Page 1 - havensbank2014_09

Basic HTML Version

September 2014
In earrebarre?
Rock 'n roll yn Wergea
Minne Hoekstradei
Kleurich skoalfeest
SZDRNZLL wer iepen
Sneins nei skoalle?
Skut! In bytsje bûten.
Wat in sportjier!
Skoalfeest 1.1 of 2.0
Iens yn'e twa jier is it skoalfeest yn Wergea, foar de ien is it in grut feest en foar in oar is it in
wike (of mear) fan stress oer de wein en fersiering. "Wêr binne de peallen ek al wer?", "En wêr
binne de lampen?", "Komt de wein wol op tiid klear?". En der binne fansels ek minsken die der
hielendal neat mei ha.
As ik oan minsken ut oare doarpen utlizze moat wat it skoalfeest is, dan bliuw ik fraagtekens yn
hun eagen sjen. Hja fine it mar nuver, "Jim ha dochs al merke han?" en "Wol fersiere mar gjin
Merke?". Mar wat is it skoalfeest no eins? In feest foar de skoalle, bern dus. As ik it program
fan dit skoalfeest fan de Havensbank der by pak dan ha de bern fan 14:00 oant 15:00 spultsjes
rûnom de skoalle. Us Thomas hie der yn't foar gjin sin oan. Mar doe't er thus kaam sei hy: Wy
binne lêste wurden mei us ploech mar it wie machtich moai. En dat jilde foar de measte bern,
net dat se lêste wiene mar dat se in machtige middei han ha. En mei knap waar der by wie it in
slagge dei.
Jûns wurdt der yn it doarp de lêste han lein oan de fersiering en wurdt der noch hurd wurke oan
de weinen. En as it dan donker wurdt rinne der kloften minsken troch it doarp die't de fersiering
bewûnderje. Ek steane der kloften minsken om de weinen en ek die bewûndere wurde. It pro-
gram seit dat sneon om 9:00-9:30 de weinen harren opstelle moatte. Der wiene, ondanks oare
berjochten, dochs noch in groep en in inkeling. Net al te dreech foar de jury, mar moai fan dizze
bern dat se der dochs mar stiene! En dan de weinen, mar 10 weinen of mar leafst 10 weinen. It
wie net de langste optocht mar der wiene wer moaie weinen by. It is eltse kear ek mar wer in
ferassing wat der wer betocht wurdt. In bealch fol wurk ha de buurten der wol fan han, dat mei
dudlik wêze.
Foardat jûns de prizen ferdield wurde is der middeis fanof 13:30-14:00 de puzzeltocht troch
Wergea foar jong en ald. Maklike fragen öfwiksele mei drege fragen, begeliede de minsken
troch Wergea. Hja ha dan mear each foar Wergea as oare dagen. Ek foar de ald Wergeasters is it
in aardigheid om alle feroarings yn Wergea te besjen. Om 19:15 steane de weinen wer opsteld
en wurde de priizen bekind makke. Eins ha alle weinen wol in priis wûn, safolle wurk ha de
buurten der yn stutsen. Mar der wie in jury en yn har eagen wiene dit de priiswinners:
Groepen:
1e prijs; Wergea foar de wyn (Alwin, Eliza en Wieger)
2e prijs: Melk de witte robot (Eagum)
3e prijs: Liefde is. (Lisa en Anouk)
publieksprijs:
Melk de witte robot.
wagens:
1e prijs: Eco-Logoca (Tusken de Tuorren)
2e prijs: Milky Way (Oan't Wetter)
3e prijs: Wergea Kultureel (Lytse Buorren en Op 'e Tun)
publieksprijs: Oankomst 1e Elfstedentocht (Rounom de Kearewear)
Yn't program stiet dan: "20:30 uur, het programma is afgelopen voor wat de schoolfeestcommis-
sie betreft. Maar zoals altijd is er in het hele dorp en daarbuiten tijdens dit schoolfeest nog van
alles te beleven". Buurten sa as de Marren, Domwier en Warstiens ha ek in puzzel makke. En
bygelyks Warstiens lûkt safolle drokte dat ferkearsopstoppingen it oars sa rêstige doarp tergje.