Page 9 - havensbank2014_08

Basic HTML Version

Matinee prakkesaasjes anno 2014…
De optocht op Merkemoandei luts my oer de streek.
In skoft hie ik der op omstind, mar by eintsjebeslút
soe it dan dochs mar wêze: op nei it Matinee, fan âlds
it hichtepunt en foar de measten tagelyk ek de
útsetter fan Wergeaster Merke. Earst mar net yn dy
drokke tinte, de banken op it poadium bûtendoar
tsjinnen as earste oanlis. Noflik joech ik my del yn it
sintsje, beselskippe troch myn jeugdige omkesizzer
dy’t as altyd fleurich en optein wie en mei hertstocht
fertelde oer de singeliere oanwênsten fan kudu’s,
gnoes en bavianen yn Súd-Afrika.
Aldergelokst sieten der lju om my hinne dy’t noch
âlder wiene as ik, soks jout jo teminsten in bytsje
treast. Dochs wie ik der mei myn tinzen net al
hielendal by. Fan ‘e moarn hie ik de Merkekommisje
rinnen sjoen. Mei in bytsje stúdzje koe ik se alle-
gearre, op in inkeling nei, waans identiteit my yn de
rin fan de dei grif wol dúdlik wurde soe. Se wiene yn
in outfit stutsen wêr’t Stanley en Livingstone jaloersk
op wêze soene, en ik liet yn my omgean hoefolle wurk
dy jongkeardels al net ferset hiene de lêste dagen.
Hoe wie dat sa’n 50 jier ferlyn, doe’t ik ta dit yllústere
selskip roppen waard? Wrotten en wraamden wy ek
sa? Myn tinzen giene in heale ieu tebek….
‘Jan van den Berg hat hjir suver krekt west’, sei ús
mem doe’t ik dy jûns thús kaam fan ’t wurk, as wat
dêr ek mar foar trochgie ‘hy hat boadskip oan dy. Mei
in oere is hy hjir wer’. Ik rydboske oer alle lea. Jan
siet ommers yn de Merkekommisje, soe it dan einliks
safier wêze? Mei tagedienens hie ik se de lêste pear
jier op Merkemoandei oankommen sjoen, efter de
Kriich oan, de slach yn ‘e rêch: 10 man mei in
striehoed op, in blauwe blazer oan en in grize broek,
it reiten stokje nonsjalant yn ‘e hân.
Dêr wie Jan alwer: ‘Wy woene dy freegje foar de
Merkekommisje. Hoe liket dy dat ta? Moarntejûn om
20.00 oere ha wy gearkomste by Hedzer op ‘e
boppeseal.’. Fansels sei ik fuort ja, hjir hie ik ommers
2 jier op wachte.
De oare jûns wie ik ryklik betiid op ’n paad. In snjit
Brylcream yn ’t hier, de kaam der troch hinne en de
ferklaaiersklean oan, it wyt fan it busgroentsje sawat
oan de noastergatten ta. It soe him net oan it uterlik
lizze. De steile kafeetrep waard mei in bjusterbaarlike
linichhheid nommen en dêr stie ik al foar it reade
gerdyn wêrefter myn helden nei alle gedachten al oan
it bier sieten. ‘Kom, dêr wiest al’, sei in net al te
grutte man dy’t oan it ein fan ‘e tafel stie, ‘myn
namme is Titus van der Zweep, se neame my ek wol
de foarsitter. Kom mar fierder, dan sil ik de mannen
efkes oan dy foarstelle’. En sa gongen Titus en ik it
rychje bylâns: Marten de Jonge, Piet Gerbens, Jan van
den Berg, Libbe Mud, Joop Boermans, Willem
Kalsbeek, Bauke Spykstra en Wietse Bethlehem. ‘Der
heart noch ien by’, sei Titus, ‘dat is Hindrik Kooistra.
Hy rydt op it bûtelân en is allinne yn de wykeinen
thús’.
Yn it koart fertelde de foarsitter dat wy yn de Merke
ús paadsje wol goed skjin meitsje moasten.
Dat begûn de sneontejûns yn de feranda fan Lands
Welvaren, wêr’t wy de listen (en it jild) oerlangen oan
de ponghâlder, dit allegear ûnder strang tafersjoch
fan accountant Marten de Jonge. Ek waarden wy yn ‘e
gaten holden troch Ulbe Stienstra dy’t de garderobe
ta syn foldwaan hie, mar ek noch tiid fûn it tempo fan
ús bierdrinken te hifkjen. Hy hat hiel wat loopkes dien
fan de taap nei de feranda.
Moandeis: optocht, stuolledûns foar de bern, balgooie
tidens it Matinee op it fleizige frommis, ‘volks-
vermaken’ en stuolledûns foar de grutten. Dat wie it.
Net in drok programma, lykas no, mar mear hiene wy
no ienris net te bieden.
Frjemd genôch wie myn earste optreden nei bûten ta
as kommisjelid net yn Wergeastermerke, mar op de
brulloft fan Libbe en Truus Mud, yn ‘e simmer fan
1965. Ommers, ik folge Libbe op yn ‘e kommisje en
mocht dêrom op harren brulloft komme. In pear wike
letter wie it Merke, en dan soe ik foar it earst myn
keunsten fertoane oan it minskdom. Piet Gerbens wie
my taskikt as mentor. Hy moast myn gedragings en
konsumpjeferbrûk in bytsje yn de gaten hâlde en sa
no en dan noege hy my sels út ta in koart evaluaasje
petear. ‘Dit like der mar op, yn dyn earste Merke.
Moai sa trochgean’.
It jier dêrop, 1966, waarden wy lykwols frjemd fan de
bok dreamd. Tidens de optocht fernamen wy al in
pear spatten en de bernestuolledûns koe it noch krekt
sa’n bytsje droech hâlde, mar nei de priisútrikking
waarden de himelslûzen earst goed iepen set. As
de fleanende wjerljocht nei Landswelvaren, wêr’t wy
lykwols as fersûpte katten oankamen. De loft stie as
de see yn it súdwesten. Op de boppeseal hiene wy dêr
moai it sicht op, oer de wenten fan de Lytse Buorren
hinne. Mar wat stie ús te dwaan? Earst noch mar
efkes oansjen, tsjin better witten yn. Om tolve oere,
de Midnight Swingers hiene pypskoft, stapte
foarsitter Titus van der Zweep nei de mikrofoan en
dielde de swittende meute mei dat de
‘Volksvermaken’ en stuolledûns fan de wurklist skrast
wiene en dat it Matinee in oere langer duorje soe, yn
oerliz mei Hedzer en syn personiel. Der gie in gejuich
op. Net sa sear om’t de spultsjes net troch giene, mar
mear om’t it Matinee in ekstra ympuls krige. Trije
wike letter wie ’t Skoalfeest. Doe ha wy dy sneonte-
middeis de ‘Volksvermaken’ hâlden. Wy woene wol
graach fan de prizen ôf en dit wie dé gelegenheid.
Sa te hearren wie Rintje Kas úttjirge mei syn band,
minsken gongen de tinte út en de Merke op, de plastic
glêzen waarden op in heap fage, it Matinee 2014 wie
ôfrûn.
Sa, dat siet der op. No mar op hûs oan. Allinne, de
Merkewein hie ik noch net goed besjoen. Dat like der
mar op. In pear citaten út Dik Trom, mei de nedige
selsspot, dêr mocht ik wol oer. Wol stie de wein wat
ferdacht ticht tsjin de tinte oan, as hie der wat te
ferbergjen. Dochs weage ik de stap en mei ynlutsen
liif strúnde ik sa tusken wein en tinte troch. Earst
tocht ik dat it oan de ljochtynfal lei, doe oan myn bril
as oan myn eagen, mar se stiene der echt: opskriften
tsjin it ûnhuerige oan, sûnder irony of humor, earder
plat en ordinêr.
5