Page 27 - havensbank2013_11

Basic HTML Version

Sietie joech yn dy tiid les oan de majorettes fan
Bumata yn Bûtenpost.Yn de auto brocht wurde nei it
station, dan mei de trein nei Bûtenpost en letter op’e
jûn wer werom. Letter hie se har riidbewiis en waard
it reizgjen wat makliker.
We hiene ’t der mar drok mei, we joegen les, sieten
yn ’t bestjoer en traine traine traine.
We hiene ek twirlkursussen en sa bedarre Sietie op in
stuit in wykein yn Papendal. Ek ha wy in
workshop/training hân fan in Amerikaan, Tinie ferjit
nea wer de skuon dy ‘t hy oan hie, hiele grutte swarte
Nikes……..mar twirlje koe hy as de beste.
Rekke, strekke, balletlessen, spagaten mei boeken
ûnder de fuotten om noch liniger te wurden, it hearde
der allegear by.
Jo begripe it no fêst wol in bytsje, it wie miskien net
echt bekend, mar Wergea twirlde op heech niveau (sa
dat is der út…)
Mem Pol fûn dat de parse wol wat oandacht oan ús
twirlen bestede mocht en sadwaande kaam der op 1
maart 1988 in grut artikel yn de Ljouwerter krante.
“Dit is topsport en it is folle mear as mar wat swaaie
mei in stokje” wie de titel.
Dat jier stie Tinie mei har D-groepke (famkes fan 6
jier ald) op it Ned. Kampioenskip yn de Martinihal yn
Grins en ze waarden der samar 5
e
. De nije blauwe
pakjes (mei in wyt elastykje om ‘e búk fan IJsselstein)
wiene nog regele troch Jelmer de Groot fan it
bestjoer.
It hichtepunt wie it jierlikse Nederlânske
Kampioenskip yn ‘t Hemelvaart-wykein. It begong
met foarrondes en op snein de finale. En jaseker, wy
binne mei De Kriich 2
e
wurden op it NK en mei
Twirlteam Noord Nederlansk Kampioen!
We hawwe ek noch in goai dien nei it Europeesk
niveau mei in Freestyle routine, mar Joke waard siik,
moast stopje en dat wie toch wol in kearpunt. Dat
jier, 1990, slagge ’t ús net in finale plakje foar it NK
te krijen. Nei safolle jier mei elkoar trainen en wille
hawwe wie dit wol wat in sneu ein.
De froulju fan de A-groep hiene hast allegear wurk,
gongen trouwen en krigen bern. Ja, yn dy tiid waard
der nog twirlt oant je bygelyks 26 jier wiene.
De A-groep stoppe yn 1990. Ypie en Tinie bleaune
de oare twirlsters en majorettes les jaan.
Grutte utfieringen, letter sels mei ljochtshows fan
Frans Slaterus. Der wie in útfiering dy’t hast
begjinne moast, mar de foarsitter wie der noch net.
Hy soe dy jûn “ladyspeake” siz mar. Hij siet yn
Limburg……..no dan krij je ‘t aardich benaud mei in
seal fol minsken. Mar gelokkich wie dêr Annemiek
Schuurman om ús út ’e brân te helpen.
Yn 1991, neidat Ypie ek opholden wie, hat Tinie de
boel hielendal oernaam. Se bleau sels ek noch
twirlen en Petra de Boer en Regina Veenstra gongen
de jongste twirlsters les jaan. Petra en Christina de
Boer, Regina Veenstra, Marit Bamboe, Annemarie
Mason, Rimke van Wieren en Marieke vd Ploeg
trainden dan ek noch op sneon foar solo en duo
routines. Heit en mem De Boer wiene faak mei nei
de wedstriden en hawwe hiel wat by-inoar filme. De
dvd’s fan dy jierren binne sa leuk om werom te sjen.
As wy de âlde routines sjogge is it krekt as falt de
tiid fuort, je witte sels de folchoarder faaks noch wol.
Nei it stopjen van Tinie hat Beitske Zwerver it fan
har oernaam. Sy hat ek noch mear as 10 jier les jûn.
1980 Councours Heemskerk
v.l.n.r. achterste rij: Maaike de Jong, Ypie Pijl,
Maaike Hornstra, Aaltje Bergsma, Monique Dekker,
Beitske Zwerver, Anneke de Boer,
Styntsje Koopman, Lutske Bergmsa
midden: Lydia vd Veen, Durkje vd Leij, Sietie Pijl,
Klaaske Zwerver, Tinie Talsma, Jetty Pijl,
Nynke de Haan
foar: Gerda Pol
1982/1983 A-groep De Kriich
v.l.n.r. achter: Styntsje Koopman,
Maaike Hornstra, Aaltje Bergsma, Sietie Pijl,
Anneke de Boer, Ypie Pijl, Klaaske Zwerver
midden: Monique Dekker, Beitske Zwerver,
Gerda Pol
foar: Lutske Bergsma
13