Page 15 - havensbank2014_02

Basic HTML Version

De vader van ......
ds. Pieter Boomsma
Zondag 16 maart
om
10.00
uur
Gereformeerde kerk te Warten
Ferfolch Jieroersjoch 2013 Werregea Ald – Wergea Nij:
Yn febrewaris soene wy in jûn yn Us Doarpshûs ha mar troch omstannichheden koe dy net trochgean. Wy
sille it earne yn 2014 op ‘e nij besykje.
Us argyf is foar it grutste part rubrisearre en oersichtlik yn kaart brocht. Dit is noch altyd it wurk fan
Johannes Kooistra. Us frijwilliger soarget der benammen yn de winterskoften foar, om hiel krekt en hjir en
dêr mei de nedige oanfollings ek de ynkommende nije ynformaasje yn te bringen om it argyf by de tiid te
hâlden. Hy nimt de wurkgroep sa in hoeke wurk út hannen.
It persoans- en groepsfoto-argyf is yn behear by Wiepkje de Bruin. Sy hat de foto’s digitaal fan de nammen
fersjoen. In hûd fol wurk, dêr ’t no noch ekstra oan arbeide wurde moast nei de útstalling yn oktober.
Alle wurkgroepleden ha in USB-stick, dêr’t de digitale wurkgroepdata elk jier op aktualisearre wurde. Sa
wurde de gegevens ferspraat bewarre en tsjin mooglike kalamiteiten beskerme.
It doarpsfoto-argyf wie ûnderdak yn de argyfkelder yn it gemeentehûs yn Grou. No’t de gemeente
Boarnsterhim ophâlden hat te bestean en ferparte is oer in tal oangrinzjende gemeenten, falt it part dêr’t
Wergea yn leit, yn de gemeente Ljouwert. It doarpsfoto-argyf is no ûnderbrocht yn Histoarysk Sintrum
Ljouwert (HCL).
Wy stiene by de Belêstingtsjinst te boek as ANBI (Algemeen Nut Beogende Instantie), mei it each op legere
suksesjerjochten by mooglike finansjele skinkingen oan de Wurkgroep. De betingsten om oan dit rjocht te
foldwaan binne sa stadichoan sa omfangryk en nimt sa folle tiid, dat wy de belêstingtsjinst witte litten ha, net
mear fan dit rjocht gebrûk meitsje te wollen.
Dit jier hat de Wurkgroep wer ferskate minsken helpe kind mei it finen fan ynformaasje of koe harren yn elts
gefal wize hoe’t se dy ynformaasje fine kinne. Ek hawwe wy minsken dy‘t ús om foto’s frege ha, as dat koe,
holpen.
Finansjeel waard 2013 ôfsletten mei in batich saldo fan € 6978,78.
De giften oan de Wurkgroep bestiene út: in wandboerd, argiven Wergeaster Reed en St.Martinusskoalle,
materiaal V.O.O., foto’s, skoallespullen fan de J.H.Nieuwoldskoalle, de St.Martinusskoalle en beukerskoalle it
Stolpke, boeken fan ds. De Stoppelaar (Wytse Bethlehem)
It stiftingsbestjoer bestie op 31 desimber út: Jan Meinderts (foarsitter), Rinze Visser (skriuwer), Sjoerd L.
Spykstra (ponghâlder), Jan Swierstra, Nerus Goïnga, Germ de Boer en Wiepkje de Bruin – Steenbeek.
Jannewaris 2014, Rinze Visser
Jaarvergadering WWS
12 maart 2014
20.00 uur
Us Doarpshûs
8