Page 29 - havensbank2013_11

Basic HTML Version

Yn 1991, neidat Ypie ek opholden wie, hat Tinie de boel hielendal oernaam. Se bleau sels ek noch twirlen en Petra
de Boer en Regina Veenstra gongen de jongste twirlsters les jaan. Petra en Christina de Boer, Regina Veenstra,
Marit Bamboe, Annemarie Mason, Rimke van Wieren en Marieke vd Ploeg trainden dan ek noch op sneon foar solo
en duo routines. Heit en mem De Boer wiene faak mei nei de wedstriden en hawwe hiel wat by-inoar filme. De
dvd’s fan dy jierren binne sa leuk om werom te sjen. As wy de âlde routines sjogge is it krekt as falt de tiid fuort,
je witte sels de folchoarder faaks noch wol. Nei it stopjen van Tinie hat Beitske Zwerver it fan har oernaam. Sy hat
ek noch mear as 10 jier les jûn.
Neist de groepen wiene der ek allegeare solisten en duo’s. Jierrenlang hat it oandiel fan de Kriich op de lannelike
wedstriden grut west. Dan stiene je as lyts famke van 9 of 10 jier allinnich foar in grutte jury yn in sporthal mei
tribunes fol minsken en moasten je ek foaral goed laitsje, ek as je der pine búk fan hienen. En fansels in tas fol
twirlpakjes mei want foar eltse routine hiene je wer in oar pakje oan. Op ‘t ein fan ‘e dei krigen je dan in jury-
rapport en waard de dei mei it Wilhelmus ôfsluten. Ek moasten je dan allegearre nog in kear lâns de jury en in
“salut” meitsje. By it twirlen wie it “protocol” oh sa belangryk.
En sa as Marit de hierlak en make-up al neamde, learden je ek it ynflechtsjen fan it hier. Untelbeare kearen ha we
inoar it hier dien. Soms wat te strak, sa dat je jûns in hiele seare holle hiene. En earme Sietie hie gjin lang hier, sy
hie de kop altyd fol mei spjeltsjes. It hier moast wol achteroer…..”protocol”. Sy hat nog ien kear in wedstriid twirlt
mei in echte flecht op’e holle.
Sietie wie ús technyske twirlster. Rolls koe sy as de beste. Dan moatte je de baton oar je earmen en nekke rôlje
litte en derby sels rûntsjes draaie. In protte fan ús wiene ek by ‘t turnen dus it springen, de kracht en linichheid
derfan koene we ek wer by it twirlen brûke. Tinie wie de dûnser en koe hielendal lokkich wurde fan een nij makke
routine of in nije “trick” dy ‘t slagge. It wie de keunst om better te wurden. Fan in 1 turn, nei in 2, 3 en sels 4 turn
(baton yn ‘e loft goaie, rûntsjes draaie en wer fange). Illusions, fishtails, nekrolls, plië, relevé en gean sa mar
troch. Alle nammen wiene yn it Ingelsk of Frânsk.
De muzyk setten wy op cassettebandsjes. Lyste stikjes fan in cd op in bandsje kopieare en dan prebearje it nije
stikje der presys tsjinoan te plakken sûnder dat der in stilte tusken kaam. Simmerfakânsjes wiene der foar om nije
muzyk te sykjen, te knippen en te plakken en routines te betinken. Faaks moasten der wol 6 of 8 nije routines
makke wurde foar it nije seizoen begûn.
Eltse twa jier krigen alle teams wer in nije routine. Skriften fol mei lytse popkes yn allegeare figuren met twirltaal
der tusken. In protte dêrfan is bewarre. Fiif jûnen yn ’e wike traine of lesjaan, al dy routines betinke, wedstriden
(healwei seizen moarns yn’e auto en jûns hiel let wer thús) en utfieringen mei in slotoptreden fan alle groepen mei
inoar, twirlpakjes ontwerpe, en dy sels, of mem, hielendal fersiere mei loverkes, sneons traine yn hiele kâlde
sporthallen… We hawwe doe nea sels betocht dat dit echt wol topsport wie!
Miskien oar een pear jier dochs wer twirlsters of in dûnsfariant by De Kriich ?
Wa sil it sizze. De pakjes en batons earst mar efkes bewarje.
It wurdt yn elts gefal wol tiid foar in reünie!
De Pyltsjes en de Poltsjes
Ypie en Sietie, Gerda en Tinie
1989 A-team De Kriich
Carin v Liere (Zevenhuizen), Sietie Pijl,
Tinie Pol, Arnold v Opstal (Akkrum),
Ypie Pijl (Readtsjerk)
14