Page 1 - havensbank2014_02

Basic HTML Version

Febrewaris 2014
Halbertsma’s Mutsen
Bouwe Herder Bokaal
foar in “nije” Sven Kra-
mer?
Fanfare goes popkoar
Keatsnijs yn ‘e winter?
Wynmûne yn Wergea?
Wannear moatte we de
kopij ynleverje....?
Toanielferiening “Halbertsma” spilet Mutsen
It toanielstik Mutsen is yn 2008 skreaun troch Christa Warderdam. It is in komeed-
zje en giet oer seis suskes mei elts harren ferline. Skieding, drege bern, karriêres
dy’t misrûn binne en gean sa mar troch, dat binne de ingrediinten fan it stik.
Toanielselskip Tesselschade út Hurdegaryp hat dit stik foar it earst yn it Frysk spile
yn 2010 en dat wie in grut súkses. Anny Feenstra die de bewurking en de bekende
Tryntsje van der Zee hat it eartiids oersetten yn it Frysk. It is dêrnei noch troch
ferskate Fryske selskippen opfierd. Wa kenne se net: Nije Moed út Bûtenpost en
Kliuwend Omheech út Nijbeets.
Mar dan no de titel: Mutsen. Wat is no einliks in “muts”? Yn 2011 waard in boek
útbrocht troch Marianne Zwagerman mei de titel: “Ontsnap uit het mutsenpara-
dijs”. Neffens har binne “mutsen” froulju dy’t mei wite trije fearns leggings op it
skoalleplein oergeunstich stean te wezen. Se binne jaloersk op froulju dy’t it wol
makke ha. No wit ik einliks noch hieltyd net wat in muts is! Dus it wurdboek der
mar by. Der stiet:
1. Hoofddeksel
2. Vagina (volkse naam)
3. Netmaag bij koeien
4. Slimme, mooie vrouw
De earste trije moat wy mar gau ferjitte, it soe in frjemd toanielstik wurde.
Y.f.m de ynleverdatum fan de kopij bin ik nei de generale repetysje west op 19
febrewaris.
Seis suskes, Aleida, Jildou, Regina, Coba, Janke-Alie en Bianca, komme sûnt in mo-
ai skoft in wykein byelkoar yn in húske op in Center Parcs lokaasje. It wurde drege
dagen omdat de suskes einliks seis ferskillende karakters hawwe. Der wurdt om-
raak liicht, âld sear komt nei boppe en ta eintsje beslút wolle ek inkelen sa gau
mooglik nei hûs.
By in komeedzje moat alles út de kast helle wurde om it personaazje goed ta syn
rjocht komme te litten. Dus der moat sa’t it yn de toanielwrâld hjit, “fet” spile
wurde, in bytsje “over de top”. Ik fûn dat dit net hielendal út de ferve kaam, de
ien die dit wol, de oaren wat minder en fansels hie dat ek te krijen mei de rol fan
sommigen yn it stik.
Fierder fûn ik dat yn it begjin fan it twadde part fan it earste bedriuw wêr’t in
“spirituele” Janke-Alie minuten lang in swevend ferhaal ferteld, te lang duorre, it
helle de gong der wol wat út..
Dochs ha ik my tige fermakke, de froulju kinne wol spylje, it binne yn myn eagen
“top of the bill” hjir yn Wergea. It ljocht, mar foaral it lûd wie út de keunst, alles
wie goed fersteanber en de spilers wiene tekstfêst, sadat Baukje, de ynstekster,
neat te dwaan hie. Hessel Boermans, de regisseur, hie it stik gâns ynkoarten, lan-
ger as twa oeren moat in stik ek net duorje. Ek de “mise en scène” wie yn oarder.
It wie frijwat let doe’t ik út de Bidler weirekke, trochdat ik noch in moai skoft
neipraten ha mei ferskate spilers oer it stik. Ik gie mei in goed gefoel nei hûs.
Henk