Page 9 - havensbank2014_11

Basic HTML Version

2
e
Wergeaster Korenfestival, De Bidler Wergea
Under de âlderwetsk gesellige neisit waarden de ferskillende ûnderdielen fan de middei noch even trochpraten
en ferrassend genôch bestiet der dan faak dochs wol in mienskiplik byld oer it programma.
In aardich spultsje wie noch om te ûntdekken of je tusken it publyk ek persoanen seagen dy’t je net direkt yn
ferbân bringe koenen mei ien fan de optredende artysten, mar dat foel net ta. It makke net út: de Bidler wie
grôtfol.
Ut Reduzum kaam Leave 17 (diskear tolve froulju sterk) en it wurd dat jo as earste yn’t sin sjit is
‘entûsjasme’. It publyk rekke dan ek hielendal út de skroeven. Mar, sa as resint ûndersyk oantoand hat,
bestiet der in soarte fan boppegrins foar motivaasje: by in te grutte motivaasje rint it resultaat wer achterút.
Dat wie hjir it gefal. Mar de froulju sieten der net mei en songen moaie nûmers as Ilse de Lange har Next To
Me (‘ship on the ocean’) hiele stikken off-key. ‘Fuck it’, seachst se tinken ‘wy ha wille’.
Freezing (free sing?) belûkt syn leden út hiel Fryslân mar fan de acht leden komme der seker trije út Wergea.
Ik hie de man mei it artistike sjaaltsje as de lieder ynskatten mar nei ôfrin hearde ik dat se it frij demokratysk
oanpakke. It wie ferskuorrend goed. De nûmerkeuze, de arranzjeminten, de útfiering, alles. Wie it by
Accidentally in Love (Counting Crows) dat ik flink pikefel krige as earder al? Gjin inkeld misserke? By Bublé's
Everything wiene se tidens de modulaasje even it paad bjuster mar foar de rest? Super!
Wat fariaasje oanbelanget past it Wergeaster koar Ynspiraasje goed yn sa’n middei, just omdat se it meast
‘klassike’ koar foarmje: what you see is what you get. Hichtepunt foar my wie de prachtige hymne Nearer, My
God, to Thee. Catrien wie sa ûnder de yndruk fan al it Hollânsktalige geweld dizze middei, dat se fan de
weromstuit har oankundigings ek yn it Hollânsk die.
Popkoor Wergea (‘in wurknamme’ sei lieder Reinout) is wat presintaasje oangiet in stik foarútgongen. It
optreden by de Omrop, weryn it like as se krekt ien op it hôf brocht hiene, hie neffens ien fan de leden, dêr’t
ik mei oan de bar hong, in terapeutyske wurking hân. Ek muzikaal binne se foarútgongen, bygelyks yn Royals
fan Lorde, mar persoanlik fyn ik al dy oeh’s en aah’s in wat maklike oplossing en nei in skoftke net hielendal
befredigjend. De beide lieders fan dit koar, Reinout en Sander, ha ek dizze hiele middei op poaten setten en
se moatte dat seker takom jier wer dwaan!
Jan Tijsma
Jeugdsoos SZDRNZLL
De earste edysje fan it Halloween wie in grut súkses. Fanôf 1900 oere stie de basisskoalle jeugd hielendal
los te gean yn ús moaie jeugdsoos. Eltsenien wie prachtich ferklaaid, kompliminten!
Dêrnei de âldere jongerein, ek no wie de soos wer fol. Hartstikke leuk om te sjen dat net allinne de
jongerein fanút Wergea ús soos wit te finen, mar dat ek de jongerein út Wytgaard,
Wurdum, Reduzum, Warten en oare doarpen ús soos massaal besykje!
’t Wykein dêrop stie de bân Franco from Scotland yn SZDRNZLL. Ek dit wie in tige slagge en gesellige jûn.
Sneon 22 novimber hiene wy in Hollânske jûn mei sjonger Ray. Op 'e nij wer in folle soos, fantastysk dat
jimme allegearre kommen bliuwe! Mei troch dat elkenien ús soos sa faak besykjen komt, kinne wy as
bestjoer wer investeren yn nije dingen. Sa hawwe wy koartlyn twa nije steantafels en in nije kuolkast
oanskaffe kinnen.
What’s next???
Yn desimber binne wy fansels mei Kryst iepen. It krekte programma kinne jimme tsjin dy tiid fine op
facebook of op ús site! Fansels is der ek wer it wolbekinde Krystgala, dit sil dit jier wer op Krystjûn weze.
Dan noch efkes dit.. Ek wy moatte ús oan de wet hâlde, dêrom is it rookhok wer yn eare hersteld. Graach
dêr smoke yn plak fan yn de seal!
Laterrrrrrr,
It bestjoer!
Ps.: alle foto’s fan de themafeesten kinsto fine fia
www.szdrnzll.nl
5