Page 5 - havensbank2013_10

Basic HTML Version

Baba goes:
No goeie, minsken fan Wergea!!
Dit jier stiet “het Glazen Huis” fan “Serious Request” yn de stêd fan
Ljouwert. Yn oparbeidzjen mei it Reade Krús, wolle se dit jier jild
ynsammelje om bernestjerte tsjin te gean, wat it gefolch is fan
diaree en útdroegjen. Dit soe anno 2013 ek net mear kinne moatte yn “ús nijmoadrige wrâld” en elts bern wat
der noch oan stjert is 1 tefolle!
Der binne al ferskate aksjes op touw setten yn hiel Nederlân en ek yn Fryslân sjitte der prachtige aksjes út de
grûn! Ek ik, Jeroen ”Baba” Wijnand, wol in stientsje hjir oan bydrage en doch dat tegearre mei de froulju fan
“Friese Rokjes”.*
Wij ferkeapje al sûnt augustus op alderhande eveneminten yn Fryslân it saneamde Frysk Spraakwetter” (fleskes
mei wetter mei in spesjaal etiket) en der binne al in moai protte fleskes oan de man brocht.
Wêr’t we te finen binne, kinne jo sjen op ús Facebookside/ Frysk Spraakwetter. (en efkes “Like” fansels!!)
It soe moai wêze jo earne te treffen, sadat je sa’n hearlik helder fleske Frysk Spraakwetter keapje kinne foar
€2.- it stik. Dit helpt jo fan de toarst ôf en jo stipje it sa wichtige wurk fan it Reade Krús!! Alles wat we ophelje
is fansels meinommen, mar it bedrach wêr ‘t we nei stribje is €10.000. en... we bin al in moai ein op wei!
En spesjaal foar dizze aksje ha ik in ferske skreaun, mei de wol hiel tapaslike titel: “Spraakwetter”
It nûmer is 6 oktober opnaam yn in studio yn Mitselwier en it is fuort grut oanpakt; neist de Babalive-band,
wiene der ferskate koaren mei in tal bekende Friezen, it “Popkoar Wergea” en guon bern fan Bernekoar “Sjong”.
It wie al mei al in prachtige dei mei in hiel protte minsken byelkoar.
Om ‘t de oanwêzigen te fersjen fan in hapke en in drankje wolle we noch efkes Bakker Teije de Boer tank sizze
foar de broadsjes en sûkerbôle én kafee “it Mountsje” út Sumar foar it Bier en frisdrinken. It wie tige yn oarder!
Om ‘t de kantine fan de studio sa ‘n kloft minsken net oan koe, hiene we de beskikking oer de toerbus fan
Freezeforze, dy ‘t him tige goed liende foar dizze kantinefunksje dizze dei. Ek dêrfoar dank!
Der is ek in klip by makke en op dit momint fan skriuwen wurdt dizze bysûndere cd-single perst en giet
ynkoarten yn de ferkeap…en is no al te keap by ús!
Neist “Spraakwetter” ha ik noch in nûmer opnaam en stiet as in soarte fan “bonustrack” op CD-single. It is in
nûmer wat ik skreaun ha foar in famke út Warten, dy ‘t mear yn it Sikehûs is as thús.
De klip dy ‘t opnommen op dizze bjusterbaarlike opnamedei is ek te finen op Youtube, ferskate (social) media
en op in tal websites!
“Spraakwetter” hie har primeur op woansdei 23 oktober, by Omrop Fryslân yn it programma Noardewyn by
Willem “Wâldpyk” de Vries. Tal fan artysten/koarleden dy ‘t ek op de CD steane ha it nûmer “live” mei my spile
yn de ferneamde Noardewyn-studio, wêr ‘t al wrâldferneamde artysten harren keunsten fertoand en hearre
litten ha, sa as lêstlyn “The Dublinners”.
As it “Glazen Huis” yn Ljouwert syn plak fûn hat sille we it opgarre bedrach dêr oanbiede. En we wolle fansels ek
ús nûmer spylje. Der binne kontakten mei de organisaasje fan “Serious Request”, dat it moat slagje!
Ek wurde we sponsere troch in tal bedriuwen om dit projekt slagje te litten, mar der kin fansels mear by.
Wolle jo ek stipje, nim dan efkes kontakt op mei my. it is dochs wichtich om dit goeie doel te steunen. As net?
Ek is it mooglik om de Fryske Spraakwetter–fleskes te bestellen, bygelyks foar in bedriuw as foar dysels..dat kin
per 50 stiks.
No sa, dat wie efkes in berjocht fan my; ik hoopje noch in hiel soart jild op te helje en hoop ek op de steun fan
Wergea!
Hjirby ek wat foto’s (sjoch middenside) fan û.o. ús eigen Wergeaster koaren, die it hartstikke moai dien ha en
dy’t ik ek hiel tankber bin.... in moaie gearwurking tocht ik sa! Ik lit jim witte wat wy yn desimber ophelle ha
foar Serious Request.
De groetnis en ek út namme fan De Friese Rokjes,
Jeroen “Baba” Wijnand
Foar ynfo, stypjen as spraakwetterfleskes, skilje gerust efkes! Til: 06-15399954
*
www.frieserokjes.nl
is een onderdeel van
www.verrassendleuk.nl
. Met de Friese rokjes bezoeken wij Friese
evenementen, markten en festivals en nemen wij deel aan initiatieven die ons aanspreken. Ook zijn wij actief
via met name Facebook. Per verkocht rokje doneren wij € 1,00 aan een gezinshuis waar zes weesmeisjes wonen
in Chitagong (Bangladesh). Dit is een project van stichting Bouwen aan Bangladesh (
www.stichtingbab.nl
). Op
deze manier hopen wij een eerlijke prijs te betalen voor de rokjes, die geproduceerd worden in de Bengaalse
textiel industrie in Azië.
3