Page 1 - havensbank2013_12

Basic HTML Version

Desimber 2013
It rint wer nei de ein
Yn dizze lêste Havensbank fan dit jier wol ik noch efkes stilstean by wat foar my wol it
hichtepunt fan it jier wie, nammentlik myn meidwaan as ploechlieder fan de fytsploech
Friesland4life, fytse foar Artsen Zonder Grenzen fan Bardonecchia yn Italië nei Valken-
burg. Yn it septimbernûmer hat Emiel hjir al wiidweidich oer skreaun, mar ik wol der
dochs noch wat fan sizze.
Doe’t ik frege waard om as ploechlieder mei te gean en myn ja-wurd joech wie dat net
út ideologyske motiven, mar foaral foar it aventoer. En wat wie it in machtich moaie
wike! Fansels hie elsenien wol fan Artsen Zonder Grenzen heard, mar wat se krekt die-
nen, dêr wiene ik en ek de oare fytsers net sa mei dwaande. De measte fan de 500
dielnimmers, dy dienen foaral mei om te sjen wer harren grinzen leinen en stienen net
bot stil by it wurk wat Artsen Zonder Grenzen die.
Yn dy wike wie der eltse jûn op de ferskate campings in “briefing”oer de “bulten” dy de
fytsers de oare deis beklimme moastten en dêrnei wie der in filmke oer de skitterende
fiergesichten fan dyselde dei dêr’t de fytsers amper each foar hienen, je koenen sjen
dat se op it toskfleis fytsten. De measte fytsers en begelieding sochten dêrnei al rillegau
harren sliepsêk op, der moast de oare deis wer betiid fytst wurde, sadat der net in prot-
te minsken oerbleaunen om nei it lêste filmke te sjen. Wiidweidich waard sjen litten
hokfoar belangryk wurk Artsen Zonder Grenzen docht yn foaral rampgebieten.
Dan binne je wer thús en is it wer “business as usual”. In pear moanne letter falle der
tûzenen deaden op de Filipijnen troch de typhoon Haiyan. Frij gau komme der allerhan-
de helporganisaasjes oan yn it rampgebiet wêrûnder mear as 200 helpferlieners fan
Artsen Zonder Grenzen, mei yn earste ynstânsje mear as 200 ton helpguod om te
soargjen dat de minsken it earste libbensferlet krije. Fuortendaliks waard der in op-
blaasbaar needsikenhûs delsetten yn Tacloban.
Troch de berjochtjouwing yn krante en op tillevyzje oer dizze ramp ha ik faak nochris
neitocht oer ús fytswike en oer de bydrage dy’t wy mei syn allen levere ha oan dizze
organisaasje, sadat se harren wichtige wurk dwaan kinne.
Ik wol dit stikje net al te dreech meitsje, ik hâld it wat “luchtich” en it hat ek net al te-
folle om ‘e hakken. Jan Mulder hat yn DWDD syn top 5 fan syn ergernissen. Hjir binne
in pear fan my fan de lêste moanne. Der wurdt sa mar ieniens sa’n 100 meter nij asfalt
oanlein oan de Ljouwerterdyk. It ferkear waard omlaat fia de Ald Ljouwerterdyk, ien
grutte tizeboel. Ik bin tsjûge west dat 2 frachtweinen elkoar tsjin kamen by de iisbaan,
der lei hast ien op de iisbaan De bermen waarden stikken riden.. Wêrom hat dit wurk sa
lang duorre..? Ik soe sizze, wurkje ek yn it wykein en by nacht, sadat de oerlêst net te
lang duorret.
Jan Mulder soe wol sizze 2. It geëamel oer de help fan Sinterklaas, dy’t wat te lang yn
de sinne lein hat. Wat in ”pietluttich” gelul, ik soe de pietitie op Facebook mar ûnder-
tekenje as ik jim wie.
Hjir is noch in ergernis: Het Woord van het Jaar, dat dan yn de Van Dale telâne
komt. En dat nea wer brûkt wurde sil. Wat in nuvere nammen. No giet it wurd fan
dit jier noch wol: Participatie-samenleving dy’t it nipt wûn fan comakijken en knikke-
bolziekte. Mar dan oare jierren. Yn 2008 wie it wurd: Swaffelen, yn 2007
Bokitoproof. Yn België wie it wurd yn 2011: stoeproken (roken op de stoep voor een
café of restaurant wegens het rookverbod).
Betty serveert net mear
Hetty incasseert wol wer
18 jier? Drink bier!
Bagdad goes funny
Goed nijs út´e Bidler
Lekker puzzelje
Henk´s hichtepunt