Page 3 - havensbank2013_12

Basic HTML Version

Oer smoken sprutsen: Koartlyn is der yn Wergea in nije feriening oprjochten, yn België wie der al rillegau ek in
feriening nammentlik mei de moaie namme ‘Association Belge de Vapoteurs’, mar hjir is dus ek ien, de WFFD
(Wergeaster Feriening Fan Dampers) of te wol de ”elektryske manlju”. It docht bliken dat der hjir in protte E-
smokers hûsmanje, it brûken fan de elektronyske sigaret. Ik soe sizze: Wolkom!
As lêste foel my in stikje yn de LC op, ein novimber. Der stie: De oud-en nieuwjaarsfeesten in de gemeente
Kollumerland behouden hun subsidie van 3000 Euro. Al ferskate jierren wurdt der hjir in pracht feest yn de Bidler
(der hinne!) organisearre op 1 jannewaris, sûnder ek mar in lytse bydrage fan de gemeente. Bliid dat wy fan
dizze gemeente ôf binne. Yn jannewaris falle wy dus ûnder de gemeente Ljouwert.
Ljouwert jout elts jier 15.000 Euro oan de doarpen en de ferdieling fan it jild sil regele wurde troch Pleatslik
Belang fia in ferdielsleutel, dêr’t wy ynkoarten ek oer meiprate kinne. Miskien dus ek in lytse dydrage foar 1
jannewaris?
As allerlêste wol ik noch efkes stilstean by it fertriet dat plakfûn hat yn ferskate hûshâldings dit jier troch it
ferstjerren fan in dierbere.
Wy betinke harren mei respekt en winskje de neisten in protte krêft ta foar it kommende jier.
Hjir folgje de nammen:
Siebrigje Annema de Jong
3 febrewaris
78 jier
Uilkje Goïnga-Talsma
23 febrewaris
86 jier
Marcus de Leeuw
13 maart
86 jier
Jelkje van der Heide-Huitema
13 april
82 jier
Cornelia Wilhelmina Meinderts-Goes
8 juny
86 jier
Jochem Douwenga
24 juny
75 jier
Aartjen Brunott-Wagenaar
8 july
89 jier
Jeltje Swierstra-Lok
24 july
69 jier
Geertje Helfrich-Dijkstra
11 augustus
100 jier
André van der Meer
5 oktober
68 jier
Gerritje Mozes-van de Lageweg
19 novimber
75 jier
De redaksje fan de Havensbank winsket elsenien folle “lok en seine”yn it nije jier.
Henk
2