Page 19 - havensbank2013_11

Basic HTML Version

Beareloop 2013, “Oars as Oars”
Hoe’t we yn 2013 de reade loper mist ha……………..,
Al foar de 8
e
kear gie de reis wer oan op sneon 2
novimber. Yn’t foar bin der in soad trainingsoeren
ferset. Miskien ha jim fernommen as tinke jim dat it
tal leden fan “de sekte” ôfnimt. Dit is net wier, allinne
is de groep faak yn wat lytsere ploechjes oan’t
trainen. Kondysje, faasje, ambysje, blessures en
fansels wurk meitsje dat we wolris yn wikseljende
gearstalling en dei-delen traine. Mar fan de earste
kear ôf is “de Berenloop Terschelling” foar ús ploech
de happening fan’t jier.
Sa ha we dizze simmer en hjerst ek wer folop oeren
makke, Meast mei prachtich waar, de koarte broek
koe oan’t no ta alle kearen oan. Op 21 april begjint de
earste wille, opbliuwe oant de ynskriuwing iepent en
dan rap de formulieren ynfolle. Dan elkoar appe as
maile dat it slagge is. Dêrnei nimt de hype wat ôf. Mar
op it momint dat de measten weromkomme fan
fakânsje klapt de tiidsdruk deryn. Noch mar 13/14
wike en dan sil dy aaklike 21 kilometer yn de fuotten
sitte moatte.
Dat giet de ien in stik makliker ôf as de oar. Fansels
spylje, gewicht, lichemsbou, belestberheid en
trochsettingsfermogen in grutte rol.
We kin gebrûk meitsje fan witikhoefolle apps foar de
rinnerij om de prestaasjes by te hâlden. De ien docht
dit om progresje te sjen, de oar lit de app de
kalorieën telle en set dat jûns om yn chips. Ús
middenstân spilet der noch net hielendal goed op yn.
In OLA-raket nei in lange waarme training is as in
ingeltsje dy’t op de tonge pisset. Takommende
simmer ferwachtsje we dan ek in friezer fol raketten
by de pomp.
Mar alle gekheid op in stokje, it earste wykein fan
novimber stie wer op de aginda. Jaap misse we al as
praktiserend lieder, mar ús aller goeroe Paul hie it sa
ferhipte drok mei de nije praktyk dat Oscar en Henny
ferplicht frijwillig om boadskippen moasten. Mei in
listje fan foargeande jierren kaam dat gelokkich ek
hielendal goed en bin we neat tekoart kaam. Op
freedtejûn skeepten de earsten yn op de Morgana
(www.zeilcharter.nl/morgana) dy’t yn de
Willemshaven yn Harns lei. Skipper Eelke hie dizze
kear it roer yn hannen. Nei in lange jûn en hiel koarte
nacht fan de freedgongers kaam de grutste kloft
rinners sneontemoarn op de boat. In goede hut en
slapie opsykje, dan in bak koffie en de trossen los.
Mei 32 man/frou sterk op nei Skylge. Sa as wenst
hinnereis sile en werom op de moter. It silen is in
moai mar kâld putsje. De waarberjochten wiene net
alte alte mar kamen net út. De oankomst yn de haven
fan West ferrûn foar de wyn en nei in beerenburgje en
brea mei hearring giet elts syn wei. Om 19.30 stiet in
miel koolhydraatryk iten klear en waard der
alderhearlikst iten. Om dy tiid is al bekind dat de
jeugdloop op sneintemoarn en de hiele maraton ôflast
binne y.f.m. de minne waarberjochten. 1 (burd)man
fan de groep is teloarsteld, hy soe de 42 rinne!
Stiekum binne de oare 31 minsken op de boat bliid
dat de hiele maraton net troch giet út soarch om him.
Op dit stuit is noch net bekind wat de organisaasje
beslúte sil oer de heale maraton. Sneintemoarn om 8
oere wurd it beslút echt nommen. Dat betsjut dat we
ús dizze jûn as sportive minsken tariede op de grutte
dei fan moarn. In hiel lyts bytsje drank en betiid op
bêd. Underwylst hat elts syn miening en gûnset it fan
de twitter en oare berjochten oer it al as net
trochgean. Nei in noflike nacht wurdt om 8 oere it
grutte berjocht fan NET trochgean de media
ynslingere. De organisaasje ferwachtet mooglik
stoarm, rare buien en Staatsbosbeheer is bang dat
der beammen op de rinners falle dy’t net mear yn
lykwicht binne troch de stoarm fan earder dy wike (de
beammen dan). Underkuolling (it is gjin
alvestêdetocht!) en te min medyske foarsjenningen
op it eilân mei te min mooglikheid om rinners ôf te
fieren nei de fêste wâl meitsje dat de boargemaster
mei de organisaasje dit beslút nimme moat. Elts
reagearret op syn eigen wize. Der binne al minsken
dy’t roppe om in nije boargemaster. Spitich dat we ús
justerjûn in ”uitgaansverbod” oplein ha. Nei in goed
brochje en wat hin en wer geëamel hearre we dat de
skipper al om 13 oere op Harns oan wol. We kinne
dan by ljocht farre. It sil min waar wurde. Omdat
drave is wêr’t we foar kommen binne en it no moai
waar is giet de groep yn de strakke pakjes en draven.
We krije fan “oma Gre” strenge easken mei: net
ûnder beammen komme, tink om fleanende
dakpannen en byelkoar bliuwe. It waait yndie in
stoarm. De die-hards fan de groep rinne yn in
fleanende tiid wat se fan doel wiene. De oaren rinne
in alternatyve rûte. It is dan om in oere as 11
prachtich waar op Skylge, der hinget in bysûndere
stimming op it eilân. Unbegrip, teloarstelling, lilkens
mar foaral respek. It binne alle gewoane emoasjes
dy’t foarby komme. De WOW’ers meitsje der mar in
feestje fan. In lyts stikje is te sjen op nujij.nl/korte-
impressie-geen -Berenloop. Dan efkes ûnder de brûs
en op nei de Braskoer foar in hearlik kâld pilske. Hy
klapte der lekker yn. Om 13.15 oere farre we werom
nei Harns. It waait dat it rikket en dat is op it Waad
alwer in stik hurder as op it eilân. Hege golven,
wynkrêft 9 en it gat tusken Flylân en Skylge meitsje
dat it gjin donder opsjit. De moter draait op folle
toeren mar de Brandaris bliuwt lang by ús. Foar de
measten is it genietsjen, ien mei waar, wetter en wyn.
Hiene we 4 jier lyn de te tichte mist op de weromreis,
no hâld yn it sicht fan de haven de moter dermei op.
Gelokkich is der in oar sylskip dy’t lânsside komt om
te helpen. Mar der is mear help, we ha in monteur
oan board! Bedankt Coen. Uteinlik hoege we gjin
gebrûk te meitsjen fan de lift lânsside en binne we
hast yn de haven as de v-snaar belies jout…….
It net trochgean is in anti-klimaks, mar wat wie it wer
moai om mei dizze bysûndere en hechte ploech op
stap te gean. It meast ha ik toch genietsje kinnen fan
alle “hearlike opmerkingen” hinne en wer! Dat boeren,
fertsjintwurdigers, posten, soarch-minsken,
kantoarminsken, ûndernimmers, leararen, dokters,
monteurs en noch folle mear elkoar sa fine kinne!
Bedankt! (En Bouke: ik ha dy wol in bytsje mist,
kinne we oar jier wer ôfprate?)
Franciske
10