Page 23 - havensbank2013_11

Basic HTML Version

Utfiering Gymnastykferiening UDI
Al sittend op ‘e tribune, wachtsjend op de útfiering fan ús pleatslike gymnasten, dy ‘t harren keunsten fertoane
wolle foar it grutte publyk, giene myn tinzen in skoftsje werom nei de mids jierren ’70 fan de foarige ieuw.
As mantsje fan in jier 6 – 7 ha ik altyd wol 1 kear in útfiering meimakke as gymnast.
Ik sjoch my dêr noch stean mei myn swarte sportbroekje, wyt ynterlokje, mei it UDI-logo te pronk op myn boarst.
Mei myn atletysk lichem fan doe, wat nei alle gedachten net mear wie as fel, bonken, in hânfol yngewanden en in
pear trieden die de namme spier hiene, mar die namme eins net fertsjinnen en alhiel net te fergelykjen mei de
torso’s fan Epke Zonderland en Yourie Van Gelder, moasten we oer banken en kasten drave, jinsels yn in
yngewikkelde knoop tyskje yn de ringen en noch wichtiger: ek wer út de knoop!
En dan de lange matte, dy ‘t syn namme ear oan die, want it wie in alderferskuorrendst ein, die gânse matte del te
kopketûmeljen. No jaa, kopketûmelje??! Nei alle gedachten sette ik earst 1 as beide wynbrauwen op it
“aardoppervlak” en mei in gejuigje stie ik op myn krún en dan wie it ôfwachtsjen of je de goede kant op falle
soenen. Foelen jo werom as oerside dan gie de proseduere op ‘e nij yn wurking, mar tûmelen je troch, dan leine je
te sykheljen as in fisk op it droege, om ‘t de landing, meastentiids plat op ‘e rêch wie en dan moast dit ritueel
wjerhelle wurde oant de ein fan de lange matte.
Mar hawar, dat wie doe!
No is ‘t 10 novimber 2013 en it plak fan hanneljen: de Ljouwerter Rengershal (de nije sporthal neist it swimbad de
Blauwe Golf)
Wat opfalt is dat der foar in doarp as Wergea, mei konkurrinsje fan gâns oare sporten, in protte praktisearjende
leden binne. No komt net elts út Wergea, mar ek út de omkriten, benamen Suderbuorren.
Wat wy as publyk te sjen krigen wie in ferskaat oan turnkeunsten en dûns én it wie it besjen mear as wurdich.
De spits waard ôfbiten troch de Sh’Bamgroep. in ploech froulju yn leeftyd fan begjin 20 oan ‘t in goede 70 jier. Se
demonstrearren hoe se eltse wike dwaande binne om yn kondysje en foarm te bleauwen.
No moat ik earlik sizze dat ik noch nea fan Sh’Bam heard hie en jo misskien ek net? Ik ha it Wrâld Wide Web efkes
oer west en kaam op de folgjende útlis:
“Je danst op populaire hits die hoog in de hitlijsten staan, klanken die te horen zijn in de meest trendy discotheken
over de hele wereld, de beste classics die middels een remix in een nieuw jasje zijn gestoken en natuurlijk de
meest swingende latin beats. Dit maakt SH'BAM tot een workout die ultrafun en gezellig is.”
We krigen trije nummers te sjen en troch it “up tempo” karakter fan de “populaire hits” kin men fan tinken wol ha
dat de kondysje op peil bliuwt by dizze froulju.
Dernei kaam de jongere jeugd oan bar. Fan Pjutten oant en mei pubbers lieten ús it ferskaat sjen, wat de
Gymnastyk/turnjen allegearre ynhâldt.
Fan lytse piraten dy ‘t al kopketûmeljend troch de seal giene en lytse K3 famkes dy dûnsen dat it klapte.
Dernei koe men der al mear turnjen yn ûntdekke, al wie dat net myn earste gedachte doe ‘t ik 4 blanke “wylden”
fan in Afrikaanske stam it striidperk yn treden seach. Hja kundigen harsels oan en ôf mei in rituele dûns en
tuskentiids seagen we harren krewearjen op de minitramp fan streksprong oant salto.
De famkes fan de keurgroep lieten ús flot eftermekoar harren oefeningen sjen op flier, balke en brêge ûngelyk.
Dizze fammen lieten sjen al aardich yn balâns te wêzen en harren lichem behearskje te kinnen. Tige knap!
Dan in spektakelstik, te witten de Tumblingbaan. Wêr ‘t de lytseren kopketûmelen en folge waarden troch de wat
grutteren, dy ‘t ymponearren mei radslagen, saltos en overslagen en wit ik wat mear!
Jammer dat yn myn tiid der gjin tumblingbaan wie, myn wize fan kopketûmeljen hie dan grif minder sear dien.
Fansels kamen ek de ringen fan boppen, sels mei in gymnast der al yn. In pear meter boppe it maaifjild die hy in
kreaze acrogym oefening.
Ek de rekstok, dy ‘t yn Hollân gâns populairder makke is troch Epke Zonderland, kaam op ‘t aljemint. De
ferneamde sweefelementen wiene der net, mar sa rûn giselje as dizze jongkeardel is ek al in prestaasje op himsels.
Dan koene we noch genietsje fan apen yn de touwen en ek de Smurfen wiene fan de partij.
En doe... waard it tsjuster. Nei in skofke giene de Blacklights oan en kaam der in fernimstich dûnske fan froulju mei
donkere klean, mar mei wite sokken en mofkes oan. Je seagen dus alline de hannen en fuotten en sa út en troch in
fluoresearjend hierelastyk en in swevend gebitsje. In prachtich skouspul!
De show waard ôfsluten mei “The Harlem Shake” troch alle dielnimmers.
Dizze “hype” is al wer op syn retoer en dat kinne we lokkigernôch net sizze fan de Gymnastykferiening UDI.
UDI hat sjen litten dat de Gymnastyk ek anno 2013 noch besteansrjocht hat yn Wergea en omkriten en mei in
protte entûsjasme fan it bestjoer, mar fral de begelieders/sters kinne we misskien yn de takomst in nije Berber v/d
Berg of Epke Zonderland fan UDI yn ‘e mjitte sjen. Mar wat eins noch wichtiger is: de “spielfreude” (om der mar ris
in geef Frysk wurd tusken te goaien) en it yn kondysje kommen én te bleauwen fan de leden is dochs wêr it om
giet.
It krewearjen fan bestjoer, begelieding, âlders en de “ombouwers”,dy ‘t op behindige wize foar in flotte
“changement de decor” soargen, hat perfoarst net om ‘e nocht west!
Ik kin der allegear superlativen tsjinoan goaie, mar it wie gewoan in moaie útfiering en ik ha my net in tel ferfeeld.
Mathijs Mud
11