie derút fan it
hurde riden, mar it meidwaan oan de tocht wie
wichtiger.
Efkes letter leine wy oan’e Saiter foar sop en
broadsjes. Abe en konsorten hawwe doe noch efkes in
ekstra stikje Alde Feanen meipikt (dan ha je ek wat
mear tiid om te puzzeljen no). Nei in moai spultsje
mei aai en blyndoek slalomje om in stik of wat
pealtjes, fearen wy lâns de Ald Ljouwerter,
Folkertsleat, Oksepoel, Geau en Modderige Bol nei
Grou. Op de Ie noch efkes it gas iepen om de motors
skjin te brânen en de Twa Bruorren foar te bliuwen.
Underweis moasten wy ûnder oare oan de hân fan
plaatsjes plaknammen meitsje. It nivo fan ‘e middeis
rûte wie al wat leger: fragen bygelyks oer sketen en
drollen, je koene der alle kanten mei op. As ferrassing
krigen wy op it einpunt yn Wergea by de haven letters
om in wurd te meitsjen. Yn it sintsje koene we ús
harsens noch efkes wurkje litte. Doe mei it stuoltsje
en in tas mei borrelnútsjes en in bierke nei de
feesttinte. It wie tige spannend. Soene we twadde
wurde of oars mar in leger plakje.
It slagge net. Us troef de Kraamzus hat ús omheech
wrotten nei it earste plak. Mei 9 punten ferskil wie it
dizze kear wol slagge hear. Ferline jier wie it ex aequo
en moasten we derom dobbelje. Doe ha Doeke,
Maaike, Rudi en Tinie wûn. Mar wat ha se in moaie
tocht útsetten. It wie goed te dwaan (ja, dat kinne wy
wol sizze). Dus tige tank foar dizze moaie dei.
En no de útslach:
Oantal boaten:14
Dielnimmers: 75
1.
Reinder de Jong149 p
2.
Abe Kooistra140 p
3.
Feike en Lotty137 p
4.
Wiebe Koopmans136 p
5.
Bert Sinnema135 p
Alle kleurplaten binne mei in priis beleanne:
Rutmer Zwart
Janna Gerritsma
Rixt Roersma
Marieke Gerritsma
Earfolle kleurplaatfermelding:
Jantsje, 60 jier (boat Roncador)
Froukje, 65 jier (boat Burdmantsje)
Diskwalifikaasje kleurplaten/krúswurdpuzzel:
Falske opjefte fan de leeftiid:
Gerda Pol (8 jier!!)
Hendrik Fridsma (9 jier!!)
De bemanning fan de TJ 23:
Reinder en Jannie de Jong, Hendrik en Johanna
Sinnema, Corrie van der Zweep.
Takom’ jier hoopje wy jimme allegearre wer te sjen
en wa wit noch wat mear boaten. De knobbeltocht
fynt dan plak op: snein 21 septimber 2014.
Set it alfêst op jimme kalinder!
Van 8 tot 14 september 2013 gingen in Wergea en
Warstiens, 20 collectanten op pad voor het Prinses
Beatrix Spierfonds.
Het Prinses Beatrix Spierfonds zet zich in voor
mensen met een spierziekte in Nederland.
In Wergea en Warstiens leverde dat € 678,53 op om
spierziekten te kunnen bestrijden.
Alle collectanten en inwoners: bedankt!
6