De Havensbank: Febrewaris 2017 - page 9

SZDRNZLL
It wykein fan 17, 18 en 19 febrewaris wie ús jierlikse Caribbean wykein!
Ha jo dizze dagen jeugd yn ‘e koarte broek sjoen, dan is de kans grut dat
se underweis wiene nei de soos! Mei de kachel op 30 graden en de soos
fult mei 7 kub goudgiel sân fan Bouwshop Wergea, wie it krekt in koarte
simmerfakânsje! En der stie wer hiel wat op de planning.
Freed:
Dit jier hat it wolbekende ‘Jeu de Soos’ syn primeur belibbe op freed yn plak fan de snein! Bliuwt leuk!
Sneon:
Dizze jûn bleau tactvol intact mei alderearst ‘Kindercaribbean’ foar de basisskoalle groep 5 o/m 8. Dêrnei
wiene wy om healwei 10en iepen foar de ‘âldere jeugd’ en stie der in DJ yn de foarm fan Eric Ferwerda foar jim klear.
Hy hie ek noch in mystery guest meinommen. Nice!
Snein:
Op dizze jûn hie it duo Poortinga-Jonhstone de koarte broek oan foar in lekker jûntsje Rock en Blues!!
It wie in topwykein!
What’s next?
18 maart:
Carnaval! Sykje jimme moaiste ferklaaiersklean byelkoar en kom gesellich polonaise rinnen yn ‘e soos mei
DJ Olaf!
1 april:
St. Patricksday! St. Patricksday is in nasjonale feestdei fan Ierlân en let op: alles is dan yn de kleur grien.
Deze jûn wurdt opfult mei de band ‘Alice Springs’!
Dan noch in wichtich berjocht:
Nei Herman Brood, Vangrail, Stageline en the Weekend Warriors yn de Bilder is it wer heech tiid foar in
nij feest! Noteer alfêst yn de aginda, 11 Novimber 2017:
Après-Ski XXL!!
Jodeldelapimpel!! De earste artysten
binne al bekend! Kom pak dyn lasso mar, want nimmen minder dan de Dikdakkers sille de Bidler op syn kop sette!
Hâld foar de folsleine line-up ús FB side en de havensbank de kommende tiid yn de gaten!
See you!
It szdrnzll bestjoer
5
1,2,3,4,5,6,7,8 10,11,12,13,14,15,16,17,18-19,20-21,...38
Powered by FlippingBook