Page 13 - havensbank2013_12

Basic HTML Version

SPORTCOLUM
ONE TIER BOARD
Doe`t se in heal jier lyn bij de Sc Heerenveen de kreet/visie/missie... One Tier Board yn de mûle namen tocht ik
earst : dit liket der op. Mar doe’t ik der in nacht oer sliept hie wist ik it al: komt op `e kop ferkeard.
De one tier board sil it Frysk eigene, bygelyks it Frysk folksliet net meinimme yn har beskôgings hoe`t it fjirder
moat mei ús klup.
Wy moatte aanst faaks : De Wild Rover sjonge, of: My Bonny is over the Ocean. De o.t.b sil faaks net begripe wêr’t
wy eltse twa wike oer sjonge.
Want achte lêzers, wat betsjut winliken: o.t.b. ja, sa skriuw ik it mar efkes, want ik kin it statement net mear oer
myn lippen krije, lit stean dat ik it noch skriuwe kin. ONE = één = ien. Bygelyks as ien man efter de klup stean. No
ik leauw dat er 7 o.t.b.-ers binne en 10 stiftingsmantsjes. Sit der eins wol in frommeske by!?
En dy 17 binne hielendal net ien, steane hielendal net mei-inoar efter de Sc. Heerenveen. Steane allinne mar efter
harsels as ...as.. in steltsje narcisten (en ik bedoel net de blommen). Net ien belang mar 17 kear eigenbelang.
TIER bestjut : laag...rang...snelheid. One tier= eendelig, één laag, ien laach. Two Tier - wat se net wolle by
Heerenveen - bestjut : tweedelig, een tweedeling bij het leiding geven. En dat is no krekt wat der bard!
As it net sa tryst wie soenen jo der om laitsje. Want de one tier board is dus minimaal in two tier board en faaks ek
wol een 7 of 17 tier board.
As jo tier net as “ie”(op syn Frysk:tier) útsprekke mar in bytsje oars..(wat sommigen dogge) dan liket it in protte op
...tire = band= bân. No in bân is der net...heechút...in lekke bân!
En ...to tire = vermoeien. Ja , jo wurde deawurch fan dizze pipernúten.
We ha noch ien wurd te gean: Board. Letterlik betsjut it : raad ...sa as: de raad van bestuur. Mar board is ek
bord...sa as in buord foar de kop ha. To board = beschieten.
Ha, ha, dêr komt de aap út de mouwe. Se tinke dat se inoar besjitte moatte. Se kinne der dus neat oan dwaan dat
it sa mâl giet. Dan ha ik hjir foar de mannen noch ien bestjutting van to board: aan boord gaan.
Dat liket my it bêste: gean allegearre op in cruiseskip in reis om `e wrâld meitsjen en lit interim Sporre de boel
ôfmeitsje. Ik neam him in: oan board kaptein.
As jimme dizze column lêze is it faaks allegearre goed beteard, want ik skriuw dizze column yn de earste wike fan
desimber.
Yn elts gefal winskje ik jimme in sûn, lokkich en sportyf 2014.
P.S. Ik jou it kommende jier ynspirearjende lêzings oer myn boek, de opset, hoe’t it ta stân kaam is, de muzyk en
poëzy yn it boek, ensfh. Kom ek graach yn Wergea!
Jappie Kooistra
Open Week “Op ’e Nifelsouder”
In de week van
20 tot en met 24 januari 2014
is er
weer een Open Week van het jeugdwerk.
Dit betekent dat ouders en belangstellenden kunnen komen
kijken of kunnen proberen zelf eens iets te maken.
Ook de kinderen die jonger zijn dan 9 jaar zijn deze week van harte welkom, mits zij in gezelschap zijn van een
volwassene. Het is echter de bedoeling dat men één keer komt kijken in deze week en dat de ouders bij voorkeur
komen op die middag of avond dat hun kind(eren) les heeft (hebben).
Er is knutselen op maandag- en dinsdagmiddag van 15.45 tot 17.15 uur en op maandag-, dinsdag-, woesdag-,
donderdag-, en vrijdagavond van 18.30 tot 20.00 uur. De koffie, thee en limonade staan klaar!
Graag tot ziens!
Het bestuur van jeugdwerk “Op’e Nifelsouder”
7