Page 13 - havensbank2014_11

Basic HTML Version

Wijtze molk 25 kij, mar hold der ek noch in
fêstarbeider op nei. Kobus Sinnema en Catharinus
Boekema ha as sadanich tsjinne, mar ek Auke syn
âldste broer Durk, 93 jier no, die wol gauris in
hantaast mei op de buorkerij. Mar yn 'e ûngetiid wie it
'alle hens aan dek'. Dan moast ek Auke yn 'e skrep.
Allinne..'Ik koe net opsjitte mei master Brada (Auke
wie net de iennichste w.s.) en hy net mei my. Dat hie
fan dy gefolgen dat ik faak neibliuwe moast. Ek yn de
ûngetiderstiid. Dat kaam ús heit op 't lêst de strôte
út. Op in middei, healwei fjouweren, stie hy op it
skoalplein, in heafoarke yn 'e hân wêrmei hy drigend
yn de rjochting fan Brada meneuvele. 'At Auke noch
ienkear neibliuwe moat, dan...'.Brada stie stiif lykas
de frou fan Lot nei de ferneatiging fan Sodom, mar hy
helle my dochs út de klasse en ik mocht mei heit nei
hûs, yn 't hea. Nei dy loop hoechde ik nea wer nei te
bliuwen. Brada hie grut ûntsach foar dy heafoarke
krige. Myn skoalmaten, Folkert Boermans en Sikke
Sinnema, wiene mar wakker jaloersk. Se stiene noch
mei gâns 'pillen' op it boerd en seagen foarearst it
deiljocht net wer'.
Ein fjirtiger, begjin fyftiger jierren kriget de
húshâlding yn koarte tiid 2 drege klappen te
ferduorjen. Cor en Age, twa bruorren fan Auke,
ferstjerre. 'Cor is stoarn oan in hertstilstân en
Age....... hy fytste mei in freon fan de Ambachtskoalle
op 'e Skrâns yn Ljouwert. Se wiene optein, se hiene
goeie sifers helle. Dan reitsje se mei de stjoeren yn
elkoar. Syn maat falt op it trottoir, Age op 'e ryddyk.
En dan is dêr dy grutte frachtwein.....'.
Auke is gjin learder, mar handich is hy nammenste
mear. Yn 1947 giet hy dan ek fan skoalle. Auke bliid,
Brada bliid. It drigemint mei de heafoarke wie
sadwaande foar 'het hoofd der school' net aktueel
mear.
'Ik ha hiel wat baantsjes hân', laket Auke 'by Pieter
Talsma, in soan fan Wijtze Talsma, bin ik begûn. Doe,
nei 5 jier, bruts myn Ljouwerter perioade oan.
Stijnvoort, Phoenix fytsen en garaazje Mink. Dêrnei
gie ik nei it grutte wurk, it blikfabriek. Dêr fertsjinne
ik mar leafst 25 gûne yn 'e wike. Mar Wijtze Talsma
socht ek in feint. Fan 1962 oan't 1967 ha ik by him
wurke, ik wie wer yn Wergea werom. Dêrnei ha ik
noch 2 jier by Jehannes Zwart op de leanlist stien en
1 jier by Jan Slot. Yn 1970 bin ik nei de Frico gien en
ik sil nea myn earste leanpûdsje ferjitte: 400 gûne
mear as at ik tocht hie. It fielde krekt as koe ik hiel
Wergea keapje'. Mar Auke sette him ek yn foar de
mienskip: rom 20 jier hat hy by de frijwillige
brânwacht west as sjauffeur en brânspuiter, oant
1960 ta.
Yn 1960 troude Auke mei syn Jettie en se krigen 5
bern, 4 dochters en in soan. Yn 2007 ferstoar syn frou
alhiel ûnferwacht, in hiele slach foar Auke en de bern.
Mar hy gie net efter de geraniums sitten te
stoareagjen mar joech him der by. Hjir en dêr ris in
bûtenboard motor yn de ferkeap, de hier ophelje fan
syn húske yn de Kearewear, in putsje by soan Wijtze
wêr't hy tige grutsk op is en gean sa mar troch. En
foar syn ûntspanning komme wy dochs wer by
datselde skutjassen út.
Hy mei himsels wrâldkampioen neame yn
dizze spulsoart, tegearre mei Frans Veenstra. Op 24
jannewaris 2015 moatte se harren titel ferdigenje yn
de kantine fan V.V Warga. It sil ús nij dwaan.
Krapoan 80 jier is Auke no. Mar yn stiltme hopet hy
minstens like âld te wurden as syn mem. Dan hat hy
noch 18 jier te gean. En dat gunne wy him fan herte.
Wiebe Sinnema
21vrijwilligers gingen in de laatste week van oktober
in Wergea en Warstiens op pad voor het Diabetes
Fonds. Gezamenlijk haalden zij met de collectebus
€ 679,78 op. Het opgehaalde geld gaat naar
onderzoek om diabetes beter te behandelen of te
voorkomen.
‘Bedankt,Wergea en Warstiens! Wij zijn erg blij met
de bijdrage van de collectanten, de gevers en
iedereen die zich heeft ingezet’, zegt Hanneke
Dessing, directeur van het Diabetes Fonds. ‘Met dit
geld betalen we nieuw onderzoek naar diabetes en
geven we uitleg over de ziekte.’
Niemand aan de deur gehad?
Inwoners van Wergea en Warstiens die geen
collectant aan de deur hebben gehad, kunnen alsnog
geld overmaken op IBAN NL58 INGB 0000 0057 66
t.n.v. het Diabetes Fonds in Amersfoort. Voor meer
informatie: bel 033 – 462 20 55 of kijk op
www.diabetesfonds.nl
.
Halbertsma Wergea spilet 13 & 14 febrewaris 2015
It siet yn ’e loft
In fertaling fan it bekende stik “Boeing Boeing”, in
klucht dy’t rûnom yn ’e wrâld mei grut sukses opfierd
is.
Foarferkeap,
3 febrewaris
yn Us Doarpshûs te
Wergea.
7