Page 25 - havensbank2013_11

Basic HTML Version

Noch in stikje Twirl histoarje.………
35 jier twirlen yn Wergea
Wat jimme miskien net witte is dat der nog een hiele
twirl- en majorette histoarje leit foar de jierren dy’t
Marit yn’e foarige Havensbank sa moai beskreaun hat.
It stopjen van dit diel fan De Kriich fertsjinnet dit
weromsjen wol. Jammer dat dizze unike sport no net
mear yn Wergea bestiet. De twirlsters wiene ommers
ek gauris de dûnsers yn’e iepenloftspullen fan
Wergea.
De Pyltsjes en de Poltsjes hawwe fan jongs ôf oan by
de Majorettes, en letter de twirlsters, sitten, les jûn
en diel út makke van it Kriich-bestjoer.
Yn 1972 frege Styntsje Koopman op ‘e legere skoalle
oan har freondinnen as sy ek by de majorettes woene
en sa kaam Ypie derby. Sus Ymkje Koopman wie yn
dy tiid hoofdmajorette. In jier letter kamen ek Gerda
en Sietie der by. Der waard doe noch les jûn yn de
âlde gymseal, wat no Doarpshûs is. Der stie in grutte
waarme kachel yn it midden fan de seal. Letter
oefenen we fansels yn ‘e nije gymseal.
We moasten gauris optrede mei it korps en de
drumband. Bygelyks by ‘t Concours Hippique, de
Wandel-vierdaagse yn Ljouwert, it ynheljen fan de
bejaardereiskes, it Skoalfeest en ek de Sinteklaas-
yntochten net te ferjitten. Wat wie it betiden kâld as
wy yn’e snie Sinteklaas yn Warten ynhelje moasten.
Je koene nei in skofke de baton net iens mear fiele, lit
stean der mei draaie.
Gerda wie jierrenlang de hoofdmajorette, in
earebaantsje, en rûn dan mei optredens op ‘e dyk
foar de majorettes. Ypie wie de “reserve”. Se gongen
tegearre doe ’t se 15/16 jier wiene op kursus nei
Assen om de technyk noch better ûnder de knibbel te
krijen.
Op in stuit fûnen we dat de majorettes ek wol in
fertsjinwurdiging ha mochten yn ’t Kriich-bestjoer.
Dat slagge sa’n bytsje. De 15 jierrige Styntsje en Ypie
mochten meifergaderje mei grutte mannen lykas Cees
Lautenbach, Leendert Hager, Piet de Boer, Ype
Kerkstra, Anne de Haan en Jelmer de Groot. Wy
mochten earst net mei stimme oer belangryke saken,
we wiene allinnich mar “bysitter”. It hat noch hiel wat
jierren duorre foar ‘t wy echt meitelden by De Kriich.
Yn 1978 kaam Joke van der Wier út Akkrum ús
majoretteles jaan. Ek naam se de twirlsport mei nei
Wergea. Joke wie ambitieus, se woe mei de
majorettes nei in heus majorette-concours en dat
slagge, yn 1980 binne we nei Heemskerk west.
Joke hat de twirlsport nei it noarden fan Nederlân
helle. Se hie in twirlteam yn Akkrum, Wergea, Grins,
Emmeloord en letter ek Twirlteam Noord (in
seleksjeteam fan de noardelijke provinsjes). Ek siet se
yn ‘e landelijke twirlbond, it HITA, letter de NTSB, en
wie se jurylid.
En dat mei 3 lytse bern…, dat moast wol hiel drok
west hawwe. Se wie oars altiten rêstich, mar wol
fanatyk en oh sa goed yn it meitsjen fan moaie
routines, want sy en wy letter ek, gongen foar de
prizen!
Joke sei dat twirlen, oerwaaid út Amerika, hiel bot like
op “keunstriden” mar dan sûnder de redens en mei
baton. Kwa ferskate disciplines kinne je ’t dêr ek mei
fergelykje. Je hawwe Freestyle, Dancetwirl, Twirling
(de technyske fariant) en Strutting (de
majorettefariant) en Novelty (mei ferskate attributen
sa as hoepel en bal). Ek kin je meidwaan as solist, as
duo en as team.
Tinie mocht eins earst net op twirlen, want se wie
links dus dat soe neffens mem neat wurde kinne...
Mar se mocht it toch prebearje. It waard har twadde
libben fan har 7
e
tot 30
e
jier.
Sloegen wy thús de planten net fan it kastje yn’e
keamer, dan fleach de baton wol yn’e feart foar hûs,
of op’e auto… Al gau wie Tinie net út ‘e gymseal wei
te slaan. Ekstra meitraine mei de A groep en letter ek
helpe by de C en D groep.
Jierrenlang wiene der fjouwer grutte twirlteams by De
Kriich. Neist it meidwaan yn in team (of 2, 3 of 4
teams) wiene wy ek as solist as duo op de wedstriden
te finen.
Tinie wie 14 as 15 doe’t se les begûn te jaan oan in
team fan wol 15 famkes fan 6 jier. Der wiene sels
wachtlisten yn dy tiid. It les jaan wie har bybaantsje
(se moast eltse moanne mei in briefke met lesoeren
nei Leendert Hager en dan krige se der wat jild foar).
Op sneon wie se de hiele dei oan it trainen mei
twirlteam Noord. Hjir gongen Ypie en Sietie al earder
hinne. Doe ’t jierren letter de twirlteams wat te lyts
waarden binne de twirlsters ut Akkrum en Grins bij de
Kriich kommen.
Nei hiel wat jierren krige it twirlen de oerhân boppe
de majorettes. It hat hiel wat fergaderingen duorre
mar der waard úteinlik besletten dat majorette net
mear ferplicht wie neist it twirlen. De optredens foar
de majorettes wiene aardich werom rûn en it twirlen
is ritmysker mei leuke dûnsmusyk, je moatte linich
wêze, de baton-technyk behearse en de koördinaasje
tusken lichem en baton is ek tige belangryk.
En dan de wedstriden. Omt der yn dy tiid aardich wat
teams yn ’t noarden wiene, hiene wy ek noch wol
gauris wedstriden yn ‘e buurt, bygelyks yn
Surhústerfean of Akkrum. Mar oer ’t algemien
reizgen we it hiele lân troch, Rijssen, Vianen,
Ridderkerk… Us âlders rieden ús fansels oeral hinne,
mar letter hiene we ’t rydbewiis en gongen we sels op
in paad mei ús Fiatsjes.
Tinie wie wat jonger as de oaren út de A-groep dus
harren mem hat har troch hiel Nederlân brocht foar
wedstriden en trainingen. Der is hast gjin sporthal
dy’t wy net sjoen hawwe. Ypie en Sietie harren mem
gong faak mei om trainingen en wedstriiden te
filmjen, unyk foar dy tiid. Dan koene wy sels sjen wat
net goed wie en better moast.
Wy fûlen faak ris yn ‘e prizen, sa ek yn Hillegom. Dan
kochten we lâns de dyk in blommeslinger en dy gong
foar op ‘e auto mei nei hûs.
Ruzies oer de koartste rûte (gjin tom tom, gjin
routeplanner, gewoan in autokaart), hiele gesellige
hotels, hiele fize kampeerbuorkerijen……wy hawwe it
allegeare sjoen.
12