Page 3 - havensbank2014_01

Basic HTML Version

De Puzzel
In grut sukses, de puzzel yn it desimbernûmer. Mear as 40
oplossings binne der opstjoerd.
De priiswinners binne:
1.
Jeannette Bron & André Terpstra
2.
Siemie Wobbes
Yn dizze moaie Havensbank noch mar in kear ek sa'n puzzel.
Jim kinne der gjin prizen mei winne, mar de gearstaller hie der
wol niget oan om noch ris wat te meitsjen. Dus stjoer gjin
oplossings ta!!
Hjirûnder de nije puzzel:
1.
Kledingstuk + gangenstelsel = struik met witte bloemen
2.
Schavot + voornaamwoord = spelletje
3.
Muziekinstrument + sullig = vistuig
1.
4.Lichaamsdeel + fruit = bezit
4.
Afzetting van vaste deeltjes + orgaan = vis
5.
Vrucht + gebrand merkteken = na korte tijd
6.
Geen voorkeur bij intimiteit + Steven Spielberg =
groente
7.
Specerij + geurstof = lekkernij
Yn de Havensbank fan febrewaris komme de antwurden te
stean.
Gean der mar foar sitten!!
Wat it meast yn ‘t each springt as we de jierren fan Boarnsterhim beskôgje, binne de saken dy ‘t net foarmekoar
kommen binne as in protte jild koste ha. Nim no de “Brede Skoalle” as “Fytspaad Warten – Grou vv” yn ‘e mûle en al
it fee yn ‘e greiden fan it eardere Boarnsterhim, hâlde akút op mei wjerkôgjen.
Mar nei jierren fan foeterjen op de gemeente wol ik ôfslute mei in wurd fan dank foar de minsken dy ‘t foar ús yn de
rie sitten ha en harren bêst dien ha om it libben en wolwêzen op in goed peil te krijen en te hâlden.
En wat Ljouwert ús bringe sil, we sille it belibje!
Mathijs
Snypsnaar
Dêr ride je dan mei de kamper troch de buorren
mei as “passagier” Philip Schippers, osteopaat,
fysioterapeut, hjir yn Wergea, dy’t in hin op de
skoat hat!
Taskôgers sjogge nijsgierrich as wy stadichoan
troch de strjitten ride.
As jo mei in passazjier, dy’t in hin op ‘e skoat hat,
rûnride, hat dat dan in terapeutiske wurking op jo
krupsje? Minsken sille wol tocht ha, alwer in nije
wize fan behanneling.
Wat docht bliken? Nei in lytse behanneling waard
my frege as ik helpe woe om in hin, dy’t al in
skoftsje húsmanne yn de tún efter de praktyk, te
fangen en werom te bringen nei de eigener.
It fangen foel net mei en lokkich kaam myn
krewaerjen ek net yn myn “dossier”te stean.
De hin is goed te plak kaam!
Us mem,
Gerritje Mozes-vd Lageweg
,
is ferstoarn op 19 novimber 2013.
Sûnt maaie 1960 ha ús heit en mem op
de Nije Ljouwerterdyk wenne. Hast 42 jier
tegearre en dêrnei ús mem allinich. Goed
53 jier hat se dêr mei folle nocht wenne.
Mei har ferstjerren is dêr no in ein oan
kommen.
Wy wolle eltsenien tige betanke foar it
meilibjen tidens har siikwezen en har
ferstjerren. It hat har en ús tige
goed dien!
Hjirby wolle we ek foar alle
lidmaatskippen betankje.
Piet, Gelbrig, Lutske en Elizabeth Mozes
en famylje
Bedankt!
Lieve mensen,
Ja…. Dan is het opeens zover. Na bijna 40
jaar je afscheidsreceptie. Wat was ik
zenuwachtig….
Maar mensen wat was het een geweldig
afscheid! Met heel mijn familie (pa moest
eens weten dat ze uitsmijters bakten op mijn
feestje) en zoveel mensen die ik jaren mocht
ontvangen in het dorpshuis, geweldig!
Hiermee willen wij jullie allemaal hartelijk
bedanken voor jullie komen en de vele
cadeaus!
Ook het bestuur van ‘Us Doarpshûs’ die alles
hebben geregeld, geweldig!
Douwe en Roelie wij wensen jullie veel
werkplezier in het dorpshuis.
Bedankt!
Betty en Douwe
2