De Havensbank: Mei 2016 - page 5

Listrinnen 2016
Goeiedei Wergea!
Mei de moanne juny begjinne de (merkbare)
tariedings foar merke 2016 wer!
Merkekommisje Wergea giet dan wer by de doarren
lâns om jild op te heljen foar it bekostigjen fan alles
wat der rûnom en op it merketerrein te rêden is, lykas
de kermis, de (wetter)spultsjes, grutte buurten race
(GBR) en mear!
Mochten jo ús en dêrmei it doarpsfeest stipje wolle,
hâld der dan rekken mei dat jo by ús net pinne kinne.
It is dus yn algehiel doarpsbelang dat jo wat
kontanten êfter de hân hâlde!
Beneid nei alles wat der bart yn de oanrin ta de
merke? Hâld dan ús facebookside yn de gaten. Ek ús
site wurdt ynkoarten yn in nij jaske stutsen!
Tankewol foar jo belangstelling,
Merkekommisje Wergea
F:
S:
Wy binne der hast klear foar....
De première fan it iepenloftspul "De Suvering" op 15 juny komt al gau neieroan.
Dat wurdt aanst prachtich lokaasjeteater op ‘e âlde wettersuvering fan ‘e Frico. It terrein fan de suvering
wurdt omtovere ta in sfearfolle entûraazje foar ús produksje “De Suvering" basearre op de Amearikaanske
filmkomeedzje "O Brother, Where Art Thou" fan Ethan en Joel Coen.
De spilers ûnder rezjy fan Theo Smedes, de Iepenloftband ûnder lieding fan Gerrit Hager, de bouwers, de
naaiploech, de PR-ploech en alle oare meiwurkers, yn totaal san achtennjoggentich manlju/froulju, sette de
kommende wiken de puntsjes op de "i" en dan geane wy los!
Jo binne fansels fan herte wolkom op 15, 17, 18, 22, 24 en 25 juny om dit allegear te belibjen!
Kaartferkeap
De foarferkeap is op 31 maaie fan 18.30 oant 19.30 oere yn Us Doarpshûs.
Fanôf 1 juny begjint de kaartferkeap fia de website en reservearje kin dan ek elke jûn tillefoanysk tusken
19.00 en 20.00 oere op tillefoannûmer 058-2551202.
In kaartsje kostet €13,-, mar foar wa dat graach wol: in VIP-kaartsje is ek mooglik.
Om al fêst yn ‘e stimming te kommen, sjoch op ús nije webside
foar in ympresje, nijtsjes
en aktuele
ynformaasje.
Graach oant sjen!
Kommisje Iepenloftspul Wergea
Gezellige muzikale
zomermiddag
Trije Hûs Terras aan het water
Big Band Two Towers Collective
Zang: Christina de Boer en Jetze Koster
Zondag 3 juli 2016
Aanvang: 14.30 uur
Vanaf 12.00 uur is er deze middag om het
half uur een afvaart vanuit Grou naar Trije
Hûs.
Oant sjen!
3
1,2,3,4 6,7,8,9,10,11,12,13,14,15,...32
Powered by FlippingBook