Page 1 - havensbank2014_01

Basic HTML Version

Jannewaris 2014
Nochris puzzelje
Wergea wer live
Is Ljouwert better ?
The Matrix.
Wergea yn 1955.
Nuvere ôfwiking.
Sjong yn it tsjerke.
Wiebe’s bekering
Tusken Idaerderadiel en Ljouwert
Sa sûnder te ferhúzjen wenje jo samar earne oars. Dit barde mei de lêste jierwiksel
fan 2013 op 2014. Sa steane jo manmachtich ôf te tellen op nei 0.00 oere yn Boarn-
sterhim en noch foardat jo de earste nijjierstút jûn ha en in fjoerpylk de loft yn jage
ha, binne je ynwenner fan de Gemeente Ljouwert. Mar, ik ha der eins neat fan merk-
biten. It âld-en nijbarren wie wer as fanâlds. Oerdei noch in hantaast wurkje en efkes
by de Karbidsjitters om ‘e hoeke sjoen. En fansels as tradysje (foar my yn elts gefal)
op ‘e neimiddei nei de kroech foar in âldjiersslokje. Dan gau nei hûs foar it lêste miel
iten fan ‘t jier en oanskowe by de besite. De bern mei in protte wille en drokte rûn de
sjoelbak en de wat ripere minsken yn it “lounge diel” fan de húskeamer, mei oalje-
koeken, tsiis, woarst en oarsoartige snobberijen en kâld drinken ûnder hânberik. En
sa op slach fan tolve oere binne we ferhuze sûnder te ferhuzjen.
Hoe it wurde sil yn de nije Ljouwerter gemeente? De tiid sil it leare. Ik gean fol be-
trouen de takomst yn ‘e mjitte en gean der fanút dat hjir oer 100 jier it ferske: “
O
Wergea Doarp do bist fan my”
noch fol grutskens songen wurde kin. Mar foar itselde
stiet ek yn Wergea:
“Ut is nooit wat weest en ‘t sal nooit wat wurde”
dan heech yn de hitlis-
ten. In nûmer wat yn myn eagen ek wol wat op Boarnsterhim tapast wurde koe. No
wol ik hjir net maklik “score” en al de flaters en mâlfiten fan de Boarnsterhimmer
ried optekenje, mar dochs wol ik hjir noch ien kear Boarnsterhim oereidzje.
De earste Boargemaster fan Boarnsterhim wie Mr. Bernard Holtrop, dizze man siet al
yn ‘t Grouster plúche as boargemaster fan Idaerderadiel, wêr ‘t hy de hammer fan
syn foargonger Kees Vrijling yn 1979 oernommen hat. Syn earste doel as Boarge-
master fan Boarnsterhim wie de 3 amtelike organisaasjes fan Útingeradiel, Raerder-
him en Idaerderadiel, ta 1 soepele bestjoersorganisaasje te meitsjen. Ik tink dat we
wol konkludearje kinne oan ‘t ein fan 2013 dat it foarmjen fan 1 bestjoer wol slagge
is, mar dat we net echt sprekke kinne fan “soepel”! Yn 1992 waard Holtrop opfolge
troch Ype Dijkstra. Hy waard Boargemaster fan it Brabânske Oosterhout. Hjir hat
Holtrop net lang syn fak útoefenje kinnen, want nei in slimme sykte is hy yn maaie
1993 ferstoarn.
Foar Ype Dijkstra wiene kroechrinnend en merkefierend en oarsoartige “notoire
drinkebroeders” en feestfierders út Wergea wol wat benaud. Soe dizze Reade
Boargemaster fan “de Blauwe knoop” it keapjen fan in pilske, slokjes of oare al-
koholhâldende dranken oan bannen lizze wolle en der in fiergeand
“ontmoedigingsbeleid” op los litte? Dizze eangst hat foar neat west want, der is
net feest minder om fierd wurden.
Fierder is der net in soart wat hjir yn Wergea feroare/ferbettere is ûnder syn lieding.
Jelle Dijkstra skreau dat ek al yn de Havensbank doe ‘t Ype Dijkstra Boargemaster
waard yn Zeewolde. Nei in pear moanne mei in “tuskenpaus” (G.J. Polderman) kaam
frou Ella Schadt-de Boer yn april 2005. As ik werom tink oan har perioade, dan komt
my yn ‘t sin dat it “soepele” wat Holtrop foar eagen hie, hjir alhiel net wie. In protte
trelit en ûnienichheid.
Doe ‘t Ton Baas hjir yn 2009 as “waarnimmer” oansteld wie waard frou Schadt ek
wol typearre as “een moordwijf”. Mar net om ‘t men wol in moard foar har oer hie,
mar mear fanwege de “liken” dy út in ferskaat oan kasten kamen en ús streekrjocht
de artikel 12 status ynjage. Niisneamde Ton Baas hat de lêste 4 jier oant púnromjen
west en hat ús op saaklike wize nei de wjeryndieling laat.