Page 1 - havensbank2013_11

Basic HTML Version

Novimber 2013
Wergea, hoe no fierder?
It iepengean fan de Steande Mêstrûte hat Wergea gjin wynaaien lein. Dêr ’t wy
earst bang foar wiene, dat alle boaten om Wergea hinne farre soene, om sad-
waande sa gau as ’t kin yn Grou as Ljouwert te kommen, is net útkaam. De ple-
zierfeart wol Wergea wol oandwaan en dan faak ek noch mei in pear oernachtings.
Dat is te merkbiten oan de somstiden groatfolle passantehaven, de ynstekhaven
by Reinder en Jannie de Jong en út in petearke mei Pieter Postma fan Jachtwerf
Van der Werff. De middenstân en dan mei namme de bakker, supermerk Attent en
de pizzeria profitearje hjir dan ek fan mei. Hat Wergea dan wol wat te bieden oan
al dizze passanten? Fansels; der is noch hieltyd genôch ferdivedaasje en der
bliuwe foldwaande nijsgjirrige saken te sjen, mar it kin yn myn eagen noch better
as de presintaasje fan it doarp ferbettert.
Wis, wol as net mei help fan frijwilligers, mar de reparaasje fan de Kooistrabrêge
lit (te) lang op him wachtsje, de stompkes steane der no wol hiel begrutlik by. De
grutte brêge sjocht der noch hieltyd fertutearze út en fertsjinnet mear dan mei
allinne lapmiddels beweechber hâlden te wurden, mar ek te bliuwen. It reade
plein, mei it te goedkeape reklame-boerd fan de snackmobyl, bliuwt yn dizze
foarm in oanfluiting en moat, miskien nei ít útskriuwen fan in priis foar it bêste
idee, op ‘e nij werynrochte wurde. Twa pannen fan kwizekwânsje oan de Kerk-
buurt, dy ’t wichtich binne foar it oansjen en de leefberens fan it doarp, mar wol
partikulier besit binne, raze om in fervekwaste en it nedige ûnderhâld. Net yn al
dizze saken kin de gemeente wat foar Wergea betsjutte, mar miskien, sadree ’t wy
ûnder gemeente Ljouwert falle, dat der wol mear mooglikheden binne, dy ’t, mei
yn oerlis mei Pleatslik Belang, oangrepen wurde moatte, want wy moatte mei
Wergea al fierder.
En dan de mienskipssin, in wurd dat de lêste tiid sa heech yn it findel stiet en ear-
tiids in wenst yn Wergea wie en noch hieltyd yn Wergea heart te wêzen. No berik-
ke jo hieltyd faker gelûden dat bern, sûnder dat it leauwen in rol spilet, as dat sy
oanwiisd binne op bysûnder ûnderwiis, net mear nei de iepenbiere skoalle de
Twamêster geane, mar mei troch harren âlden earne oars harren heil sykje, om ’t
hja it net iens wurde kinne oer it belied as oare wichtige saken en dêrtroch ûnte-
freden binne. As ik middeis op ‘e fyts werom nei hûs ryd kom ik hieltyd faker jon-
ge fuotballerkes út Wergea tsjin, dy ’t harren keunsten no by in Ljouwerter fuot-
balclub fertoane. Dit barde eartiids inkeld by in inkeling en dan faak ek noch om-
dat dyjinge it heech yn ‘e bol hie en tocht sa wol by Sc Hearrenfean komme te kin-
nen. Fan beide kanten moat men de dialooch oangean, want my moatte mei
Wergea en har ferieningslibben en foarsjennings al fierder. Ek in essinsjele foars-
jenning foar in doarp as Wergea is in folweardige pinautomaat. De Rabobank hat
yn myn eagen te gau it beslút nommen om de pinmooglikheden te wiizgjen en it
moat en mei net sa wêze dat dizze allinne te brûken is wannear ’t de supermerk
iepen is. Want it bart noch faak dat jo jûns as yn it wykein noch efkes pinne moat-
te as jo bygelyks nei De Bidler as sokssawat geane. As dit allinne om feilichheids-
reden bard is, binne der yn Ljouwert wol mear plakken oan te wizen.
Ek moatte wy wiis wêze mei de libbene middenstân dy ’t wy no noch hawwe. Mei it
ferdwinen fan de blommesaak fan Anne en Paula Wobbes moatte wy wach wêze
foar de saken dy ’t wy noch wol hawwe. As jo no yn de op ‘e nij iepene supermerk
fan Suderbuorren komme, wane jo je hast yn Wergea. Wergeasters steane yn dy
winkel meiïnoar te praten en mei in kloft Wergeaster winkelpersoniel.
Us ridder yn Bagdad
Stoarmskea yn it midden
Gruppo Sportivo yn de
Bidler Borrelje mei Betty
Blow that horn, in grut
sukses Jild
by Jilt
Om'e nocht nei Skylge