Page 13 - havensbank2014_01

Basic HTML Version

Ald learlingen
Doe’t ik de puzzel yn it desimbernûmer op twa nei hie, blêde ik sûnder doel wat yn ‘e Havensbank om. En wêrom
ik doe yniens begong te tellen hoefolle âld learlingen fan my mei in adfertinsje yn ‘e Havensbank stiene: ik wit it
net!
Ik wit wol dat tellen wat is dat by my heart. Ik tel wat ôf sa troch de wike. Ik wit hoefolle dakpannen op it hûs
tsjinoer ús lizze en dochs bin ik se soms wer sûnder erch oan’t tellen.
Mear as ien kear ha ‘k de reade auto’s teld dy’t ik fytsendewei seach. Ik tel ek faak it tal auto’s dy’t foar de ien as
oare ôfslach my foarby fleane. Hoefolle auto’s komme my tsjin of foarby tusken Wergea en Grou, tusken Grou en
Jirnsum? Sels ha ‘k dan in getal yn ‘e holle dat ik tink dat it wurde sil. Ik bin der suver al betoeft yn wurden. In
fremde ôfwiking dus, ik jou it ta.
Yn ‘e adfertinsjes telde ik 13 stiks (sommige nammen stienen der net, mar hiene der stean kinnen). Dirkje is de
iennigste frou tusken de manlju. Sakelju neam ik se mar, ”middenstanders” kin ek.
Der binne by dêr ’t ik nea fan tocht hie, dat se berikke soene wat se no binne. Beareknap! Ik bin suver in bytsje
grutsk op har. Ik hear lykwols te sizzen dat se grutsk wêze kinne op datjinge dat se berikt ha.
Faak mei hast neat begongen en no yn ’t besit fan in moai bedriuw, winkel of saak e.d. Myn bydrage dêrta is
fansels it neamen net wurdich. Se ha in jier by my yn ‘e klas sitten en dat is alles. Guon neame my noch meester,
mar de measten Sybren. Soks is net slim fansels.
De earste dy’t my Sybren neamde wie Wiebe Baarsma, ik fûn dat doe noch raar hearren, mar ien moat de earste
wêze.
Wy as persoaniel fan de J.H.Nieuwoldskoalle waarden by de famyljenamme neamd: Master Van der Vlugt, Master
Dijkstra, Master Hof, juf Meyer, juf Ytsma. Op ‘e beukerskoalle waard trouwens sein: Juf Aafje, Juf Catrien, Juf
Geartsje. Ien dy’t altyd mei har foarnamme neamd waard wie Juffer Sjoerdtsje.
Doe’t Sjoerd de Vries en Manna Rypkema fanút Reduzem (1982) hjir by ús kamen yn de earste duo-baan op ús
skoalle, doe lieten dy har Master Sjoerd en Juf Manna neame. Yn Reduzem wie dat al hiel gewoan.
Ik ha goed 30 jier oan ‘e J.H.Nieuwoldskoalle stien. As je no útgeane fan om en de by 25 learlingen dan ha ‘k dus
sa’n 750 learlingen yn ‘e klas hân.
En no moat ik earlik wêze, as se op in dei ris allegearre oan my foarby marsjearden, dan moast ik grif wol in dikke
hûndert foarby gean litte, wêrfan ik tocht: “Wa is dat yn godsnamme no ek wer?” Of soe ’t wat tafalle?
De earste learlingen dy’t 55 jier lyn by my yn ‘e klasse sieten, binnen AOW-ers.
It binne pakes en beppes foar in part, mar ik bliuw harren foar, want it oerpake-wêzen, dat tiidrek komt foar my
tichteby!
In tal jierren lyn frege myn cardioloog: “Zijn er bij uw oud-leerlingen ook mensen van hoog aanzien?” Dêr koe ik
fuort gjin antwurd op jaan. Wat bin trouwens âld-learlingen fan kwizekwânsje?
Werom nei de 13 adfertearders. Se hawwe út harren sels helle wat se no binne. Ik fyn dat it net slim is dat ik se
hjir mei eare neam: Teye, Simen Pyt, Dirkje, Sjouke, Abe, Jurjen, Tjerk, Pyt, Jan, Wytze, Anne, Jelle en Teun.
Sybren van der Vlugt
De liefde is mooi!
14 februari is het valentijnsdag. Mieke, Erwin, Tini en andere
postbodes zijn dan de cupido's van Wergea en omstreken.
Wil jij iemand de liefde verklaren, een hart onder de riem steken of iemand verrassen met een lieve boodschap?
Dan is dit je kans! Laat het hele dorp weten hoeveel je om iemand geeft!
Wil je dit stiekem doen? Dat kan natuurlijk ook,
dan zorgen wij ervoor dat je boodschap anoniem
geplaatst wordt.
Stuur je boodschap in voor 20 februari en jouw boodschap
staat in de volgende Havensbank.
7