De Havensbank: Septimber 2017 - page 23

Vanaf het moment dat de dagopvang “de
Ûntfang” niet meer in het dorpshuis was kwam
ook het inloop spreekuur van de meitinker te
vervallen.
Met ingang van 1 oktober 2017 zal de meitinker
aan het begin van de middag aanwezig zijn bij de
activiteiten van “de soos en meer”.
Mocht u vragen hebben met betrekking tot het
sociaal domein ( jeugd, wmo, participatie,
financiën, zorg en welzijn, enz) dan kunt u altijd
even binnen lopen.
Soms heeft de meitinker direct een antwoord
paraat maar het kan ook zijn dat er een
keukentafel gesprek nodig is. Dan zal er een
afspraak met u gemaakt worden.
Wanneer u niet in de gelegenheid bent om naar
het dorpshuis te komen kunt altijd bellen naar
het algemeen nummer van het dorpenteam :
0566625151
Namens het dorpenteam,
Ria Hobert
Meitinker
Ynstjoerd
Samar in ferhaaltsje
Nei oanlieding fan de aksje "de beste
oranjekoekebakkers" kaam my wat yn it sin.
Eartiids besoargen de bakkers de oranjekoeken
yn houten kistjes. Dy kisten hienen nûmers. Us
heit wie bakker en ik ha noch sa'n kistje, nûmer
6.
Dêr woe ik wat mei dwaan. Teije de Boer hat my
op wei holpen wêr’t ik myn ferhaal fertelle koe en
troch myn ferhaal, wat sy prachtich fûnen by de
Ljouwerter krante, 'want sy wisten hjir neat fan'
krige ik in plakje yn 'e publyksjuery. 30
ferskillende oranjekoeken opmakke mei lekkere
krêm, dit wie foar my in geweldige jûn. Ik stie
wer efkes by ús heit yn 'e bakkerij.
Jelly Kuipers-Helder
Natoernijs
Sneon 9 augustus hawwe wy nei Earnewâld west,
it waar wie wat balstjurrich, dan wer de sinne en
dan wer in bui. Mar mei sok waar ha je prachtige
loften en nei in bêste bui, dy’t wy yn in hut
ôfwachte ha, ha ik noch nea sa’n moaie wrâld
sjoen. Wy sieten yn de hut mei it sicht oer in poel
mei yn ’t midden in eilantsje. Oan de kanten
begroeiïng fan it Hertshoorn, ljochtgrien fan kleur
en tsjin it donker fan de beammen in prachtich
plaatsje. Doe’t de bui oer wie en it opljochte,
wisten we net wat we seagen. De sinne kipe om
de reinbôge en dat joech sa’n moai ljocht tsjin de
wâl dat we der stil fan wiene. Oer it fjild mei reiden
wer’t oan eltse reidplûm wetterdrippen hongen
krigen wy it gefoel dat we yn mearkelân rûnen,
wylst de sinne der oer skynde. It hiele fjild ljochte
op. Sa ticht by hûs en dan sa’n moaie wrâld, al hiel
fergees.
Nei dit barren binne wy wer fierder rûn yn ’e hope
noch wat fûgels te spotten. Dat slagge want krekt
efkes fierder seagen wy yn ‘e loft ek noch wat
aardichs,
de
see-earn
(zeearend),
de noardske falk [slechtvalk], in leppelbek
[lepelaar] dy hat yn de Jan Durks polder bret en
mei resultaat. Op nei de hut seagen wy op it reid
de hynstebiter sitten, dy hat in brune kop en in
blau ûnderein, it is ien fan de lêste libellen dy’t je
no noch fleanen sjogge. Dizze bisten lizze harren
aaien op de ielstikels [krabescheer]. Yn’t reid
hearden wy de burdmantsjes [baardmannetje],
dat lûd is krekt in beltsje.
Yn de hut sieten in man as fjouwer mei grutte
kikers foar it boarst deastil oer it wetter te
stoarjen.Wêr sitte dizze minsken dochs op te
wachtsjen? No dat koe wêze foar it iisfûgeltsje of
de grutte klikstirns [reuzenstern]
hûndert om ien dat se him sjogge. It is no noch
net sa kâld mar ik ha dêr yn ’e winter ek in middei
sitten no dan ha je it nei ien, twa oeren wol hân.
De oare deis der wer hinne en doe ha ik him op de
foto krigen, prachtich moai. It is mar krekt as dizze
fûgels harren sjen litte op it momint datsto der
sitst.
14
1...,13,14,15,16,17,18,19,20,21,22 24,25,26,27,28,29,30,31,32,33,...36
Powered by FlippingBook