Page 13 - havensbank2013_10

Basic HTML Version

Sportcolumn
Oortjes en earen
Jo belibje wat as jo in protte sportferhalen hearre en lêze. Jan Mulder hat it by De Wereld Draait Door oer syn 5
grutste ergernissen . Lit ik it hjoed mar ris ha oer 5 keer: Jo kin jo earen en eagen net liuwe as jo soks hearre of lêze.
1. OORTJES. Erwin Koeman is hartstikke lilk op de skiedsrjochters dy`t mear harkje nei alles wat de assistinten en de
fjirde official yn syn earen tetterje as dat er deagewoan syn eigen sin docht en de wedstriid liedt sa`t hy it sjocht en
belibbet. As de fjirde man oan ’e kant raast fan: Pingel... blaast er omraak op syn fluit en jout in strafskop. In
grinsrjochter raast READ: de skiedsrjochter stjoert de spiler út it fjild, mei wylde meneuvels.
Ik sjoch it al foar my. De fjirde official is yn in lollige bui, raast yn it earke fan de skiids: ‘In reade kaar! In reade
kaart!’ De man mei de fluit is ferbjustere der bart ommers neat yn it flild. “Dyn frou ...op de tribune... is tige op`t
skik mei de foarsitter, hja sit al by him op ‘e skoat, hy strykt har troch it hier, se tútsje... De skiids fluitet, stoot de
tribune op. Hy tinkt efkes oan in reaksje à la Badr Hari (as hoe`t dy man ek mar hjitte mei) mar beslút de foarsitter
in reade kaart te jaan want dat wie de opdracht.
2. Ik krige reade earkes by alle ferhalen oer de escapades fan Tiger Woods ,de golfer.
Yn elts lân wêr`t er in wedstriid golfde hie der wol in frommeske wêr`t er in “hole in one” sloeg. Mar: wie het laatst
lacht lacht het best, want syn echte frou, syn ex, hat `m aardich neisjoen: hja easke en krige 81 miljoen.
3. Jo kinne ek reade earen krije fan ergernis, of ûnrjocht, hoe`t je it ek mar neame wolle.
As er 1 hurdfytser 000,1 gram doping brûkt stiet de krante der fol fan, is it grut nijs op it 8-oere journaal.
Mar ha jimme earne lêzen dat der twa moanne lyn by it WK atletiek 7 atleten by de earen pakt binne om`t se stiif
stienen fan wit ik hoefolle dopingprodukten?!
Oer monniken en kappen: Gelijke sporters, gelijke oortjes, soe`k sa sizze.
4. Jo earen flapperje as se jo fertelle, dat Real Madrid wer in nije spiler kocht hat. Nee ik ha it net oer dy man fan 100
miljoen dy`t no in hernia hat mar ik ha it oer de Japanner Takuhiro Nakai. Hy hat folle minder kostte. Hoe kin it ek
oars. It jonkje giet noch nei de basisskoalle en as er net sliepe kin leit er tusken heit en mem yn it bed. Hy is 9 jier.
5. De Ajax-top krige reade earkes fan opwining doe`t de trije mannen mear as in miljoen oan bonussen ferdiele
mocht.
De spilers fan deselde klup ha trouwens sûne earen. Teminsten as we it ha oer de frijgesellen fan de seleksje. Eltse
dei krije sij fan de klup tsjin seizen in waarm miel thús brocht. Alles moat op, se meie neat weismite en ha dan
allegearre presiis de fitaminen en mineralen binne krige dy`t nedich binne om kampioen te wurden.
Ynnovatyf: As se dan op bêd geane moatte se elektroden op de earen en foarholle kleve want sa wurdt de
stressfactor mjitten. Dy triedden gean nei in computer en sa wit de trainer oft de man stressbestendig is om tsjin
bygelyks Feyenoord te spyljen.
No`t einlik myn boek yn de winkel leit hoe ik dy dingen fan Anneke net mear op de holle te dwaan. Goeie sport
tawinske, sawol mei it kuorbaljen, fuotbaljen, tennissen, gymnastyk, it klaverjassen as hokker sport jimme dan ek
mar beöefenje.
Jaap Kooistra
De spilers fan ‘e ienakters binne drok oan it oefenjen om 4 geweldige ienakters op ‘e
planken te bringen yn novimber!
Der binne spilers fan alle ‘pluimage’. Spilers dy ’t al jierren meispylje, spilers dy ’t no de
rezjy dogge en ús nije talinten! Je snappe net wêr ‘t dizze nije talinten al dy tiid sitten ha!
De ienakters binne:
O godskes Geeske !
Yn it hus fan Geeske, wat mear hat fan in utdragerij, wurdt de chaos noch grutter as
skoanmem der yn om begjint te reagjen.
Dus…. Jim heit sûpte…
Examenfeest op skoalle 1998.Ik ha der sin oan. Pietsje hat my opmakke en Hermien
hat myn hier dien. Ik ha nije klean en ik fiel my moai.
En der binne noch twa ienakters dy ’t in ferrassing bliuwe!
Dus kom op freed 22 novimber as op sneon 23 novimber o.s. nei De Bidler! De ienakters
begjinne om 20.00 oere en de kaarten binne € 7,50 it stik.
7