Page 11 - havensbank2014_11

Basic HTML Version

It Halbertsma jongereintoaniel siket DY!
Wa wit hawwe jim ús wol mei trekker en wein troch it
doarp skeuren sjoen in pear wike lyn, mar miskien is
it jim ek wol ûntgongen.
Yn elts gefal, op 10 en 11 april 2015 is it wer tiid foar
it alderleukste jongereinienakterwykein fan Fryslân,
Hollân as miskien wol de hieeeele wrâld! Mar dat kin
fansels net samar, dêr hawwe wy wol jimme help foar
nedich. Dus. Wy as needste bestjoer fan Wergea
binne opsyk nei
DY
!
Nei de krystdagen, âld en nij feestjes, alle ‘folle lok en
seine’ túten en at jim wer wat fan’e colakaters
bekaam binne, begjinne wy nei de krystfakânsje mei
de repetysjes!
Der binne in hiel soad ‘bern fan in oar’ dy’t al ris mei
dien hawwe mei ús ienakters & fan harren ferwachtsje
wy fansels ek wer in opjefte (sa net dan dochs). Mar
wy binne foaral nijsgjirrich nei nije gesichten!
Wy binne der nammentlik wis fan dat der noch in
bulte net ûntdutsen talint yn ús doarp rûn rint!
Dus jongfaam as jongfeint… foldochst do oan
ûndersteand signjalemint??
-
12 o/m 18 jier (yn elts gefal op it fuortset
ûnderwiis)
-
Mei graach syn/har talint sjen litte (as noch
ûntdekke fansels)
Jou dy dan op foar it Halbertsma
jongereintoaniel 2015!!
Stjoer in mailtsje nei
halbertsmajongerein@hotmail.com
mei dêryn:
-
dyn namme
-
dyn leeftiid
-
De
jûnen
wêr ast
WOL
op repeteare kinst
(repetysjes sille wêze fan omtrint 19.00-21.00
oere)
Opjaan kin noch o/m
12 Desimber 2014
Alderleafste groetnis,
It jongerein bestjoer
PS.: Bisto net sa’n poadiumbeest, mar hasto oar talint
en liket it dy wol leuk om achter de skermen mei te
helpen? Bou? Technyk? Smink? Stjoer dan ek rêstich
in mailtsje!
Ta ús sprekt:
Auke van der Zweep…….
It no folgjende senario hat nei alle gedachten nea
pleatsfûn, mar it hie best kinnen. By de Grutte Brêge
steane in pear Wergeasters te praten, se nimme de
dingen fan de dei troch. Fan de Wartenster kant komt
in lúkse wein oanriden en stoppet by de manlju. De
mynhear efter it stjoer draait it rút nei ûnderen en
freget: 'Heren, zou u mij kunnen vertellen waar Auke
van der
Zweep woont'? De brêgebidlers sjogge elkoar ferheard
oan. Dy namme kinne se net. Dan giet ien fan harren,
de snoadste, in ljocht op. 'Mynhear bedoelt lytse
Auke'? 'Juist, juist, kleine Auke, waar kan ik hem
vinden'? Se wize mynhear it paad en efkes letter
slacht hy ôf nei de Leeuwarderweg, op nei Auke van
der Zweep.
Binne jo yn eigen doarp ta grutte hichten stegen at de
measte minsken jo, allinne nei djip neitinken, fan
eigen namme kinne wylst de byname harren foar yn
de mûle leit? Want in skelnamme is it perfoarst net,
lytse Auke. It is in oantsjutting fan de fysike
ôfmjittings fan de persoan en dy binne by Auke no
ienris de behindige kant it neist. Mar ien en oar wurdt
dûbel en dwers kompensearre troch syn nocht oan't
wurk, syn handigheid, syn keapmanskip en....syn
moaie hân fan skutjassen. Want mei tank oan
datselde kaartspul hawwe wy hjir no in besteklik
petear.
Ferline hjerst wie Auke syn broer Dorus, 84 jier, in
pear wike oer út Australië. Om't it wiid ferneamde
'Risico' foar dy freed te jûns in skutjaswedstriid
útskreaun hie, kamen beide mannen nei de kroech.
Auke gie fuort nei it lytse sealtsje wêr't it kaarten
heve soe, Dorus lykwols socht in better plak, hy
joech him del oan de taap. No is it sokke jûnen
wizânsje dat nei ôfrin fan it kaartspyljen noch in
mânske flaubyt yn de foarm fan in gehakbal efteroer
slein wurdt. Jelle Dijkstra, gol en guodlik as altyd,
seach Dorus dêr allinne oan de bar sitten en noege
him út yn it sealtsje te kommen. Dat stie der by. Hy
gie by ús oan tafel sitten en rekke fuort en daliks oan
de praat mei syn tafelgenoaten. Doe frege ik him:
'Hoe lang bliuwe jo hjir noch yn Nederlân'? Hy
andere: 'Noch in pear wike, earst noch in dei as wat
nei ús Titus en dan it fleantúch wer yn. En dat hat dan
de lêste kear west. Dan kom ik hjir net wer'!
Dy útspraak fan Dorus hie ik ûnthâlden, om 't der in
soarte fan mankelikens yn ferskûle siet. Dêrom frege
ik Auke hoe't it oankomt ôfskied te nimmen fan in
broer dy't jo nea wer sjen sille. 'Dat falt net ta, it is
oars as oars. Jo kinne dan net sizze oan't oer 2 jier.
Mar, ús Dorus is in man fan ferrassingen. It kin skoan
wêze dat hy takom jier wer by my foar de doar stiet',
glimket Auke. Is dit no in winsk of praat hy himsels
moed yn? Beide kin fansels.
De húshâlding fan Wijtze en Elisabeth van der Zweep
telde mar leafst 12 bern. Fanút Skearnegoutum en
letter Wytgaard sette de famylje har foar de oarloch
nei wenjen op it boerespultsje oan 'e râne fan de
Grutte Mar, wêr't Jan Bles letter syn bungalow
delsette soe.
6