Page 23 - havensbank2013_10

Basic HTML Version

De Kriich Twirljen en Majorettes
Myn mem woe my op jazzballet ha yn Goutum. “Dat is
krekt wat foar it Maritsje”. Allinnich ik hie myn sinnen
set op in oare foarm fan “dûnsjen” te neamen twirlen
yn Wergea. Gelokkich mocht ik op twirlen van myn
mem! Maaaaaaaaar as je op twirljen woene moasten
je ek op majorettes. Ja, de majorettes. Ik leauw grif
dat it in bepaalde útstraling hat foar sa’n drumband
rinne. Ik fûn dat doe echt freeslik ek omdat it moast.
Ik wit dat ik net de iennichste wie dy dat fûn.
Je begongen yn de c-groep en we krigen doe les fan
Regina Feenstra en Petra de Boer.
Dêrnei gong je nei de B-groep en krigen je les van
Tiny Pol.
En as je dan wat âlder waarden en je koene it
“niveau” oan dan gongen je nei de a-groep ek ûnder
beglieding fan Tiny Pol.
Tiny Pol wie de driuwende kreft efter it twirljen. Letter
hat Beitske Zwerver dit stokje oernaam. Tiny makke
en betocht alle routines (koreografieen). As je jong
binne dan tinke je der net by nei. Sa op werom
sjoggend dan bewûnderje en wurdearje ik Tiny har
ivige ynset, discipline en kreativiteit.
We sieten by de Nederlandse Twirl sport bond. Dat
hâldt yn dat wy altiid nei it westen fan it lân bygelyks
Ridderkerk ta moasten om te twirljen. Dat barde sa’n
4/5 kear per jier. Foar guon âldelju wie dit net altiid
leuk. “Wat in ein fuort foar 3 minuten!” Mar goed, elk
wykein op it sportfjild stean fan bygelyks VV Akkrum
der hear je dan neat oer.
As we dan sa’n wedstriiddei hienen dan begon it
keetlellen al yn ‘e auto en fansels de frettery!! Snoep
(makket neat út wat, as der mar wat yn it bekje siet),
chips, koekjes, cola, pakjes drinken ensafuorthinne.
Dat iten gong dan de hiele dei troch. As we oankamen
begon it echte wurk; OMKLAAIEN!
1.
Panty’s oan, foarsichtich! (foar my wiene die
panty’s altiid te “wyt”, ik hie dan brúne earms
en wyte skonken)
2.
Poederje, poedely en smarre mar! Glitters,
eachskaad, rouge, eachpotlead, lippenstift,
camouflage, foundation neam it mar op en dat
smarden we dan op ús holle. Earst waard soks
troch de a-groep dien en letter moast je dat
sels dwaan.
3.
Stiif fan ‘e hierlak! It hier moast sa strak en
glêd sitte dat der hiel wat bussen mei hierlak
trochhinne gongen op sa’n dei.
4.
SMILE! De flier op en swinge. Mar o wee as
der in baton (twirlstok) op de flier foel. Der
krigen je dan strafpunten foar.
5.
De ivige duorjende priis-útrikking. Wy hiene in
dance twirl routine mar dat wie (spitich
genôch) net de iennichste klasse.
6.
Op nei Fryslân, op nei hûs.
Jammer genôch dat it twirljen ophâldt. Ik sjoch der yn
elts gefal mei in protte wille op werom.
“What we call the beginning is often the end and to
make an end is to make a beginning. The end is
where we start from” -
Thomas S. Elliot-
Marit Bamboe
11