Page 8 - havensbank2014_05

Basic HTML Version

Sportcolumn
Performance!
Jimme sille wol tinke, is it Jappie yn ‘e plasse slein…? Performance… wat is dat no wer foar nijmoadrich wurd.
No it sit sa, ik lies earne dat Ajax 14 trainers/dokters/fysio’s ensafuorthinne yn fêste tsjinst hat, by en foar... de
seleksje!
11 Man yn it fild, 14 der omhinne. Sommige begelieders ha de namme fan: Performance dokter ...of performance
fysio... Je laitsje je slop no. Ik sjoch it al foar my. Frank de Boer seit tsjin Cilissen of Danny Blind: do moatst nei de
performance fysio. De keeper freget noch...nei de fysiotherapeut? Nee seit de trainer: nei de performance fysio.
No ha de toanielferienings yn Wergea en Warten al in bulte moaie foarstellings jûn, no ja, dat binne ek performances
soene jo sizze kinne.
De lêste wiken ha we in bulte moaie Championsleague wedstriden sjoen. Ergerlik wiene yn myn eagen de
foarstellings, de shows fan Mourinho en bygelyks dy trainer fan Atletico Madrid oan de sydline. Dat liket mear op in
toanielstik as op funksjoneel coachen. De earmen fleane hast út it skoudergewricht.
Dy droktemakkers moatte de oare deis allegearre nei de masseur om dat skoudergewricht wer op syn plak te krijen.
Louis van Gaal kin der ek wat mei. Yn Ingelân fernuverje se harren no al oer de performance fan him:
“Don’t ask me stupid questions. I will be very angry. Yes...I call that a very stupid question.”
De tabloids wriuwe harren yn ‘e hannen. Mar goed ik ha my fertelle litten dat performance-manegement in continu
proces is fan it folgjen fan de prestaasjes en fysike tastân fan de spilers. Mjitte, mjitte en noch ris mjitte...en dan
ferlieze fan PEC- Zwolle.
De fytsers begjinne wer oan de grutte Rondes. No ha we de Giro yn Itaalje. Ik mei der graach nei sjen. Ha it gefoel
dat se net mear in hiele apteek op de pakjedrager ha en dat de performance dus skjin is. Ik ha in protte respekt foar
de mannen dy’t dagen oanien mear as twa hûndert kilometer fytse.
Yn Itaalje wurdt der wat ferwachte fan ús talint Wilco Kelderman. In columnist skreau yn de krante dat hy de ronde
fan Itaalje moaier fûn as de Tour de France om’t de performance fan de rondemissen folle “better” is.
Thijs Zonneveld skriuwt: “De Franse rondemissen zijn schele bakvissen vergeleken met de Italiaanse.”
No sa ha ik der noch nea nei sjoen.... Meastal as se finishe binne doch ik de TV út. Mar no moat ik mar ris wachtsje
op de huldiging. Yn elts gefal is it sa dat doe`t Anneke frege ...wêr wolst do mei fakânsje hinne, ik andere...Lit ús mar
ris nei Itaalje gean.
Mar dat giet net troch fernaam ik wol want myn frou mei graach oer de hiele wrâld reizgje. Se sette har efter de
computer en wie al gau drok dwaande mei in reis nei Amerika.
No dat hat ien foardiel: Se witte dêr tige goed wat performance betsjut, want se dogge dêr net oars!
Jaap Kooistra
Gastgezinnen gezocht voor kansarme kinderen
Nederlandse kinderen zijn volgens onderzoek de gelukkigste kinderen ter wereld. Niet verwonderlijk: de meeste
kinderen groeien op in een financieel welvarende omgeving, met ouders die hen meer dan voldoende aandacht en
liefde schenken. Helaas zijn er nog heel veel kinderen in de rest van de wereld, maar ook in Nederland voor wie dat
allemaal niet vanzelfsprekend is.
Al meer dan 50 jaar richt Europa Kinderhulp zich op deze categorie kinderen. Iedere zomer brengen ca.1.500
kinderen uit binnen- en buitenland dankzij onze stichting een onvergetelijke vakantie door bij een Nederlands
vakantiegastgezin. Een jaarlijks hoogtepunt in het weinig rooskleurige bestaan van deze kinderen.
Ook dit jaar zijn we in de regio Friesland op zoek naar mensen die graag tweeënhalve week een Frans, Duits, Belgisch
of Nederlands kind bij hen thuis willen laten logeren. Om het kind een fijne vakantie te geven hoeft u beslist geen
buitengewone dingen te ondernemen. Het gaat vooral om rust en regelmaat, om liefde en aandacht.
Denkt u daarom bij het plannen van de komende zomervakantie eens aan de mogelijkheid een kind dat het niet zo
goed heeft als uw eigen kinderen, de vakantie van zijn leven te geven.
Data van de verschillende kinderreizen in Friesland:
Franse kinderen: 5 juli – 25 juli en 19 juli – 7 augustus
Duitse kinderen: 21 juli – 8 augustus, 1 – 18 augustus, 4 – 22 augustus
Belgische kinderen: 14 juli – 1 augustus
Nederlandse kinderen: 21 juli – 8 augustus
Meer informatie op
www.europakinderhulp.nl
of stuur een e-mail naar
friesland@europakinderhulp.nl
. Voor
telefonische informatie kunt contact opnemen met Joke de Vries, 058-2573612 (Stiens) / Gerda v/d Meer,
0518-400968 (Nij Altoenae)
8