Page 33 - havensbank2014_08

Basic HTML Version

Puzzeltocht 21 septimber
Op
snein 21 septimber
sette wy wer in prachtige knobbbeltocht foar jimme út.
Fansels komt der fan alles oan bod lykas kwisfragen en puzzels, mar it moat foar elkenien te dwaan wêze.
Wy wolle graach in noflike dei ha mei hooplik moai waar, efkes byprate en in lekker hapke en borreltsje.
Graach opjaan
foar woansdei 17 septimber
by:
of 058-2553022
Graach wolle wy de namme fan de boat, it oantal opfarrenden en it oantal bern ûnder de tolve jier fan
jimme witte.
Ynliz per boat is € 5,00.
Foar alle dúdlikheid, ek net-leden mei in boat kinne meidwaan.
Graach sjogge wy jimme op snein 21 septimber om 9 oere by de passantesteiger van Reinder en Jannie
de Jong. Der is plak genôch, dus net stinne mar farre.
Oant sjen!
Corrie van der Zweep, Hendrik en Johanna Sinnema, Reinder en Jannie de Jong.
Klupkampioenskip valkjesilen 5 oktober
Snein 5 oktober organisearret de W.W.S. wer de jierlikse ûnderlinge sylwedstriid mei polyvalken.
Dit jier binne we fan plan om te silen op de
Saiter
. Yn de jieren 70/80, it thúswetter fan de WWS. Wat is
hjir in protte Beerenburg de Saiter “yn rekke”.
Ferliene jier dienen trije froulju mei, dit jier rekkenje we op mear!
It programma is as folcht:
Moarns om 8.30 geane we mei de pream nei de Saiter.
Moarns wurde er twa wedstriden syld, tusken de middei in waarme hap en middeis ek noch twa wedstriden.
Hjirnei de priisútrikking mei in gesellige neisit op de pream.
De kosten (boat, iten en drinken) fan dizze dei binne:
Mannen € 25,00
Froulju € 17,50
Opjaan kin bij: Albert Gerritsma,
of 06-51589029.
Jimme kinne je ek allinnich opjaan, wy besykje je dan te keppeljen oan in oare siler.
Bestjoer W.W.S.
13