Page 3 - havensbank2013_11

Basic HTML Version

Fan de redaksje…….
Yn ferbân mei in nij wurkproses fan de redaksje en digitalisearing feroaret
it tiidstip fan ynleverjen fan de kopij. Oant no ta wie it ynleverjen oant de
moandeis foar de moanlikse redaksjegearkomste. Fanôf de Havensbank
fan jannewaris 2014 ha de skriuwers 2 dagen langer de tiid om de kopij yn
te leverjen oant de woansdei fan de redaksjegearkomst
18.00 oere
!
Kopij wat letter ynkomt rint grutte kâns
net
pleatst
te wurden!
Ha jo belang by it ûntfangen fan de ynlever- en fergaderlist fan de Havensbank?
Stjoer dan efkes in mail nei:
havensbank@gmail.com
.
Minsken dy ‘t noch sitte wachtsjen op de lêste pear jiergongen fan de ynbûne Havensbanken, moatte ta ús
grutte spyt noch efkes wachtsje. Us ynbiner rint spitigernôch wat achter mei de wurksumheden en we witte
noch net rjocht wannear we se by jo besoargje kinne. Hjirfoar ús oprjocht ekskús!
Wat ek net echt giet as it slydjaget is ús, dit jier yntroduseare rubryk: “Út de panne fan” en dizze liket in stille
dea te stjerren. Fandêr noch 1 kear de oprop om jo bysûndere, nostalgyske resepten fan eartiids op te stjoeren
nei
havensbank@gmail.com
.
Fansels efkes in moai ferhaal derby, wêrom dit foar jo sa’n bysûnder herinnering hat. Sa as: beppe makke it
eartiids of it wie earmeljus iten of sokssawat! Lit it ús én ús lêzers witte.
Wis, ek wy thùs dogge hjir oan mei om ’t net alles wat wy keapje wolle by de Attent te heljen is en de priis spilet
hjoed de dei fansels ek in grutte rol, mar as in fraksje fan al dizze minsken út en troch dochs de boadskippen yn
Wergea docht, moat it wol goed komme kinne.
Miskien sjoch ik alles wol te swartgallich en tinke jimme dat ik mei al it boppesteande net blier yn it libben stean,
mar ik woe dit wol efkes kwyt. Miskien moat it wol sa rinne as it rinne moat. Ien ding is wol wis; dat it noch
hieltyd noflik wenjen is yn Wergea.
Jelle Dijkstra
Halbertsma ‘s trije ienakters op 22 en 23 novimber 2013
It is gjin opjefte om jierliks nei de ienakters fan sawol de jongerein as de folwoeksenen ta te gean as te moatten;
as ien stik jo net goed leit, witte jo dat nei in foech heal oere in oar stik oan bar is. Dit ha ik de lêste desennia net
mear meimakke; alle stikken witte jo op ien as oare wize fêst te hâlden. De foarsitter iepent wer op syn eigen
wize sa’n jûn en praat de stikken op in wol hiel persoanlike wize oan elkoar; it jout jo suver in betroud gefoel.
It twadde stik:
Hoefolle tasizzings sitte der yn in flesse drank,
is sa werkenber en komt noch hieltyd foar.
Nynke de Groot en Esther Dijkstra wisten mei harren kroechgongers in ûnderhâldend stik del te setten. Sûnder de
oaren; Marijke Veenstra, Ruurd Sinnema, Klaas Wijbrandi en Berber de Boer te koart te dwaan, want sy
aktearden allegearre geweldich, wol ik dochs Marijke Sinnema der efkes útlichtsje. Sy sette in oansketten, sis mar
dronken frou sa treflik del, dat jo hast leauden dat der echte Bearenburch yn de flesse sitte moast.
It wie efkes skrikken doe ’t de spilers fan it selsskreaune tredde stik:
Oer de grins
it toaniel opkamen. Wat
moast dit wurde?; In spastyske Wietske Velde yn in rolstoel, Piet (Onslow) van der Veen, Baukje van Wieren,
lykas Edith de frou fan Archie Bunker en in omheechfallene dochter, treflik delsetten troch Alie van der Werf. It
like in hiel absurdistysk stik te wurden, mar it wie yn wêzen sa tryst kwa ynhâld dat jo begrutsjen hiene mei alle
fasetten fan dit stik. Wat moatte Bauke van der Veen en Janneke Uitterdijk in wille hân hawwe mei it delsetten
fan dit stik.
It earste stik:
Dus jim heit sûpte
ha ik foar it lêst bewarre om’t dit einliks it lêste stik wêze moatten hie, want
dit wie foar my it hichtepunt fan dizze jûn. Op in reuny fan fjouwer freondinnen wurdt nei safolle jier einliks de
wierheid sein en dat barde yn de lêste sêne op sa ’n oangripende wize dat ik sels mei wiete eagen siet. Chapeau
Tialda de Vries, Aaltsje en Sietske de Boer en Aukje Sinnema, ûnder rezjy fan Bert Sinnema en Hedda Miedema.
Sa ’t jimme lêze kinne gean ik net (al) te djip op de ynhâld fan de stikken sels yn, want dan hiene de
thúsbliuwers der mar wêze moatten. Sneon 23 novimber wie der in moaie opkomst yn De Bidler, mar de freeds
hiene der mear minsken wêze kind.
Toanielferiening Halbertsma fertsjinnet it!!
Jelle Dijkstra
2