Page 11 - havensbank2014_08

Basic HTML Version

Moast dat no myn lêste yndruk fan de Merke wêze? Ik
hie in sifer yn ‘e holle, foar harren krewearjen dizze
dagen. By wize fan skrobbearring luts ik dêr in punt
fan of, dan bleau der altyd noch in 8 oer. In moai sifer
om mei thús te kommen. En takom jier kinne jimme
dat punt werom fertsjinje, op betingst dat…..
Wiebe Sinnema
Ut de tabakstromp
Sa’n tromp neamde men meastal tabaksdoaze.
Njonken my op de kast stiet ien te pronk. Ik wit
ferskate keamers dêr’t ek in tabaksdoaze fan hout te
pronk stiet. Doe en no bin’t ek noch pronkjes.
It hout glimt je temjitte en neffens my is der ek net
ien gelyk. It sil wol faak hanwurk wêze, gjin produkt
út de fabryk. It wie earder fansels in deagewoan
gebrûksfoarwerp. Men hie sa’n tromp nedich om de
rooktabak droech te hâlden.
Dy by ús wie earder fan myn oerpake Jurjen Sakes
Bokma. Deis, hy wie slachter, sille der net in bulte
tabakspipen mei stoppe wêze. Jûns by beppe Aaltsje
oan’e grutte tafel sil hy wol sitten ha te pypkjen.
Oer reek en stank waard net praat, roken hearde der
by. In inkele kear waard in rokende man út’e keamer
ferballe. Sadwaande seagen wy Tjitte Ysselstein jûns
steefest bûtendoar syn pypke roken.
Wat in protte bûtendoar barde, wie it tabaks-
prúmkjen. Mar dat waard ek wol yn’e hûs dien. No grif
net faak mear, want der wurdt hast net mear prúmke.
Antsje har heit, myn skoanheit, dy koe der wat fan.
Benammen as hy it yn’e ûngetiid tige drok hie, dan
stoppe hy in heal pakje Drachster Kei tagelyk yn’e
mûle. Yn dy tiid moast Antsje regelmjittich wer om 4
pakjes nei de winkel.
Wa yn’e hûs prúmke hie in kwispeldoar ( spuwpot )
nedich. Sa no en dan moast men in mûlfol tabaksjarre
kwyt. Derfoar tsjinne de kwispeldoar. It wie in mirakel
hoe tûk de prúmkers wiene, der kaam net in drip op
de flier telâne.
No ek wer steane dy gebrûksfoarwerpen te pronk yn
mennich finsterbank. Gauris moat de eigner dêrfan
útlizze wêrta dy spuipot tsjinne. Ik bin ek wol by
minsken yn’e hûs west, dêr’t in konserveblikje brûkt
waard. In echte kwispeldoar, der binne goedkeape,
mar ek hiele djoere, wie sokke minsken faaks te
djoer.
Bûtendoar koe men mar raak spuie. Foar de
âldemannebanken wiene de strjitten soms brûn fan de
tabaksjarre.
Dy âlde mannen besochten ús as jonges in ôfkôge
prúmke yn’e hân te stopjen. Se lokken ús dan mei:
“Do soest altyd noch in dropke fan my ha”. As wy dan
mei iepen hannen foar harren stiene, stoppen se dêr
sa’n fiis prúmke yn. De prúmkers op sa’n bank koene
je der meastal samar út, want oan beide kanten fan
de mûle rûn in jarregoatsje. De reade bûsdoek
behimmele dy goatsjes foardat men nei hûs gong.
It wie op in sekere dei, Jan Kleinhuis siet poer allinne
ûnder de Luif, doe’t in fytser nêst him delplofte.
“Jo komme hjir net wei”sei Jan. “Nee, ik bin Rinse
Kleinhuis, ik wenje yn Garyp”.
“No dat is ek tafallich, want ik bin ek in Kleinhuis”.
“Miskien”sei de Garypster,”binne wy wol famylje”.
“Ik wol’t net leauwe”sei Jan, “mar it kin wêze dat jo
oerpake en dy fan my yn deselde winkel harren
prúmtabak kochten”.
No bin’k ek hast útkôge, mar dit noch.
Doe’t Freark Postma, grutter prúmker hat der grif nea
west, mei pensioen gong, ( hy wurke by de
Halbertsmafabryk) doe krige hy as ôfskiekado in
kroadefol pakjes prúmtabak. Freark wie der net mei
oan!!
Ik doch no earst de tabaksdoaze mar ticht. De tabak
moat droech bliuwe en jim ha grif ek al tabak fan dit
soart ferhaaltsjes.
Sybren van der Vlugt
COLLECTEWEEK KWF
Onderzoek werkt
. Geef tijdens de collecteweek op
1 t/m 6 september 2014.
In deze week zetten 100.000 vrijwilligers zich in om
zoveel mogelijk geld op te halen voor kanker-
onderzoek want, onderzoek helpt. Elke Euro die onze
collectanten ophalen, draagt bij aan onze missie:
minder kanker, meer genezing en een betere kwaliteit
van leven.
Enkele feiten en cijfers:
- een op de drie mensen krijgt ooit kanker.
- dankzij onderzoek is de 5 jaars overlevingskans
gestegen van 25% in 1949 tot 61% in2011.
- KWF financiert ongeveer 50% van alle
onderzoekprojecten in Nederland.
- Per jaar zijn er circa 400 projecten, waar circa 800
wetenschappers fulltime mee bezig zijn.
- Een onderzoek duurt gemiddeld 4 jaar en kost
gemiddeld 500.000 Euro.
Samen met een miljoen mensen dromen wij van een
wereld waarin kanker niet langer een dodelijke ziekte
is. We doen er alles aan om dit waar te maken.
Wereldwijd werken wetenschappers naar die dag toe
zo snel als zij kunnen, zo snel als wij hen instaat
stellen. Help daarom mee en geef tijdens de
collecteweek.
De collectant van KWF Kankerbestrijding komt in de
week van 1 t/m 6 september bij u aan de deur. Elke
collectant kan zich legitimeren. Wie de collectant mist,
kan op de volgende manier toch een bijdrage leveren.
- Sms 'gift' naar 4333 en investeer eenmalig 2 Euro.
- Doneer online via
Maria de Geest en Gé Strampel
6