Page 7 - havensbank2013_11

Basic HTML Version

Tentoanstelling
Op sneon 5 en snein 6 oktober hat der in ten-
toanstelling yn de Bidler west.
Dat de útstalling wat oars as oars wie dizze kear, hat
de belangstellenden net keard om te kommen. It wie
beide middeis gesellich drok, net dat we oer de
koppen rinne koenen, mar dochs sa, dat de besikers
allegear moai by de groepsfoto’s koene om dêr de
missende nammen by yn te follen.
En dat is foaral in moaie haal foar de Wurkgroep
wurden. Fan hast alle 60 útstalde foto’s hawwe wy
folslein de nammen by de foto’s krigen. Wat ús
oanbelanget in grut sukses. Tige tank foar de ynset
fan al dy minsken, dy’t ús dêr mei holpen ha.
Wy binne no drok dwaande om al dy nammen yn
dokuminten by de foto’s yn de kompjûter te setten. In
hiele put, mar it sjit al moai op.
Op it balkon wie in trochrinnende foarstelling te
besjen fan sa’n 75 foto’s. Dêr ha in bulte minsken
west, mar der wiene ek guon dy’t sa drok mei de
nammen te set wienen, dat se der hast net iens tiid
foar hiene om nei boppen.
Mar no leit der by de wurkgoep noch in fraach:
Der ha yn it ferline in tal ferienings west, wêr’t wy
eins hielendal gjin materiaal fan ha. Materiaal (foto’s,
notuleboeken, affysjes en oare snypsnaren), dêr’t wy
fan tinke dat soks der grif noch wol earne wêze moat.
Wy tinke oan bgl. it toulûken, it teatsen, it damjen, it
skaken, it tafeltennisjen, de sportstichting, ensfh.
Guon binne der noch, mar der binne ek al in
stikmannich opholden te bestean. En grif binne yn dit
rychje ek noch wol guon fergetten.
Wa hat fan dy ferienings noch it ien en oar, wol dat
wol opsykje en oan de Wurkgroep yn behear jaan, of
ús yn elk gefal de gelegenheid jaan om dêr kopyen
fan te meitsjen.
Nim dan graach kontakt op Sjoerd L. Spykstra
(2551769), Jan Swierstra (2552300) of Germ de Boer
(2552354). Alfêst ús hertlike tank.
Ut namme fan de wurkgroep,
Rinze Visser,
Skriuwer
Wergea en Warstiens steunen Diabetes Fonds
met € 713,21!
21 vrijwilligers gingen begin november in Wergea en
Warstiens op pad voor het Diabetes Fonds.
Gezamenlijk haalden zij met de collectebus € 713,21
op. Het opgehaalde geld gaat naar onderzoek om
diabetes beter te behandelen of te voorkomen.
Niemand aan de deur gehad?
Inwoners die geen collectant aan de deur hebben
gehad, kunnen alsnog geld overmaken op giro 5766
t.n.v. het Diabetes Fonds in Amersfoort. Voor meer
informatie: bel 033 – 462 20 55 of kijk op
www.diabetesfonds.nl
.
De Collecte van de Nierstichting 2013
Van Wergea Warstiens Aegum en omstreken heeft
€ 654,97 opgebracht!
De Nierstichting dankt iedereen voor zijn of haar
bijdrage aan de collecte.
Griet Pijl
Na 40 jaar collecteren,en 14 jaar als coördinator van
Wergea e.o. stop ik met coördineren van de
Nierstichting. Ik heb Adrie Mud bereid gevonden om
het over te nemen.
Adrie Mud
Reedmakker 4
9005 RM Wergea
(058) 255 32 75
4